It straffen foar stellen en oare misdieden liigde der froeger net om yn Fryslân. Minsken, dat kaam der op oan en wat krigen se der fan lâns! Freonen fan ús yn Kanada hienen fan't simmer yn it heitelân west en kamen werom mei in stikmannich moaie boekjes oer de âlde tiden. Dy boekjes bin skreaun troch in sekere Hans Hietkamp en de titel is 'De Kerfstokjes van onze Voorouders'. Dêr steane ek ferhalen yn oer minsken fan 't Fean en omkriten dy't froeger ek wat op harren 'kerfstok' hienen. It foel my op hoe faak as ik lêsde fan straffen lykas ' strenge geseling, brandmerking, vijf, zes, of zeven jaar Tuchthuis', ensf.
Ik krige ek ris sa'n ferhaal tastjoerd oer in man dy't holpen hie by in ynbraak wêr't 500 gûne stellen wie by in widdo en ek wat sulver en goud spul. De dieders wurden oppakt en krigen ek in giseling en 6 jier yn 't tichthûs yn Ljouwert. Ien man is dêr doe ek stoarn. Hy wie noch gjin fjirtich jier âld en ferstoar oan 'slijmtering'.
Sokke dingen lêze jo leaver net oer jo famylje fansels en wy rinne dêr yn 'e regel ek net mei te keap. Yn in protte famyljes is wol ris wat bard en wy hâlde dat yn de regel leaver stil.
Wat my op foel lêstendeis - en ik ha dat ek neamd yn in preek - dat yn de stambeam fan ús Hear en Heilân de 'minnen' wol neamd wurde yn it Grutte Boek. Ja, dy sieten sels yn Syn famylje. Sjoch mar ris nei Mattheüs 1. Ik bin eins wol bliid dat minsken lykas Rachab en David dêr gewoan neamd wurde mei harren sûnde der by. Dat seit my dat der hope is foar ús allegearre. Net ien is te min!
No wat oars. Ik krige in briefke fan in frou út Peebos oer wat nammen fan't Fean. Sy hie wat ROOTS-stikjes lêzen en ek wat nammen dy't foarkomme yn har stambeam, nammen lykas Gaatske Jelles Huizinga. Sy fertelde ek dat der in sekere Auke Sybes (Huizinga) yn har fiere famylje foarkomt dy't froeger holpen hat de Fermanje op 't Fean te bouwen. Dy man wie timmerman en syn namme, eins syn begjin-letters, steane sels boppe in doar fan dat gebou, mei noch trije oaren.
Doe't ik dy namme seach en op socht yn myn kompjûter koe ik ferskate kanten út nei famyljes dy't op de iene as oare manear ferbûn wurde kinne oan dizze Huizinga. Sa koe ik by Postma komme, by Oldenburger, by Nauta, by Wouda, en noch by in protte oaren. Ek by Gaatske dy't ik neamd ha yn ROOTS-150 & 151.
Dy frou út Peebos hiet Leneke Bos en sy is troud mei Siemen Struiksma út Grinzer Pein, soan fan Taeke Struiksma en Antsje Veenstra. Leneke har oer-beppe is Hiltsje Huizinga (1875-1958), dochter fan Jelle Aukes Huizinga (1839-1925) en Aukje Vaatstra (1841-1886). Dizze Hiltsje hie in broer Hendrik (1883-1894) dy't as jonge fan 11 jier troch it iis sakke en ferdronk yn de poel fan de fam. S. Schors yn Surhuzum. Sy hie ek in broer Auke (1864-1946) dy't troud wie mei Antsje Annes Postma (1871-1941). Dy minsken hienen in soan Lubbe (1901-1982) dy't troud wie mei Sybrigje Poortinga (1898-1986) en dy ha in soan Auke dy't yn Harkema ta hâldt en ek wol gauris wat rûn sneupt yn de argiven yn Ljouwert.
Hiltsje Huizinga wie troud mei Kornelis van Dijk (1877- ), en sy krigen in famke Leentje dy't letter troude mei Mattheüs Gorter, soan fan Jan Gorter (1863-1935) en Antje Luikes (1866-1941). Jan Gorter wie in soan fan Kornelis Gorter (1828-1874) en Doetje Renkema (1832-1875). Ik neam dizze Kornelis eefkes om't hy om't libben kaam doe't syn hynder op 'e rin sloech op de dei dat hy syn jongste bern, lytse Aaltje, oan joech op it gemeentehûs. Leentje en Mattheüs krigen in dochter Kornelia en dy is troud mei Reinard Bos. Dizze minsken wenje yn Gruttegast en bin de âlden fan Leneke dy't my wat holpen hat mei it útsykjen fan dizze famyljes.
Dy Jelle Huizinga wie in soan fan Auke Huizinga (1813-1848) en syn frou Pietsje Halbes Brouwer (1811-1873). Auke wie in soan fan Jelle Aukes Huizinga (1782-1849) en Hinke Ploeg (1791-1813), en Jelle wie in soan fan de timmerman Auke Sybes (1752-1838). Oer dy Huizinga's kin ik hiel wat fine yn de tsjerkhôf-boeken fan Deka Miedema. Dy bin wol sa handich.
Lubbe hie ek in suster Pietsje dy't troud wie mei Johannes Notebomer. Dêr ha ik ek al ris wat oer útsocht.
Jelle yn Kanada