Der kaam froeger, yn 'e oarloch, soms in meager en wat suterich mantsje op it Fean te skoaien. Wy, as ûndogenske jonges, koenen him wol en songen wolris in deuntsje dat klonk sa: 'Eerde Hut (of Hurd), Hut, Hut. Eerde Tuf, Tuf, Tuf.' As hy ús dan hearde, kaam hy soms in bytsje drigend op ús ta, mar dan fleagen wy gau fuort fansels. Ik tink trouwens net dat hy ús kwea dwaan soe. Hy hie syn fêste lopen, en gie fan doarp nei doarp. Hy kaam út Harkema, earne fan de Bulten en hy wenne yn in âld hok net fier fan de pleats fan Abe Nauta ôf. Midden yn 'e simmer wie hy noch oant nijjier roppen. Hy stapte troch it libben en wie sa fluch as in hazze. Dêrom neamden se him ek wol 'Eerde Hurd'. Ien fertelde my dat oaren him de mollefeltsjes joegen om't de plysje him net berinne koe. Der bin in protte ferhaaltsjes oer dizze man dy't faak pleage wurde troch lyts en
grut. Mar hy koe it sels ek wol in bytsje.
Sa fertelde in oaren ien my dat Eerde nei de oarloch wolris wurke yn 'e Ham, oan de Lytsewei by in kweker, wêr't wol mear minsken wurken dy't muoite hienen gewoan wurk te finen. Dat wie op in soarte krûdetún wat in moaie wurkgelegenheid wie foar sokke minsken. Eerde fungeare as kofjesetter fan de ploech. Hy wurde ek wolris pleage troch syn maten dêre. Mar op in kear seinen dizze maten: 'Eerde, moast ris hearre. Wy ha beslúten om dy net wer te pleagjen. Wy wolle ús libben ferbetterje. It is út! It is dien!' Eerde seach harren oan, tocht eefkes, glimke, en sei: 'Dêr bin ik hiel bliid om, mannen. En dan wol ik ek wat foar jimme dwaan. Ik beloof dat ik fan no ôf oan net wer yn jimme kofje pisje sil!'
De mannen sil mekoar wol ferheard oan sjoen ha. Miende hy dat echt? Die hy dat? Mar sy sil ek wol troch hân ha dat it mar in grapke wie fan Eerde. Mar it wie wol goed tûk fan him! Dêr hienen se net fan werom!
Lêstendeis krige ik in moai ferhaaltsje tastjoerd wêr't Eerde syn namme ek yn neamd wurde. Dit ferhaaltsje komt fan Gaats, ek in âld Feanster. Eerde kaam ek wol gauris op 't Fean te skoaien. Dat sil wol foar of yn de oarloch west ha, tink ik. Hy kaam ek altyd by Albert en Klaske Wouda, de âlden fan Gaats. Klaske hie in meilydsum hert en hie altyd wat lytsjild klear lizzen foar minsken lyk as Eerde. Gaats fertelde dat sy en har suster elke Moandeitemoarn wat sinten, botsens en stuorkes klear lizze moasten foar minsken dy't lâns kamen te biddeljen.
Op in kear brocht Hinke , in suster fan Gaats, har achter-nichtsje Jeltsje Jansma út de Koaten in eintsje werom op 'e fyts. De famkes rieden tegearre oan Klaas Land ta, op 'e hoeke fan de betonwei yn Harkema. It nichtsje ried dan fierder nei har hûs yn 'e Koaten, en Hinke gie werom nei't Fean. Doe barde it ris dat der wat bongels út Harkema Hinke pleagen en har hieltyd fêstholden by har pakjedrager. En mar pleagje fansels! Sy koe mar net fuort komme. It gûlen stie har nijer as it laitsjen. Ynienen hearden se immen razen: 'Jonges, ophâlde, pleagje dat famke net. Har mem jout my altyd wat sinten en in stikje spek as ik dêr oan 'e doar kom! Lit dat famke ride!'
Dy man wie Eerde van der Tuin: de man dy't wy útskolden! De man dy't ek minsken yn need holp!
Oer Klaske ha ik al faker skreaun yn ROOTS [Sjoch nr. 150 en 151] en dêrom no net wer oer dizze goede frou dy't sa graach oare minsken helpe woe. Yn 'e bibel stiet: '...want har wurken folgje harren nei.' Dat kin wy ek sizze fan Klaske. Hjoed-de-dei wurdt der noch goed oer en fan har sprutsen.
Eerde (1892-1962) wie in soan fan Kornelis Taekes Alma (1847-1933) en Hinke Eerdes van der Tuin (1855-1917). Eerde krige dus syn mem har famyljenamme. Dat barde froeger wol mear. Eerde wie net allinne: der wienen folle mear bern yn dy húshâlding dy't wenne hat yn in earmoedige klinte op 'e Hamsterheide. It foel net mei om yn sokke minne tiden bern te fuorjen en grut te bringen.
Eerde syn mem wie in dochter fan Eerde Gerkes van der Tuin (1808-1871) en Grytsje Hindriks Leenburg (1815-1886). Kornelis Alma wie in soan fan Taeke Alberts Alma (1807-1868) en Wipkje Fokkes Veenstra (1813-1885). Dat wie it foar dizze kear.
Jelle yn Kanada