OP ZOEK NAAR ROOTS - 153


De krisis jierren fan flak foar de oarloch fan 40-45 kin ik allinne mar fan ferhalen en fan boeken. Ik wie der wol, mar ha der eins gjin weet fan. Ik wie noch te jong. Wat ik wol wit is dat it in minne tiid wie. Striemin! Myn heit hat wol altyd wurk hân op 't molkfabryk fan Eastermar en letter op 't Fean, mar it wie gjin fetpot by ús thús. Heit fertsjinne sawat om-ende-by 11-12 gûne yn 'e wike en moast dêr wol 50 oeren foar wurkje. Dochs bin we der trochhinne kaam. In grutte tún holp ek omraak. Wy ha in protte rouwe woartels en rapen op iten. It smakke goed en wy wienen net dik en glânzich, mar wol taai en sûn.

Ik ha mei Tineke Boltsjes praat okkerdeis en dêr hearde ik itselde ferhaal fan. Dêr wie it yn dy jierren ek net rom yn 'e hûs.

Nei de krisis kaam de oarloch en dat wie ek gjin maklike tiid. Sy fertelde dat se molke hellen by in pear boeren, lyk as wy ek al. En har heit fuorre ek in baarch yn in hok achter it hûs, krekt lyk as wy ek. [sjoch ROOTS-21]. Ik wit net wa as harren 'kwos' lyts makke hat, mar sa krige dy húshâlding ek wat fleis yn 'e panne. Elk skarrele sa troch de tiid.

Boltsjes sels kaam út Kollum en dêr bin ek alle bern op 'e wrâld kaam. De mem kaam út Boerum. Boltsjes hat timmerman west yn Kollum, letter hat hy in pear jier wurk hân yn Grins, en de húshâlding kaam yn 38 op it Fean te wenjen. Dêr begûn Botsjes wat foar himsels te timmerjen, mar dat foel net mei yn dy minne tiid, en foaral net doe't de oarloch begûn. Hy hat wol klompen makke en ek houten servet-ringen. Miskien bin der noch wol wat fan dy dingen by guon minsken. Boltsjes wurde letter oannimmer, foaral nei de oarloch. Hy hat in protte wenten boud op 't Fean en ek wol yn Boelensloane en Marum. Ús buorman Ridzerd Elzinga wie opperman by Boltsjes.

As ik oan Boltsjes tink, komt Melis my it dúdlikst foar de geest. Ik sjoch him yn myn tinzen noch sitten op it stiennen stek foar it hûs, tsjinoer Tuinstra en Hindrik van Kammen. Melis die net folle en koe it wierskynlik ek net, mar hie fakentiids wol in wurdsje klear foar elkenien dy't dêr lâns rún of fytste.

Gerrit Boltsjes (1891-1975) wie berne yn Kollum as soan fan Melis Boltsjes (1863-1919) en Aaltje van Lune (1868-1956). Dat wie in dochter fan Gerben van Lune (1827-1882) en Jacobje Dijkstra (1833-1878).

Gerrit en syn frou Hiltsje Faber krigen fiif bern: Melis (1914-1966), Grietje (1918-1993), Aaltsje (1922-1942), Harm (1926-1999) en Tineke (1931-). Aaltsje wurke foar Kok, de winkelman op 't Fean. Sy krige t.b. en is mar 20 jier âld wurden. Sy ferstoar yn 1942. Harm hat yn Yndië sitten en wie troud mei Baukje van der Heide út Boelensloane. Sy is in dochter fan Hindrik Geerts van der Heide (1895-1973) en Anna Freerks Oldenburger (1899-1997).

Grietje Boltsjes hat ek in swiere sile lûke moatten. Sy wie al widdo doe't se noch mar 36 jier âld wie en efter bleau mei 4 lytse bern. Har man Jakkele Kramer is mar 37 jier âld wurden en ferstoar yn 1954.

Tineke troude mei Harke Nieuwhof út Marum en dy wenje no yn de Fûgeltsjes buert op 't Fean.

Tineke har mem wie dus Hiltje Faber (1888-1975). Sy wie berne yn Boerum en wie in dochter fan Harm Faber (1849-1910) en Grietje Kornelis Kooi (1851-1931). Fierder ha ik gjin gegevens oer dy famylje Faber.

Dit noch eefkes oer Tineke. Sy hat der foar soarge dat ik no it moaie boek ha oer it 100-jierrich bestean fan de Kristlike skoalle fan Surhústerfean. Ik ha mei niget it boek troch blêddere en ha al hiel wat stikjes lêzen. It foel my op dat myn klasse net ien kear op de foto stiet. Dat kaam troch de oarloch, tink ik. It minskdom hie wol oare dingen oan de holle as kiekjes meitsje. Fierder seach ik in protte bekende kopkes. En de foto op side 9 is fansels kostlik. Ik ha yn alle trije lokalen sitten. Ek it Fryske boek 'De Oarreheite Pet' herinnerje ik my goed. En ek psalm 79:4! It is in knap boek wurden!!

Jelle yn Kanada