Reedride op de âlde
Feanster iisbaan wie feest fansels. Ik sjoch noch dúdlik dy reed foar my dy't
fan de Blauhústerwei nei de iisbaan rûn. Fuortdalik by de yngong stie de
sûkelarje-tinte en dêr wie dan ek fuortynienen it iis. Ik wie noch mar in
jonkje doe't wy dêr hinne mochten. Myn âlden wienen beide goeie riders en
fjurren ús oan fansels! Fan de iisbaan koenen jo ek fia in sleatsje op de
Baukewyk komme en sa ek nei de Feansterfeart. Tichteby dy âlde iisbaan lei in
stikje lân fan de Wouda's. Dat leit yn de Wyde Pet en wurdt wol neamd
'Anne-muoi's Poepet'. Dat stikje lân is al jierrenlang yn de Wouda-famylje en
wurde froeger brûkt foar it reid dat dêr groeide. Dat wurde dan snien en
ferkocht oan de reiddekker Batema oan de Betonwei. De erven Wouda betelje no
noch de wetterskip lêsten foar dat hoekje lân fan 1.37.45 h.a. Der bin wol mear
ferhalen oer De Wyde Pet. Yn 1909 ha 2 rare mannen op in nacht de nije dyk om
dit stikje grûn hinne troch groeven en doe fleach alles wer op nij ûnder
wetter.
Feike Wouda fertelde
my okkerdeis wat dingen oer dat stikje lân fan harren. Feike komt fan 't Fean
en hat froeger fearn op de grutte feart. Hy wennet no yn Drachten en it
ferhaaltsje-fertellen sit him yn't bloed. In echte Wouda. Ik moast tinke oan
dat stik dat doedestiids opfierd is op't Fean, flak nei de oarloch. Dat wie
'Feanster Flucht yn Earnst en Klucht'. Dat wurde doe spile yn it houtstek fan
Schuilenga. Dêr kaam ek in taferiel yn foar oer Jan Hepkes Wouda. 'Ik hat ris
hân moat Manus tinke.' En dan kaam der wer sa'n sterk ferhaal los oer froeger.
De stikjes fan
ROOTS-151 & 152 oer Albert en Klaske Wouda ha hiel wat minsken oan it
tinken set. Dat gie ek oer Melle Tiet. Ik krige ferskate moaie reaksjes dêroer.
Sels út Hollân. Feike hat lêstendeis in hiel moai stukje skreaun oer Melle Tiet
en syn mem Klaske, yn it tsjerkeblêd fan de Meniste Tsjerke fan Drachten. Sipke
Durksz stjoerde my dat ferhaal yn Kanada. In prachtich ferhaal oer de echte
Kryst-geast.
En ik krige in
mailtsje fan twa beppesizzers fan Klaske út Hollân. Doe't ik dy krige en seach
hoe't dy beide dames tinke en hannelje, tocht ik fuortendalik oan Klaske, en ek
oan Albert. Beide ha deselde geest as beppe en pake. Jierrenlang wie der amper kontakt mei de famylje yn Fryslân, ek
al om't harren heit ferstoarn is en dêrtroch de bân wat losser wurden wie.
Froeger kamen de famkes wol op 't Fean út fan hûs, by pake en beppe, en ek wol
by oare famylje. Mar de lêste jierren wie dat dien. En no fia ROOTS is dat wer
yn oarder kommen en ha Omke Feike en tante Roelie de tried wer te pakken.
Wa binne dat eins,
dy beppesizzers? Dat bin de twa dochters fan Durk Wouda (1925-1998) en Immy
Doorn (1926-1983).
Durk hie in kwekerij
yn Dronten. Hy neamde dy 'De Omloop'. Immy ferstoar betreklik jong en letter is
Durk wer troud. De twa famkes bin ek troud.
No't se sels ek wat
âlder wurde lûkt ek harren bloed nei Fries en Fryslân ta. Dat bart mei de
measte Friezen.
Clary (1959-) en Ali (1951-), de beide dochters fan
Durk Wouda en Immy Doorn wenje yn IJmuiden. Durk wie in broer fan Gaatske
(1920-) [ROOTS-151] en ek fan Feike (1928-) yn Drachten. Dat bin dus bern fan
Albert Wouda (1894-1957) en Klaske van der Wijk (1896-1972). Klaske wie in
dochter fan Durk Barelds van der Wijk (1867-1938) en Gaatske Nanes Benedictus
(1866-1962). Albert wie in soan fan Feike Wybrens Wouda (1851-1911) en Hinke
Hendriks Bosma (1857-1941). Feike wie in soan fan Wybren Feikes Wouda
(1820-1886) en Janke Durks Munstra (1823-1897). Dizze Feike hie in broer Durk
Wybrens Wouda (1860-1890) dy't ferdronken is yn de Burgumer Mar. In soan fan
dizze Durk, Wybren Wouda (1889-1939) wie troud mei Grietje Landman (1892-1981).
Dizze minsken bin froeger nei Amearika gien en in soan fan harren, Durk of
Richard (1916-2003), hat in dochter Marilyn dy't troud is mei Durk Hellinga, in
soan fan Heine Hellinga en Jetske van der Meulen út Smellinger Pein. Jetske is
in suster fan myn frou. En sa bin wy dus fiere famylje fan de Wouda's. Yn 2002 bin wy noch by Durk en Marilyn west,
en oer twa wiken gean wy dêr wer hinne.
Jelle yn Kanada