OP ZOEK NAAR ROOTS - 167



Guon bern bin op frjemde plakken yn dizze wrâld kaam. De bibel fertelt ús dat Jezus berne is yn in feestâl. Ik ha ek wol ris heard dat der in poppe berne wie yn in fleantúch heech yn 'e loft, of yn in trein, of op in boat op de oseaan. Ek wolris yn in taksy op wei nei it sikehûs. Mar.....op it Wildfjild - net sa fier fan Surhústerfean ôf - is yn 1960 in jonkje op 'e wrâld kaam yn in blikken bus! In blikken bus? Ja, wier, hear, it barde yn in omboude bus fan de Marne Bus Maatskippij. Dy bus wie it earste 'hûs' fan Siebren en Clara Gjaltema. Hy stie neist it hûs fan Hindrik en Grytsje Gjaltema, de âlden fan Siebren. Yn Septimber 1960 moast Clara befalle en sa kaam lytse Hindrik Gjaltema op dizze wrâld, yn dy âlde bus. As de gleane sinne op dy bus skynde, wie it soms wol wat te hiet yn 'e 'hûs' en dêrom stie boeke al gau bûten yn syn bernewein om wat frisse lucht te krijen. De winter dêrop wie it soms sa ûnbidige kâld yn 'e bus dat it iis tsjin de solder oan siet. Dat wie fansels te kâld foar de lytse jonge en doe hat hy in skoft by pake en beppe ta hâlden. Dêr wie it smûker en waarmer. Letter kaam hy wol gauris by pake en beppe, en op in kear ha se dêr hiel wat belibbe doe't de wjerljocht ynsloech yn dat hûs. De brânplakken sieten hjir en dêr op 'e muorre. Gelokkich kaam der gjin brân fan, mar se bin wol ôfgryslik skrokken fansels. Pake Hindrik siet doe eefkes goed yn noed oer syn lytse nammegenoat.
Dizze ferhaaltsjes krige ik ûnder eagen fan Henk Gjaltema dy't no al 44 jier âld is en yn Harkema, yn de Smoarhoeke, wennet. Hy is troud mei Tjipkje van der Meulen, dochter fan Fokke van der Meulen en Tjipkje Stienstra. Henk en de frou ha trije bern: Siebren, Tjipkje en Clara.
Doe't ik wat nammen krige fan Henk, die it al gau bliken dat ik wol mear ferhalen skriuwe koe oer ferskate minsken út dy famyljes. In oare kear komt der wol wat oer Tjipkje har side. Ik seach bygelyks ek de namme Miente Stienstra, de heit fan Tjipkje. Douwe de Graaf út Drachten stjoerde my al ris in ferhaal oer de 4 Stienstra-bruorren: Sjoerd, Melle, Willem en Miente. Sy hiene alle fjouwer in bynamme dy't dúdlik fertelde yn wat foar soarte spul sy negoasje dienen. Miente siet yn 'e hûnehannel, oaren yn rommel, yn potten en pannen, yn fisk, ensf. Echt handelsfolk.
Ik gean dêr mar net fierder op yn en lit dat oer oan Douwe de Graaf dy't dêr in boek oer oant skriuwen is. Dochs wol ik eefkes in pear nammen trochjaan oer Henk en Tjipkje. Tjipkje (1961-) is in dochter fan Fokke van der Meulen en Tjipkje Stienstra, dy't in dochter is fan Miente Stienstra (1920-2002) en Tjipkje van der Wiel (1917-1995). Miente wie in soan fan Sjoerd Oedzes Stienstra (1879-1971) en Ynskje Melles Visser (1882-1945).
No sit der dus by Henk allegearre Stienstra's yn syn famylje, mar ek by syn frou Tjipkje. Komme dy famyljes by elkoar? Dat soe wol in ynteressante stúdzje wêze kinne. No eefkes wat mear oer de Gjaltema's.
Henk (1960-) is in soan fan Siebren Gjaltema (1935-) en Clara Stienstra (1936-), dochter fan Oeds Mientes Stienstra (1890-1963) en Taapke Gerrits van der Heide (1894-1977). Siebren is in soan fan Hendrik Gjaltema (1906-1980) en Grietje van der Vliet (1913-1987), dochter fan Siebren Heines van der Vliet (1861-1936) en Hinke Jelkes Bouma (1867-1964), dochter fan Jelke Everts Bouma (1838-1894) en Fokje Edema (1845-1867) dy't noch gjin jier troud west hinne. Sy ferstoar in wike nei dat har famke Hinke berne wie. Fokje wie noch mar 22 jier âld! Hendrik Gjaltema wie in soan fan Sjoerd Gjaltema (1873-1945) en Fettje Jacobs Hoeksma (1871-1948). Troch har komme we dus yn de Jacob Jans Hoeksma famylje dy't wer ferbining hat mei Doedina Wiemers Hoeksma (1840-1896) en de Drost famyljes. It hâldt mar net op.
Sjoerd Gjaltema wie in soan fan Hendrik Gjalts Gjaltema (1834-1879) en Egbertje Kornelis Raven (1828-1900). Hendrik wie in soan fan Gjalt Hepkes Gjaltema (1805-1875) en Trijntje Jans Por(re) (1806-1876). Sa earst mar.

Jelle yn Kanada


achterste rige l. nei r.  Anna, Miente, Freerkje, Aaltje, Gerrit
mid. rige: Reina, Oeds Sienstra, Taapke van der Heide, Fokke
foarste rige: Boukje en Clara (1936-)