OP ZOEK NAAR ROOTS - 160


"Dû meist de geit net melke, hjer. Dat doch ik aansens sels wol!" Sa sawat rôp beppe nei pake, neffens Roel Eilander. Doe't Roel oan syn beppe frege wêrom as pake dat net dwaan mocht, sei se, "As pake it docht, knypt hy miskien de oeren der wol ôf." Dêrom woe beppe dat altyd sels dwaan al wie se noch sa min by't spul . Roel wie doe noch mar in lyts jonkje en is hjoed-de-dei omtrint 60 jier âld.
"Myn pake Roel stie bekend om syn machtich sterke hannen", sei Roel okkerdeis tsjin my. "Boeren woenen ek net lije dat pake Roel Eilander harren fee molk. Hy knypte te bot en te fûl. Soms wiene de oeren stikken en hongen de flarden der by del. Hy wie ôfgryslike sterk en syn hannen sieten fol yl fan't swiere wurk dat hy fakentiids die."
Pake Roel Eilander wenne mei syn frou Ybeltsje oan it Ketting by Surhústerfean, tichteby Steffen en Bontsje Dijkstra. Jonge Roel syn âlden, Sjoerd en Jantsje, ha dêr yn't earst fan harren trouwen ek op 't hiem wenne yn in houten keet. Dat wie yn 't lêst fan de oarloch.
Sjoerd wie klompmakker by Jan Booi op 't Fean. Roel fertelde ek noch dat syn heit Sjoerd yn 'e oarloch ris in hiele dei yn in sleatswâl lein hat sadat de Dútsers him net sjen koenen tydens in razzia. Sjoerd soe dy moarns nei't wurk, skean troch de lannen achter de Avek lâns, en seach doe dat guon mannen hastich troch it lân rûnen en dat de Dútsers op harren skeaten. Sjoerd fleach as in hazze fuort en liet him doe gau yn de ûnderwâl fan in sleat falle om him dêr te ferskûljen. Hy wist ek net of it wer feilich wie en om wer foar 't ljocht te kommen. Hy bleau stikem lizzen wêr't hy lei. De hiele lange dei! Sa fûnen Jan Booi en ien fan de Van Kammen jonges him dy jûns en fertelden him dat it wer feilich wie. De Dútsers wiene wer fuort gien.
Der wurde by âlde Roel Eilander ek wol tabak ferboud yn en krekt nei de oarloch. Roel wit noch wol dat hy tusken dy rigen fan hege planten rûn as lytse beuker mei syn suster Lieneke en pake Roel. De planten liken wol beammen foar dy lytse bern! De ripe bledden wurden dan kerfd en ophongen te droegjen. De famylje brûkte sels de tabak foar prûmkjen en foar roken fansels, mar it wurde ek brûkt as ruilmiddel om dingen te krijen dy't hast net te besetten wienen.
It gesin fan Sjoerd en Jantsje hat ek oan de Grinzer Strjitwei wenne, skean tsjinoer Graazje De Vries. Sjoerd en Jantsje krigen trije bern: Roel (1945-), Lieneke (1948-) en Ate (1966-). Ate is troud mei Tryntsje Schievink en dy wenje yn Appelskea. Lieneke is troud mei Meint Helder en dy wenje yn Drachten.
Roel (1945-) is troud mei Jannie Oosten, en sy wenje yn Wolvegea. 
Roel is in soan fan Sjoerd Eilander (1921-1991) en Jantsje Storm (1923-1999), dochter fan Ate Jetzes Storm (1887-1969) en Vogeltsje Hendriks Land (1887-1970). Sjoerd Eilander wie in soan fan Roel Eilander (1887-1976) en Ybeltsje Veenstra (1893-1971) dochter fan Sjoerd Roels Veenstra (1862-1906) en Anna Oebeles Kamminga (1869-1937).
Roel wie in soan fan Tetsje Oedzes Eilander (1862-1938) dochter fan Oeds Ties Eilander (1818-1892) en Grytsje Kornelis Raven (1820-1906). Tetsje troude letter mei Jan Wobbes Nijboer (1864-1922). In suster fan Tetsje, Aafke (1849-1896) wie troud mei Hindrik Karstes Helmhout (1850-1918). In broer fan dizze Tetsje wie Kornelis (Kees) Eilander (1840-1926) dy't troud wie mei myn Hiem-muoi, Henderina Johannes Kramer (1840-1914). Dizze minsken ha'k wol ris faker neamd yn bygelyks ROOTS-19, 53, 75, 134.[sjoch myn website www.kooistra.ca]
In dochter fan Kees en Hendrien, Theodora (1871-1939), wie troud mei Wessel Bouwes Gall (1866-1905). Dat pearke is mei harren trije dochters yn 1902 nei Amearika gien en sy wienen lid fan de Heiligen der Laatste Dagen Tsjerke (Mormonen). Ik ha al ris ferteld dat Wessel mar in pear jier libbe hat yn Amearika. Hy rekke ûnder in kou yn in grutte slachterij yn Chicago en is dêr troch omkaam. Theodora hat in protte dien foar de Mormonen Tsjerke yn Utah.

Jelle yn Kanada