OP ZOEK NAAR ROOTS - 16


Hjoed-de-dei mei in pake syn lytse pakesizzer fan 8 jier net nei in winkel stjûre om sigaretten of prûmtabak te keapjen. Teminsten net yn Canada. Yn ‘e oarloch, doe’t ik sa’n 8 jier âld wie, wie ik út fan hûs by myn pake Jelle Hamstra. ‘t Wie hjerst en de foerbyten moasten der út. Pake hie net sa’n grutte lape groun, mar dochs hie hy dy deis help fan myn oare pake, Pake Rinze Kooistra fan de Boskwei. Beide mannen wienen yn myn eagen knap âld. Pake Rinze wie 67 en Pake Jelle wie 58. Ik bin no goed 65 en fiel my aardich jong! Beide pake’s prûmpken en flypken om’t libben. De byten wienen klear, en de iene stiek se los en de oare snie it lof der ôf. Nei in skoftke sei Pake Jelle tsjin my: ‘Us prûmtabak is op en do moast mar eefkes nei Marten’s Sjouk gean foar pake om in pakje tabak op te heljen. Sjouk wit wol wat foar soarte, en siz mar dat it foar pake is.’

Ik stapte de twadde Ikkersreed lâns nei de Ham nei it winkeltsje op ‘t hoekje. Ik moast ek by de Heersgracht lâns wêr’t mem my altyd goed foar warskôge hie, om’t se wol wist dat ik graach wat yn’t wetter boartsje mocht. Sy sei: ‘Ast te ticht by de kant komst, komt der wol ris een hân út de grêft en dy ken dy der dan wol yn lûke!’ Ik wie dêrom altiten bang om dêr lâns te gean en roun faaks hiel fluch oer ‘t midden fan de reed, en joech dan in djippe sucht fan ferlichting as it goed gien wie.

Sjouk joech my it pakje tabak en de beide pakes koenen mar wer om raak kôgje en flypkje, en better byten dolle en bytentopje. Pake Jelle is yn desimber 1942 ferstoarn yn Ljouwert, noch mar goed 58 jier âld, oan longûntstekking.

Sjoukje van Minnen (1903-) wie in suster fan Johannes van Minnen, de oannimmer út de Ham, dy’t letter yn Canada wenne. Ali, myn frou, en ik ha faak by Johannes en Tryn west, en wy beskouden harren hûs hast as ús thús. Wy treffe Tryn noch wol ris. Sjoukje wie troud mei Marten Kalsbeek (1902-1980). Letter as jongfeint learde ik in oare Marten Kalsbeek kennen yn Surhúzum dy’t nei Marten fan Sjouk neamd wie, om’t dizze jonge Marten in soan wie fan in broer fan Marten út ‘e Ham, nammentlik fan Andries Kalsbeek (1897-1980) en fan Ybeltje Brandsma (1899-1993). Dat moaie gesin ha ik hiel goed kend. Sy hienen 5 jonges en 2 famkes. Ien fan myn foarbeppes wie Janke Gerbens Brandsma en wie, tinkt my, fiere famylje fan in foarbeppe fan Ybeltje Brandsma. Dat siet sa: Ybeltje (1899-1993) wie in dochter fan Rinze Pieters Brandsma (1864-1924) en fan Jantje Turksma. Rinze syn heit Pieter wie troud mei Ybeltje Rinzes Rozema, en Pieter wie in soan fan Hillebrand Jans Brandsma (1793-1847) en fan Antje Pieters van der Meulen (1792-1847). Sy hienen wol 10 bern ha kend. Dizze Hillebrand wie in soan fan Jan Hillebrands Brandsma (1761-1821) en fan Geeske Remmelts Lindhorst, en Jan Hillebrands wie in soan fan Hillebrand Sytzes (1731-1809) en fan Janke Gerbens. Dit lêste pearke hie noch in soan, nammentlik Gerben Hillebrands Brandsma (+ r. 1809) dy’t troud wie mei Jeltje Wygers (1760-). Dit pearke hie in dochter Janke Gerbens Brandsma (1787-1857) dy’t troude mei Pieter Wytzes Hamstra yn ‘e Ham.(1780-1827). Sy hienen in soan Jelle Pieters Hamstra (1822-1896) dy’t troud wie mei Wytske Hendriks Schievink (1819-1888). Jelle en Wytske hienen in soan Pieter Jelles Hamstra (1849-1888) dy’t troud wie mei Aaltje Johannes Kramer (1845-1928) en harren soan Jelle Pieters Hamstra (1884-1942) wie troud mei Hinke Jelles Nicolai (1888-1918). Dy Jelle wie de kouw-tabak-pake fan my.

Yn ‘e winter fan 1954 ha Marten Kalsbeek en ik de Alve-Marren-Tocht riden. Wy fytsten moarns ier en betiid út Surhúzum, oer Drachten en Beets, nei Snits. It wie ôfgryslik kâld. It frear 20 graden. Fan de 10000 riders binne der mar 5000 oankaam. Wy ha de tocht fan 95 km. oer de alve kâlde marren folbrocht, en ik ha it krúske noch. Jûns fytsten wy wer nei hûs yn Surhúzum.

It kin soms nuver rinne yn’t libben. Een soan fan dizze Marten Kalsbeek, Sipke, is troud mei Petra Hellinga. Dat is een dochter fan Heine Hellinga en Jetske van der Meulen út ‘e Pein. Jetske is in suster fan myn frou Ali.Harren beppe wie Jetske van der Land, troud mei Meindert Gorus Hoekstra út Woutersrwoude. Dat stiet allegearre beskreaun yn een boekje dat ik yn 1998 útjoen ha ûnder de titel fan ‘Beppe Jetske Hoekstra-van der Land’. En sa is ek dit sirkeltje wer roun.

Jelle yn Kanada