OP ZOEK NAAR ROOTS - 155


Doe't ik noch mar in lyts beukerke wie en flakby de Avek wenne op 't Fean, wienen der grutte jonges dy't op Neijiers Dei wol oant karbydbus sjitten wienen. Ik ha der wol op 'e noas-en-earen by stien en kin no noch de walm, de stank, rûke fan it karbyd yn 't wetter. Se brûkten lege fervebussen en soms ek wol molkbussen. Dat sjitten op Neijiers Dei kaam my letter wol gauris yn't sin as ik Hielke Helder fytsen seach yn Surhuzum en omkriten. Hy siet yn 'e regel in bytsje frjemd op 'e fyts en koe mar amper foar him út sjen om't syn holle nochal bryk op syn skouders siet. Hy hie as jonge fan 16 jier in mankemint hân mei karbydbus sjitten. Syn suster Marie, dy't no 90 jier âld is, fertelde my okkerdeis dat it kaam wie om't Hielke en noch wat jonges aardich wat karbyd yn in grutte, lege griene sjippe-bus stoppe hienen. Se hienen in lyts gatsje yn 'e boaiem makke en doe't Hielke ticht mei syn holle by it gatsje kaam mei de sigaret yn 'e mûle, ûntplofte dy bus. Dizze bus, dy't grutter wie as in molkbus, barste finaal út elkoar en Hielke krige de grutste klap. Syn holle seach der freeslik út. Syn gesicht wie finaal ferskuord en ferbaarnd. It fel hong der yn flarden by del! Skriklik moat it west ha!

In âld krante fan dy tiid fertelt dit:
'Enige jongelui vermaakten zich op nieuwjaarsdag 1926 met het ontploffen van carbid in een grote bus. Toen één van de jongens, Hielke Helder, er brand in zou steken vloog plotseling de vlam in zijn gezicht. Zijn gelaat werd ernstig verminkt. Het was geheel ontveld terwijl alle hoofdhaar totaal was afgeschroeid. Ook van andere omstanders werd het haar verschroeid. Enigen kregen lichte brandwonden. De toestand van de zwaar getroffen Helder, die eerst zeer ernstig was, laat zich thans gunstiger aanzien. Ofschoon zijn gelaat onherkenbaar is, is er hoop dat het gezichtsvermogen blijft behouden.'

Buorfrouen holpen Hielke syn mem om syn ferskriklike pine wat te fersêftsjen. Sy dienen der kâlde sûpe op en seagen al gau dat it hiel slim wie. Der hat letter wol in dokter by west mar fjirder is der net folle oan dien. It moast earst mar heelje. Syn gesicht siet letter fol groeden en hy hie in brike nekke en hy skodde hiel bot. It is eins nea wer goed kommen. Hy wie skeind foar't libben.

Hielke hannele froeger yn keallen. Moarns ier-en-betiid wie hy al op stap by de boeren lâns. Wobbe Bouma, dy't no ek al 91 jier âld is, fertelde my dat Hielke presys wist wannear in kou kealje moast en dan wie hy yn 'e regel der fluch by. As in boer sei: 'Nee, ik ha hjoed gjin boltsje, mar nije wike moat dy en dy kou kealje', dan hâlde Hielke dat goed yn 'e gaten en ferskynde wer by de boer as de kou kealle hie. Hy fytste rûnom alles ôf om bollekealtsjes. Hielke kaam út it westen fan Stynsgea mar wenne letter yn 'e Poes by Surhuzum. Noch letter hat hy op 'e Tille wenne en om't hy wat gebrekkich wie, wurke hy wol yn de wurk-ferskaffing en ek wol yn Jistrum en Droegeham op in kwekerij. Hy wie troud en hy en Durkje krigen in grutte húshâlding. De jongste, lytse Sikke, is mar goed trije jier wurden. Hy ferdronk yn de Tilsterfeart rûn sinteklaas 1970. Trije wiken letter ferstoar Hielke. Hy wie doe 62 jier. Durkje Wind (1924-2000), syn frou, bleau achter mei in grutte, beswierlike húshâlding. Dat sil ek wol net maklik west ha foar har en de bern. Somtiden nimt ús libben nuvere bochten en giet it libben lâns frjemde slingerpaden.

Hielke (1909-1971) wie in soan fan Jan Helder (1883-1967) en Grietsje van der Veen (1880-1958). Grietsje wie in dochter fan Hielke Geerts van der Veen (1848-1911) en Gepke Jans Feenstra (1845-1916). Jan Helder wie in soan fan Sikke Jans Helder (1854-1937) en Antsje Sikkes van Dekken (1859-).Sikke wie in soan fan Jan Klazes Helder (1817-1885) en Ytje Alles Ytsma (1820-1900).

Dizze Sikke hie in suster Martsje Helder (1857-1954) dy't troud wie mei Harm Jelles Hamstra (1852-1930) en dat wie in omke fan myn pake Jelle Pieters Hamstra (1884-1942). Dus fiere famylje. Dat wist ik doe net doe't ik Hielke wol ris fytsen seach. Martsje is ek hiel âld wurden en ik koe har as Martsje-muoi.

Jelle yn Kanada