OP ZOEK NAAR ROOTS - 166


De AVEK! As dat fabryk fertelle koe oer froeger, dan kaam der hiel wat los. Wy wennen doedestiids deun tsjin dit fabryk oan. It koe hast net tichter. Dat hûs stiet der al lang net mear. As jonkje ha ik wol faak by de Avek fabryk boarte, foaral yn 'e oarlochstiid doe't it gâns in skoft sluten west hat. De Dútsers sieten der doe ek wol yn. Sy fûnen dêr doe ek in foarrie izer dat Kok en syn mannen ferstoppe hienen ûnder de flier.
Lykas ik al sei wy boarten in protte by de Avek. Wy ha wol op it dak om strúnd, wiene faak efter it fabryk dwaande, en ik mocht graach wat yn de jiskebult en de ôffalbult omklauwe. Wy fûnen dan kokes yn 'e jiske wat we brûkten yn ús kachel, en ik fûn wolris weismiten filen of izerseachjes. Kostber spul foar in jonge fansels.
Se brûkten ek karbid yn it fabryk en de ôffal dêrfan wurde bûten op in bult smieten flakby it hus fan Kobus en Jantsje Tiemersma op 'e hoeke. In jonkje fan kennissen is dêr al ris yn fallen en hat doe wat karbyd yn syn each krigen. Ik leau net dat it hielendal wer goed kommen is.
Doe't Alie Wedman-Kok my ris in mailtsje stjoerde en fertelde dat har heit Harry Kok hiet, kamen in protte dingen werom yn myn tinzen. Dan sjoch ik noch it wurkfolk moarns op 'e fytsen it fabryksterrein opriden en yn it skoft wienen hiele ploegen wol gauris oant 'sintsjes-smiten'. Se brûkten dan koperlappen en wa syn sint it tichtste by it streekje lei, krige alle sinten. Roel Kok, de heit fan Harry, wie de Grutte baas, en Gezinus Kok, syn broer, wie Lytse Kok.
Der wiene in pear sechjes wat dat wurd eins betsjutte, mar ik fûn út fan Alie dat de letters stienen foar 'Altijd Vlijt en Kwaliteit'. Der wie noch in oare Harry Kok, de âldste soan fan Lytse Kok. Dy Harry stie bekend as de sterkste fint yn it hiele fabryk: hy koe it meunster swiere aambyld optille wat net ien him nei dwaan koe!
Alie stjoerde my ek in kopij fan in oantinkingsrede dy't har heit útsprutsen hat doe't Grutte Kok en de frou 40 jier troud wienen en it fabryk 35 jier bestien hie. Dêr steane hiele moaie dinkjes yn dy rede oer it ûntstean fan dizze fabryk. Ek oer minne tiden en bettere tiden. Dit fabryk wie boud yn 1931 en wie dus noch mar goed en wol oan 'e gang doe't wy yn it 'Avekshûs' kamen út Droegeham wei. Dat hûs stie rjocht tsjinoer de Rinsma's. Dat wie yn 1938. Yn de krisis-jierren koste it izer 2 en 1/4 sint per kilo en in nij matras wurde ferkocht foar f. 2,50!!
Yn dy minne tiid wie in gûne in grau stik jild!
Ali Wedman-Kok (1958-) is troud mei Engbert Wedman út de Kompanije, en sy is in dochter fan Harm of Harry Kok (1923-1993) en Dieuwke Bakker (1923-2003). Dieuwke kaam út Bûtenpost en ik ha yn April in stikje oer de famylje Bakker skreaun. Har âlden wiene Albert Bakker (1887-1947) en Hedzerika van der Kooi (1888-1968). [sjoch ROOTS-164]
Harry wie in soan fan Roelf Kok (1898-1972) en Aaltje Kooy (1898-1965). Roelf Kok hie ek in klean-winkel op 't Fean. Aaltje Kooy wie in dochter fan Jan Kooy (1868-1943) en Froukje Wierdsma (1869-1947). In broer fan har wie Fokko Kooy, de winkelman dy't sa raar oan syn ein kaam. [sjoch ROOTS-76]
Roelf Kok wie in soan fan Harm Kok en Trijntje Voor in 't Holt (1871-). Dizze minsken kamen út Grinslân, en Harm wie skuonmakker. Dy broer Gezinus Kok, of Lytse Kok, is yn it begjin fan de fyftiger jierren mei syn gesin nei Kanada gien. Ik ha se eins nea wer sjoen, behalven Eli Kok. Dy wie ris in kear by ús yn tsjerke. Myn broer Sjirk wie ris earne yn Ontario yn in restaurant om in kopke kofje en doe siet dêr ek in man syn kopke kofje op te drinken. Sjirk fertelde my: 'Ik seach him sitten en tocht fuortendaliks 'Dy kin ik'. Mar it duorre wol eefkes foardat ik him te plak hie. En hy siet my ek al ris op en del te besjen en koe my ek net rjocht te plak krije. Op 't lêst die ik de dryste skuon oan en ik sei 'Bisto Jan Kok fan 't Fean?' En ja, hear! It kloppe. Hy sei doe: 'Dan bisto Sjirk seker. En dat wie klear fansels." De wrâld is mar lyts.

Jelle yn Kanada