OP ZOEK NAAR ROOTS - 164


Mei in dei of wat is it sechtich jier lyn dat de Kanadezen mei harren trúks en tanks Fryslân binnen roljen kamen. It wie oeral feest! Gjin wûnder nei safolle fertriet en eangst. Hjir en dêr bleaunen de soldaten stean. Soms wol in dei of wat en ek noch wol langer. Dat barde ek yn Bûtenpost. En doe't dy knappe, jonge soldaten ris om harren hinne seagen, hiene se al gauëftich yn 'e gaten dat Fryslân moaie, kreaze famkes hie. Ien fan dy Kanadezen yn Bûtenpost stie mei syn tank flak neist it winkelpand fan Albert Sjoerd Bakker. En dizze man hie mear as bûter, brea en griene tsiis yn syn hûs. Hy hie ek in pear moaie, kreaze dochters. Ien dêrfan wie Jantsje en de soldaat hie al gau niget oan dizze frisse Friezinne. By leafde en frijerij hoege jo net folle wurden te brûken. Jantsje wie gâns fereale op Jim en hy hie wol sin oan Jantsje. It duorre dan ek mar in skoftsje en dy twa wurden it aardich iens tegearre.
Jim moast ek noch in skoftke nei Dútslân te fjochtsjen, mar hy fergeat syn Fryske faam út Bûtenpost net. Sy bin ek noch yn 'e krante kaam tegearre. It ferhaal sprekt dúdlike taal. Sa stie it - mei harren foto - yn de krante yn dy tiid:
Het kontakt met de jonge Canadees was snel gelegd. De tank stond pal naast de winkel van de familie Albert Sjoerd Bakker. De middenstander nodigde de Canadezen meteen uit in de woning achter de winkel aan de Stations-straat. Jantje Bakker fertelt: "Us heit sei: ik sil freegje of se bliuwe wolle. Dat wie bêst. In wike letter kaam er werom om ús wer te sjen", vervolgt Jantje. "Wy hawwe doe te riden west mei syn scout-car.(een bepantserde verkenningswagen.red.) Toen wist Jantje het ook zeker. "Dizze, dêr foel ik foar. Hy wie it." Jantje was toen 20 jaar en haar Canadese vriend was 22. Ze kenden geen twijfel: trouwen was het doel. Maar voor het zover was, moest er nog heel wat geregeld worden. Eerst had ze een pittig gesprek met haar ouders in de voorkamer. De schriftelijke, militaire toestemming voor Jim liet bovendien nogal even op zich wachten. "It hat moannen duorre", weet Jantje nog. In Jim's Duitse periode was het zover dat het huwelijk kon worden gesloten. De bruiloft herinnert Jantje zich nog goed. "Wy binne nei it gemeentehûs gien yn 'e taksy. En dêrnei nei de grifformearde tsjerke. By ús thús dêr wie it feest. Alles wol krap fansels, mar heit hie noch wol wat wyn." Onwezenlijk vond ze die tijd. "Krekt in dream", zegt ze achteraf.
Vanaf Engeland ging een groot passagiersschip met wel 800 tot 900 'Canadese bruiden' uit Groot-Brittannië, Nederland, Frankrijk en België, op weg naar Canada. Dat was in 1946. In de havenstad Halifax zetten Jantje en haar zoontje Milton de eerste schreden op Canadese bodem, reisden met de trein naar Toronto en vervolgens naar Jim's dorp Lefroy. [It ôfskie nimmen wie wol hiel swier en muoilik om't Jantsje har heit doe al hiel slim siik wie. Hy ferstoar in jier letter al. Sy ha mekoar net wer sjoen.] 
En no is't ûnderwylst 60 jier letter. Wêr is de tiid bleaun. In wike of wat lyn ha ik mei dizze selde Jantsje praat, fia de tillefoan. Sy wennet 500 kilometer west fan ús. Wy wienen by myn broer Sjirk op besite en doe sieten we aardich ticht by har. Har man is al sûnt 1992 wei. Hy wie fan 1923. Jim en Jantsje krigen trije jonges: Milton, Albert en Jim Jr.
Ik kaam oan dit ferhaal troch Alie Wedman-Kok, in dochter fan Harry Kok fan 't Fean. Ik kin har wol net, mar wy krigen kontakt oer it internet.

Jantsje wurdt yn 't lêst fan maart 80 jier! En foar dat grutte barren kriget se besite út Nederlân. Alie en har suster Riekje en harren beide broers Roel en Albert sille nei muoike Jantsje yn Kanada om feest te fieren! En der sitte noch oare muoikes yn Amearika, ek susters fan Alie har mem Dieuwke. Dat bin Aaltsje (1921-) en Dirkje (1929-).
Ik tocht dit stukje te skriuwen om't wy flakby de fiifde maaie libje. Dan is't 60 jier lyn dat de Befrijing kaam.
Jantsje (1925-) is in dochter fan Albert Sjoerd Bakker (1887-1947) en Hedzerika van der Kooi (1888-1968). Dizze minsken kamen oarspronklik net út Bûtenpost, mar út Langwar en Nes (W.Dong.), mar doe't se ien kear yn Bûtenpost te plak sieten, bin se dêr ek bleaun. Dêre ha se ek al harren bern krigen: Aaltsje, Popke, Dieuwke, Jantsje, Jan, Dirkje, en Atsje.
Albert Sjoerd wie in soan fan Popke Sjoerds Bakker (1853-1918) en Dieuwke Durks Althuisius (1855-1935). Hedzerika wie in dochter fan Jan Hedzers van der Kooi (1852-1908) en Aaltsje Gerrits Sinia (1853-1930). 
Ik hoopje ek noch ris wat oer de famylje Kok te skriuwen, mar dit stukje past better yn dizze tiid fan oantinken en betinken fan in tiid wêr't hoe langer hoe minder minsken noch weet fan ha. De oarloch wie in freeslike tiid, de befrijing brocht grut feest foar bergen minsken, mar dûbel feest foar Jantsje Bakker út Bûtenpost!

Jelle yn Kanada

              Jim Reid & Jantje Bakker