OP ZOEK NAAR ROOTS - 165


Yn febrewaris ha ik noch ris op 'e redens stien en ha doe gâns in ein riden yn Ottawa op de langste iisbaan yn 'e wrâld: dy is 8 kilometer lang! It is in stik fan it kanaal dat dwers troch dy moaie stêd rint en it wurdt de hiele winter moai skjin hâlden. Ik hie der ynienen sin oan en ha dy deis om-ende-by 7 kilometer riden. Te fier en te folle fansels. En ....it woe sa goed net mear as froeger. Doe fleagen we benei alle minsken foarby, mar it wie no krekt oarsom! Ik tocht earst dat it him yn 'e readens of it iis siet, mar ik hie al gau troch dat it in oare saak wie. It riden like mear op knoffeljen op 't lêst. En ...ik ha dagen lang fiele kinnen dat it jongste der ôf is. Minsken, wat die alles my sear!
Reedride! Ik wit noch skoan dat wy as bern wol fan Koartwâld nei Stroobos riden. Dat wie yn 'e oarloch. Dy feart rûn troch de Mieden, tink ik, en der leinen ek in pear brechjes oer. Dêr moast ik oan tinke doe't ik wat ferhaaltsjes tastjoerd krige fan Pytsje Zijlstra-van der Hoek út Surhústerfean oer oare Mieden as dy by Surhuzum. Sy hie wat stikjes fan ROOTS lêzen dy't oer har famylje gienen, nammentlik oer Van der Hoek en Van Kammen. [sjoch ROOTS 157, 158, 159]
Pytsje fertelde wat ferhaaltsjes oer de beppe fan har man Sybren Zijlstra. Dat is Gjetsje Klazes Zijlstra. Dy wennen froeger tusken de Tille en Bûtenpost oan de Mied-feart. As it frear en it iis sterk genôch wie, makke Gjetsje wol sûkelarje molke foar de minsken dy't dan op dy feart oant riden wienen. Sy ferkocht dat dan en makke sa in pear ekstra sinten yn dy minne tiden fan de tweintiger en tritiger jierren. Sy sutele ek wol by de duorren lâns om taaimantsjes, marsepyn en sûker beestjes te ferkeapjen. Dat spul hie se dan yn twa kuorren oan in jok op 'e skouders. Dat die se foar bakker Penninga, om sinteklaze tiid hinne. Eltse ekstra sint wie wolkom yn dy húshâlding. Sy hienen doe earst ek in pream dy't se brûkten om minsken oer te farren fan de iene kant fan dy feart nei de oare kant. Gjetsje krige 2 sinten per persoan en se die dat oerdeis fansels, mar nachts ek wol. Yn 1928 wie dat ôfrûn want doe kaam der in draaibrêge oer de feart. Doe fertsjinne se wat jild mei it iepen en ticht draaien fan dy brêge.
Har man Harm Martinus Zijlstra wie boer-arbeider en sa probearren dizze minsken mei elkoar troch de tiid te kommen.
Pytsje (1957-) is dus troud mei Sybren Zijlstra (1954-) en se wenje op 't Fean. Pytsje is in dochter fan Geert van der Hoek (1906-) dy't wenne hat by de toer en hy wie molkboer. Syn frou Jeltsje van Kammen is in dochter fan Djoerd van Kammen en Rientsje de Haan .[ROOTS-159]
Sybren is in soan fan Roel Zijlstra (1922-) en Hiltsje Walsweer (1928-). Hiltsje komt eins út Dronryp. Roel is in soan fan Harm Martinus Zijlstra (1892-1944) en Gjetsje Klazes Zijlstra (1870-1967). Gjetsje har âlden wienen Klaas Roelofs Zijlstra en Grytsje Pieters Feenstra. Harm wie in soan fan Martinus Wiegers Zijlstra (1861-) en Ytsje Harmens Hoekstra (1861-1933). Dizze Ytsje wie in dochter fan Harmen Berends Hoekstra (1831-1910) en Aukje Freerks Postma (1828-1881).
Ytsje hie in suster Aaltsje Hoekstra (1855-1926) en dy wie troud mei Sytze van der Valle (1854-1895). In dochter fan Sytze en Aaltsje wie Aukje (1881-1935) en dy wie troud mei Jan Kooistra (1874-1942), en dy wurde wol neamd 'Jan Stokje'. [sjoch ROOTS-117]
In beppe-sizzer fan Aukje is Arthur Kooistra, dy't berne is yn Bûtenpost, mar hy wennet no yn Grins. Arthur fertelde my ris dat hy prachtige herinneringen hat oan dizze beppe dy't omtrint alle psalm-ferskes út 'e holle koe. 
Roel Zijlstra (1922-) hat ek noch in broer yn Kanada, nammentlik Martinus en dy is no 89 jier âld. En Pytsje hie froeger buorlju op 'e Tille dy't ek nei Kanada gien binne, nammentlik Ljibbe en Sjoukje Dupon. In pear wiken lyn ha ik noch mei Sjoukje praat oer it Dupon-boek 'Een Brug van het Verleden naar het Heden'.
Sa sjogge we wer ris dat de wrâld mar lyts is. Oeral fine we wol minsken dy't besibbe binne oan ús.

Jelle yn Kanada