OP ZOEK NAAR ROOTS - 157


Ik krige okkerdeis in hiele moaie foto tastjoerd fan Corrie Houtstra út Brits Columbia, Kanada. Sy is troud mei Jaap Klaren. Dy foto krige ik om't ik har frege hie om in foto wêr't sy sels op stie om't ik my har net foar de geest krije koe. Corrie en ik komme beide fan 't Fean en we sieten froeger yn de selde klasse fan de Kristlike Legere Skoalle. En doe kaam de foto! En net mei Corrie allinne, mar mei noch 7 oare kreaze, jonge fammen fan 't Fean. Ik tink dat se sa'n 16-17 jier âld wienen doe't de foto naam is. It duorre wol eefkes foardat ik de measten te plak hie yn myn holle, mar ik begûn al gau te daagjen. In pear koe ik net mear, mar Corrie hie de nammen der gelokkich achterop set. Dat holp fansels. Ik seach ek dat krekt de helte fan dizze fammen letter nei Kanada gien is, mar ik ha se noch nea troffen. Ien fan de 8 dames is Froukje de Boer dy't letter troude mei Wiebe van Kammen.

En dêr is de namme dy't ik de lêste tiid fêst wol trije kear ûntfongen ha. Al in hiel skoft lyn krige ik ris in brief fan in sekere Djoerd van Kammen út Drachten. Hy komt eins út Houtigehage en hy hat my moai holpen mei syn takke fan dizze famylje. Ik krige ek in mailtsje fan in sekere Jakob Rinsma dy't ek Van Kammen bloed yn syn ieren hat. Ik wit net oft dizze minsken elkoar kenne fansels, mar earne bin se wol besibbe oan elkoar. Wiebe, Sjoerd en Jakob komme út it selde nêst, mar wol in eintsje tebek.

Doe't ik in jonge wie ha ik wolris by de heit fan Wiebe, by Hindrik van Kammen, yn syn wurkpleats west. Ik seach my de eagen hast út 'e holle: sokke moaie masinen en al dat prachtige ark! Minsken, dat wie wol gâns in stik better as de slappe hammer, de roastige knyptange, de krûme spikers en de âlde spanseage dy't wy thús hienen. Hindrik van Kammen hie ús sjoelbak en de skiven froeger ek makke. By't winter slipe hy ek wol redens en sa kaam ik by him yn syn wurkpleats terjochte.

No wol ik dizze kear probearje twa Van Kammen takken by elkoar te bringen yn de selde stamme. Miskien skriuw ik letter noch wolris in apart stikje oer de Rinsma's fan Jakob.

Djoerd van Kammen (1934-) is in soan fan Simon van Kammen (1904-1996) en Aaltsje Raven (1907-). Sy is in dochter fan Oeds Raven (1871-1952) en Antsje Jans Hamstra (1871-1938). Dizze Antsje kaam út Grinslân en is gjin famylje fan de Hamster Hamstra's. Yn de famylje Raven sieten hiel wat smidden. Simon van Kammen wie in soan fan Djoerd van Kammen (1867-1952) en Antsje Simons de Boer (1879-1918). Dizze Djoerd hat trije kear troud west en syn tredde frou wie Trientsje van Houten (1836-1906) dy't troud west hie mei Hindrik Laanstra [sjoch ROOTS-13]. Djoerd syn âlden wienen Jozef Djoerds van Kammen en Klaaske Willems Piers (1834-1913). Jozef Djoerds wie in soan fan Djoerd Everts van Kammen en Elizabeth Jozefs de Vos.

Wiebe van Kammen (r.1932-) is in soan fan Hindrik van Kammen (1895-1973) fan't Fean en dy wie troud mei Tjitske Egberts Lamsma (1894-1976). Hindrik wie in soan fan Willem Lieuwe van Kammen (1860-1913) en Annigje Hendriks Stijkel (1858-1944). Willem Lieuwe wie in soan fan Jozef Djoerds van Kammen (1836-1906) en Klaaske Willems Piers (1834-1913). En sa wienen Djoerd van Kammen (1934-) syn pake Djoerd en Wiebe van Kammen (r1932-) syn pake Willem dus broers.

As it net allegearre kloppet, jou dan de kompjûter de skuld mar. Ik soe it dan wol graach eefkes hearre wolle.

Jelle yn Kanada