OP ZOEK NAAR ROOTS - 159


“Skerpe Punten”
'Ús libben hinget oan in siden triedsje', wurdt der wolris sein. Dêr moast ik okkerdeis oan tinke doe't ik in mailtsje krige fan in sekere Jakob Wierd Rinsma út Harns. Ik wit no ek dat hy fiere famylje is fan ús. Jakob wurket as 'offshore installation manager' op in gas produksje platfoarm fan SHELL yn 'e Noardsee. Dêr is hy dan twa wiken en dan giet hy wer nei it fêste lân foar twa wiken. Jakob docht ek oan famylje-útsikerij en om't hy Kooistra-bloed yn syn ieren hat, kaam hy ek op myn website terjochte. Nei wat mailtsjes hinne en wer witte wy no stikken mear oer ús famylje-bannen. 
Ik ha ris in stikje skreaun oer in lytse Jelle Dykstra út Kollumersweach dy't, doe't hy noch mar 11 jier âld wie, de flymskerpe punt fan de sichte fan syn heit yn de slachier yn syn hals krige. De heit wie drok oant sichtsjen en seach syn soantsje net dy't miskien wol boartsjendewei te ticht by syn drok skreppende heit kaam. In pear oeren letter wie dizze jonge al ferstoarn. Dat barde yn 1934. [ROOTS-87] 
En no skreau Jakob dat syn pake Jakob Rinsma froeger ek omkaam om't syn slachier yn 'e hals ek rekke wurde. Rinsma wie masinist op de steamboat fan De Poel. Op in moarntiid moast hy in koe ophelje by de buorkerij fan De Graaf yn Stroobos. De koe woe net om lyk en hat Rinsma doe raamd en stutsen yn syn hals-slachier mei ien fan de skerpe hoarnen. It moat allegearre bloed west ha en Rinsma is dy selde moarn noch ferstoarn. Dat barde op 10 novimber 1942 yn Stroobos. 
Syn frou Grytsje Bijma bleau achter mei alve bern! Wat in swiere sile moast dizze widdo doe lûke. Sy hat seker besûndere krêft ûntfongen om dy grutte húshâlding allinne troch de tiid te bringen, yn 'e oarloch en yn 'e earremoed. Sy is 91 jier âld wurden.
Wy songen froeger in psalm-ferske dat dizze rigels hie:

            "Gedenk, o Heer, hoe zwak ik ben, hoe kort van duur,
            Het leven is een damp, de dood wenkt ieder uur.' (Ps. 89)

En sa is it yndied! De dea kin soms hiel hommels komme. Dat bliek ek sa te wêzen mei de lytse Jelle Dykstra en ek mei Jakob Rinsma.
Ûnderwilens ha ik no ek út fûn dat Jakob syn beppe fan syn mem har side in Van Kammen is, nammentlik Tsjitske van Kammen. Dy wie troud mei Wierd Fokkes Kooistra út Harkema. En ik wit no ek dat syn mem in suster wie fan Grytsje Kuipers-Kooistra fan't Fean. Grytsje is de frou fan Jo Kuipers. Wat is de wrâld eins mar lyts. De kompjûter bringt alles wol ticht by elkoar. Ik krige okkerdeis in prachtige foto tastjoerd fia de kompjûter fan it moaie gesin fan Wierd en Tsjitske mei harren 4 bern: Reina, Trijntje, Djoerd en Grietje. 
Jakob Rinsma (1958-) is in soan fan Folkert (Fokke) Rinsma (1936-) en Trijntje Kooistra (1939-1972), dochter fan Wierd Kooistra (1916-1991) en Tsjitske Djoerds van Kammen (1917-), dochter fan Djoerd Stephens van Kammen (1879-1967) en Rientje de Haan (1890-1962). Dizze Djoerd wie in soan fan Stephanus (Steven) Djoerds van Kammen (1821-1900) en Tsjitske Alles van der Veen (1840-1928). [ROOTS-157]
Folkert (Fokke) is in soan fan Jakob Wobbes Rinsma (1885-1942) en Grietsje Alberdina Bijma (1898-1989), dochter fan Pier Folkerts Bijma (1865-1946) en Gooitske Halbes Sloterdijk (1873-1940). Doe't Gooitske befalle moast fan Grietsje yn 1898, lei se yn Grins yn't sikehûs. De ferpleechster dy't har holp en fersoarge, hiet Alberdina, en sa krige lytse Grietsje har twadde namme.
Jakob Rinsma, de masinist, wie in soan fan Wobbe Jakobs Rinsma (1851-1900) en Ytje Tjeerds Dijkstra (1859-1933). Wobbe en Ytsje wennen yn 'e Ham.
Noch ien stap fjirder tebek, dan komme we by Jakob Klazes Rinsma (1819-1881) en Ykje Harmens Jongsma (1820-1878). Gerard Rinsma (1937-2001) de man fan Anneke Bloem (1941-), dochter fan Taeke Bloem en Grietje Mulder, komt ek út dizze Rinsma stamme. [sjoch ROOTS-127] Gerard en Jakob Rinsma út Harns komme by elkoar by Klaas Oebeles Rinsma (1786-1858) en Grietje Jakobs Boelens (1795-1828) dy't froeger yn Droegeham wenne ha.

Jelle yn Kanada