OP ZOEK NAAR ROOTS - 154


Omtrint alle wiken komme der twa âld-Feansters yn Leens by elkoar op besite en dan giet it praat yn 'e regel oer it Fean en Feansters. Gjin wûnder. Dêr bin se beide opgroeid en dêr ha se ek op skoalle gien. En no foaral no't se beide it jubileumboek fan de Kristlike skoalle ha is't al hielendal klear! No wurdt der noch mear praat! Ik kin se hast sizzen hearre: 'Kinst dy noch wol? En dy?' Se trouden beide mei Grinslanners en wenje beide al jierren yn Leens. As se sa by elkoar binne prate se Frysk al dogge se fierders gewoan mei de Grunnigers mei. Dy twa dames binne Martsje Elzinga en Jikke van der Veer. Martsje ha ik al ris neamd yn ROOTS. [sjoch ROOTS-45 en 90] Sy wie de âldste fan Ridzerd en Anna Elzinga. Jikke is troud mei Louwe Musschenga en Martsje mei Lammert Huizinga.

Dizze kear wol ik it oer de fam. van der Veer ha. Jikke sei ris tsjin my: 'Wat hat dat froutsje in protte wurk dien! Sy stie oeral allinne foar!' Dêrmei bedoelde se har mem dy't in hiele swiere sile lûke moast as jonge widdo. 'Moeke Veer' sa as sy troch in protte minsken neamd wurde, hie it wierlik net maklik doe't har man yn 1931 ferstoar. Hy wie noch mar 38 jier âld. Hy wie timmerman en wie op in karwei yn Dokkum beklûme en dêr is hy letter oan ferstoarn. 'Moeke' bleau achter mei 4 lytse bern en suver gjin ynkommen, en dat yn de krisisjierren. Sy wennen yn de Slotstrjitte neist master de Jonge, en tsjinoer Dijkema en Oegema. Sy wie in moedige frou en begûn mei kofje en tee te ferkeapjen. Al gau feroare se de timmer-wurkpleats fan har man yn in winkeltsje en ferkocht ek wol oare boadskippen. Nei in pear jier hie se it al aardich opboud en de bern holpen ek moai. De jonges, Oebele en Abele, sutelen it spul fier yn 'e omkriten, sels yn Jistrum en de Tille, en ek wol oan Piebos yn Grinslân ta.

Dat dienen se op 'e fyts, en letter mei in bakfyts mei in hûn der neist. Noch letter brûkten se in transportfyts mei in koer foar op it stjoer.
Abele wie ris mei syn bakfyts mei de hûn der neist op de Blauhústerwei en doe seach syn hûn in oare hûn. Mis wie't. Syn hûn fergeat eefkes syn earste taak en fleach de oare hûn achternei. De hiele saak bedarre yn 'e sleat en der moast in hynder by komme om it spul wer op 'e wei te krijen. In hûn bliuwt no ien kear in hûn!

Oant jûns let ta kamen de minsken wol by 'Moeke Veer' om noch wat dingen dy't se nedich wienen. Op 'e duer moast der mear rûmte komme en doe hat Hindrik van Kammen dêr oant timmerjen west en krige frou van der Veer in echte winkel oan hûs. De jonges gienen troch mei it selde soart wurk en kochten der noch in winkel by, nammentlik de winkel fan Fokko Kooy dy't yn desimber 1940 sa raar oan syn ein kaam. [sjoch ROOTS-76]

Soan Oebele troude mei Coba Brouwer út de Westerein, en soan Abele troude mei Atsje de Vries, dochter fan Albert de Vries en Wopkje Hoekstra, dy't in dochter wie fan de turfskipper Oeds Hoekstra. Dat turfskip lei froeger wolris yn de Feanster haven, tinkt my. Der wie noch in soan Willem dy't slachter wie en yn Súdlaren wenne. Hy wurke dêr by de ynrjochting foar swaksinnigen.

'Moeke Veer' wie eins Trijntje Dijkstra, in suster fan Minze Dijkstra, dy't slachter wie op de Dellen. Dy kaam ek wol by ús oan de doar mei fleis. Doe't ik sa'n foege jonge wie ha ik wolris in bargeblaze fan him krigen en dy blaasden we dan op mei de fytspomp en lieten him dan opdroegje. Moai boartersguod!

Andries van der Veer (1873-1931) wie in soan fan Oebele van der Veer (1867-1948) en Sietske van der Veen (1860-1934). Andries troude mei Trijntje Dijkstra yn 1919. Trijntje (1893-1976) wie in dochter fan Willem Minzes Dijkstra (1864-1930) en Jitske van der Hoek (1866-1949), dochter fan Wytze Taekes van der Hoek (1845- 1928) en Trientje Oostinga (1838-1922). Dizze Jitske hie ek in broer Jeppe. Der wenne froeger op 't Fean ek in Jeppe van der Hoek (1901-1982) dy't troud wie mei Aafke Krol (1906-1990). Dy Jeppe koe wol ris wat famylje wêze, mar dat wit ik net seker.

Jelle yn Kanada