Tjipkje, Tjipkje, Tjipkje .....! It hâldt mar net op. Dizze kear wol ik de namme Tjipkje wat folgje, mear as 200 jier yn ien en deselde famylje. Goed 16 jier lyn hat der in foto yn de krante stien fan 4 geslachten fan Tjipkjes. Dat is wol hiel wat bysûnders fansels, mar dat rychje fan Tjipkjes rint folle fierder achterút as dizze fjouwer. Ik ha it oer Tjipkje van der Meulen út Harkema, de frou fan Henk Gjaltema, en ek oer harren dochter Tjipkje. [sjoch ROOTS-167]
Dizze minsken wenje yn de Smoarhoeke. De jongste Tjipkje op dizze foto is no krekt 18 wurden. Doe't sy op 'e wrâld kaam yn '87 hiene har heit en mem gjin eigen hûs, en dêrom barde dat by in omke en tante yn Harkema. Letter wennen se yn in houten need-wenning, sûnder wetter, sûnder gas, sûnder stroom. In houtkachel moast de wenning waarm hâlde en in petroaljestel wurde brûkt foar it iten sieden.
De gewoante yn de measte famyljes wie altyd om it âldste famke nei de mem fan mem te ferneamen, en de âldste jonge nei de heit syn heit. Dat ha wy ek dien want dat wie no ien kear sa. En ...wy bin der bliid om dat we it dien ha. Mar hjoed-de-dei is dat net mear sa. Ik fyn dat wol skande. Sa as it doe dien waar, kaam dus hiel faak deselde namme werom. My frou har beppe Jetske Hoekstra-van der Land is troch al har 10 troude bern ferneamd wurden en sa wienen der 10 Jetskes! "Jetske's Tiental!" Dat sil wol net faak bard wêze, tink ik, want dan moasten se ek allegearre in famke ha fansels.
It sloech dus yn de measte gefallen ien geslacht oer mei in namme. Mar it wurdt oars as mem en dochter beide deselde namme ha. En dat is sa by Tjipkje fan Henk Gjaltema.It begjint sa:
Tjipkje Gjaltema (1987-) is in dochter fan Henk Gjaltema (1960-) en Tjipkje van der Meulen (1961-), dy't in dochter is fan Fokke van der Meulen (1931-) en Tjipkje Stienstra (1942-).
Dizze Tjipkje Stienstra is in dochter fan Miente Stienstra (1920-2002) en Tjipkje van der Wiel (1917-), dochter fan Ferdinand van der Wiel (1881-1957) en Tjipkje de Haan (1882-1952) dy't berne is yn Droegeham.
Sy wie in dochter fan Gerrit Alles de Haan (1847-1908) en Tjipkje Sjoerds Nicolai (1840-1915) dy't út Jistrum kaam. Dizze Tjipkje wie in dochter fan Sjoerd Klazes Nicolai (1802-1877) en Dettje Tjipkes Toonstra (1807-1864).
Hjir is de rjochte line eefkes ferbrutsen, mar net hielendal. It giet no troch nei in beppe Tjipkje. Gerrit de Haan wie in soan fan Alle Gerrits de Haan (1821-1877) en Tjipkje Tjeerds de Jong (1820-1878) dy't in dochter wie fan Tjeerd de Jong (1798-1874) en Janke Hendriks van der Wal (1792-1866). Tjeerd de Jong wie in soan fan Wytze Tjeerds de Jong (1759-1850) en Tjipkje Houwink (1769-1854). Wytze en Tjipkje hienen mear bern, ek in soan Hendrik (1791-1852) en dat is de stamheit fan Hendrik de Jong (1925-) út Droegeham, dy't troud is mei Martha Kloosterman (1926-) [sjoch ROOTS-34]. Hendrik de Jong (1791-1852) wie troud mei Wytske Eelkema (1800-1866) en dy hienen in soan Wytze (1819-1875) dy't troud wie mei Grietje Wibbelink (1817-1891). In soan fan dizze minsken wie Kornelis (1852-1906) en dy troude mei Harmke Bijl (1857-1895). Dy hienen in soan Wytze (1894-1951) dy't troud wie mei Antje van Minnen (1899-2000) en dêr is Hendrik's Martha in soan fan.
Noch eefkes dit: Gerrit de Haan en Tjipkje Nicolai hienen ek noch in soan Alle (1869-1895) dy't troude mei Bregtje Mozes (1868-1943). Bregtje hie in soan Gerrit Mozes (1892-1943) dy't froeger nei California gien is. Dêr troude hy en krige ien soan Sam Mozes. Oer Sam ha ik al ris wat skreaun. [sjoch Roots 1-4]
Ik gean mar net fierder tebek mei de Tjipkjes. Miskien is der wol ien dy't noch fierder en djipper oant dollen west hat yn it ferline. Ik lit it yn elts gefal mar by de sân Tjipkjes dy't ik fûn ha. Dat is al in hiel rychje.
Jelle yn Kanada
Tjipkje Gjaltema (1987-), mem Tjipkje Gjaltema-van der Meulen (1961-),
beppe Tjipkje van der Meulen-Stienstra (1942-) en oerbeppe Tjitske Stienstra-van der Wiel (1917-)