OP ZOEK NAAR ROOTS - 158


Ien fan de dingen dy't in djippe yndruk op my makke hat as jonkje, froeger yn Surhústerfean, wie dy kearen dat in hynder op 'e rin rekke. Dat seagen jo dan wol ris. Wat wienen we dan bang! Ik sjoch noch dy ferskriklike eangst en dy wylde eagen fan it hynder dat op 'e rin wie. Mar ek fan de boer! Dat gie der dan oan wei! De boer probearre om't libben om it hynder wat ta rêst en kalmte te bringen en de saak rjocht te hâlden, mar dat gie dochs faak mis. Sa'n hynder hie soms it skûm om 'e bek!

Soms rekke in slingerjende wein los, it tiksel gie dan in ferkearde kant út, en de wein fleach hjir of dêr boppe op of oer de kop. Alles wie dan yn stikken en flarden. It hynder krige fakentiids de sile tsjin de hakken fan de achter poaten en dat makke it noch minder en wylder. It barde ek wol dat de sile earne achter heakjen bleau en dat it hynder dan wol bonken briek. Sa'n hynder wurde dan al gauëftich ôf makke en dan wie der needslachting. En it barde ek wol, wylst in boer probearre de saak te rêden en de leie net losliet, dat hy mei rûn of fleach. Of dat in boer fertiisd rekke yn de leie en mei slepe wurde. Sa rekke in boer wolris oan syn ein.

De lêste jierren ha ik fêst wol trije kear in ferhaal tastjoerd krigen oer in hynder op 'e rin en dat de man om't libben kaam. Myn earste ferhaal stiet yn ROOTS-18 en dat giet oer Wopke Oldenburger fan Jistrum. Dat barde yn de oarloch. Syn trije dochters wenje hjir flak by ús yn Kanada.

It twadde ferhaal ha ik neamd yn ROOTS-156 en dat giet oer in man dy't omkaam op de dei dat hy syn lytse poppe oanjoech by't gemeentehûs. Syn famke wie dy deis berne, mar de heit ferûngelokke!

Ik tink dat de lêzers ek wol foarfallen witte oer hynders dy't op 'e rin rekken en dat it need gie.

In jier of wat lyn siet ik ris yn Bûtenpost yn't gemeentehûs wat spullen út te plúzjen en doe trof ik dêr in dame dy't ek drok dwaande wie mei it selde soart wurk. Doe't wy eefkes sieten te praten, bliek dat wy beide fan 't Fean kamen. Har namme wie Betty van der Hoek en sy wie in suster fan Luut (1935-) en Theo van der Hoek (1933-2003), in freon fan ús doe't wy jonges wienen. Betty stjoerde my lêstendeis in mailtsje oer ROOTS-154 wêr't ik har âlden yn neam. No wit ik yntusken folle mear oer de fam. Van der Hoek fansels. Sy stjoerde my ek in kranteknipsel mei it ferhaal hoe't har oer-pake omkaam doe't in hynder op 'e rin rekke yn Doezum. It folgjende stikje stie doedestiids yn de krante, yn 1928:

"Gistermiddag, omstreeks half vier, had alhier een droevig ongeval plaats. Toen de 83-jarige Wytze van der Hoek van Grootegast bij de heer B. Froentjes alhier op den wagen zat, schrok het paard voor eenige kinderen, die op den weg speelden, en sloeg op hol. Froentjes, die eerst nog poogde den wagen tegen te houden, door voor den wagen te loopen - de wagen had een z.g. kromme dissel - kwam te vallen, waardoor de bejaarde man alleen op het bankje bleef zitten. Het duurde echter niet lang of het bankje met Van der Hoek gleden van den wagen, met gevolg dat het rechter voor- en achterwiel beiden over zijn hoofd gingen. Onmiddelijk werd een dokter te Grootegast telefonisch gewaarschuwd en werd de gekwetste bij Froentjes binnengebracht. Medische hulp mocht echter niet meer baten, want spoedig trad de dood in."


Betty van der Hoek (1939-) is troud mei Arend Heitman en sy wenje yn Frjentsjer. Har heit Jeppe (1901-1982) hat mear as 50 jier by Houthandel Schuilenga op 't Fean wurke. Har mem wie Aafke Krol (1906-1990). Jeppe wie in soan fan Taeke van der Hoek (1872-1945) en Aafke Steenhuizen (1873-1930), en Taeke wie in soan fan Wytze van der Hoek (1845-1928) en Trientje Oostinga (1838-1922). Taeke hie in suster Jitske (1866-1949) dy't troud wie mei Willem Minzes Dijkstra (1864-1930) en dizze minsken hienen in dochter Trijntje (1893-1976) dy't 'Moeke Veer' neamd wurde op 't Fean. [sjoch ROOTS-154]

Jelle yn Kanada