OP ZOEK NAAR ROOTS - 162


Wylst wy as jonkjes fan om-ende-by 10 jier rêstich boarten oerdeis en nachts noflik leinen te sliepen yn 'e oarlochstiid, sieten jonges dy't twa kear sa âld wienen as wy, yn eangst en freze. Wy hienen der gjin euvelmoed yn dat der libbensgefaar wie foar gruttere en âldere jonges. Bern bliuwe bern.

Earne op 't Fean, boppe op in fliering en heech tusken de hoannebalken, siet in jonge fan goed tweintich jier ferskûle en hy hat dêr minstens 15 moannen tahâlden. Hy hie al omtrint in jier yn Dútslân sitten en dêr mei oare Fryske jongfeinten ferplicht foar de Dútsers wurke. Doe't hy in skoftke nei Fryslân gean mocht mei fakânsje yn 1943, is hy deagewoan net werom gien, mar krûp wei. Hy dûkte ûnder! En safolle oaren dienen dat ek. Doe't de Dútsers kamen te freegjen by syn âlden wêr't Germ wie, seinen dy dat hy werom gien wie nei Dútslân. Letter moasten syn broers Bindert en Bauke ek ûnderdûke. En de heit ek. Trije jonges út ien gesin! Wat sil dy âlden ek in noed útstien ha! Yn't lêst fan de oarloch gie de heit, Jan Kempenaar, mei Bindert en Bauke nei in skûlplak earne by Twizel en dêr ferskûlen se harren yn in âld skipke dat yn 'e Sân-sleat lei, tusken de reiden. In skoftke letter is Germ dêr ek hinne flechte. Dû. Booi fan de Grifformearde Tsjerke, warskôge Germ op in kear dat der grut gefaar wie foar him en doe is Germ op in jûn op in damesfyts nei Twizel gien. Hy wie klaaid as in frou en hie in jurk en in mantel fan syn mem oan, en hy hie ek in prûk op. Yn't tsjuster, mei in hardershûn by him, is hy doe slûpendewei en hiel foarsichtich nei Twizel fytst en is dêr feilich oankommen by syn heit en de twa broers. Germ hie yn tiden net fytst en net bûten west, mar it is best gien. 'It fielde goed wer bûtelucht te rûken', sei hy. Dêr yn de Twizeler ûnlannen ha se ek noch wol gauris yn 'e knipe sitten as de Dútsers kamen en troch de reiden skeaten, wittend dat dêr wol mannen ferskûle sieten. Gelokkich bin se nea fûn wurden.

Krekt nei de oarloch hat Germ him fuortendalik opjûn by it frijwilligers leger en is doe yn Ingelân oplied wurden. Doe gau nei Australië om de Jappen te befjochtsjen, mar dat wie dien foardat se goed en wol teplak wienen yn Australië. Doe hat hy noch twa jier yn Inje west en dêr yn it Nederlânske leger tsjinne. Syn broer Bindert moast dêr doe ek hinne. De twa broers troffen elkoar dêr doe't Bindert oankaam en Germ krekt wer nei Hollân soe. Henk Kooy wie doe by Bindert.

Doe't Germ wer thús kaam, koe hy it net rjocht fine en is doe, krekt as oaren ek al, nei Kanada gien. Dat wie yn juli '48. Broer Bauke gie mei. Letter kaam syn broer Bindert ek noch.

Dizze dingen fertelde Germ my okkerdeis doe't wy in moai skoft sitten ha te praten oer de 'âlde' tiden. Hy is krapoan 81 jier no, mar noch flink en feardich.

Ik koe noch wol folle mear staaltsjes fertelle oer Germ syn jongere jierren, mar doch it sa earst mar. As ik begjinne soe oer syn tiid by Houthandel Schuilenga, syn fytstochtjes elke sneon mei it jildtaske fan Schuilenga nei Gerkeskleaster, of oer syn oargeltraapjen yn de grifformearde Tsjerke, dan bin ik fuort noch net klear.

Germ (1924-) is in soan fan Jan Gerbens Kempenaar (1897-1969) en Teatske Binderts Reitsma (1902-1974). Jan wie fytsmakker op 't Fean oan de Dr. Van Kammenstrjitte. Teatske wie in dochter fan Bindert Wytzes Reitsma (1878-1948) en Sjoerdsje Eerdes Weening (1880-1972). Sjoerdsje kaam út Surhuzum en wie in dochter fan Eerde Freerks Weening (1840-1909) en Trijntje Kornelis Iedema (1845-1935). Jan wie in soan fan Gerben Jans Kempenaar (1865-1944) en Gelske Baukes Koning (1871-1942). In suster fan Jan, Jeltsje Kempenaar (1899-1998) wie troud mei Pieter Oegema (1902-1975) [sjoch ROOTS - 79]

Gelske wie in dochter fan Bauke Nolles Koning (1846-1914) en Sytske Wytzes Woudwyk (1837-1889). Gerben Kempenaar wie in soan fan Jan Piebes Kempenaar (1834-1907) en Antsje Gerben van der Lei (1842-1927).

Dizze Germ Kempenaar wêr't ik mei praten ha lêstendeis, hat al mear as 50 jier yn Kanada wenne, en syn broers ek. Dochs mei Germ wol graach ris eefkes op 't Fean sjen, lykas mei Simmer-2000, doe't in protte Friezen 'thús' west ha.

Jelle yn Kanada

         

                 Germ Kempenaar (age 15)                                      Germ Kempenaar (age 21)
         in front of his home in Surhuisterveen                             just before he went to Indonesia