Ik krige
okkerdeis in mailtsje fan Tjitske Hoekstra-Alma út Harkema. Lykas sa folle
oaren dogge, hie sy ek wat oant sneupen west op it net en kaam doe by myn
website telâne. Dêr steane alle stikjes fan ROOTS op en doe seach se ek dat wy
beide út de Ham komme. Ek dat myn pake Jelle Hamstra op de Ikkers wenne froeger,
en dêr is Tjitske ek berne, nammentlik yn it dûbele hûs dat achter de
Herfoarme pastorij stie. Sy is in dochter fan Pieter Alma en Iefke Gjaltema. Har
heit is al ferstoarn, mar har mem libbet noch en wennet op it Fean yn 't
Suyderhuys. Dêr is in broer fan Iefke ek, nammentlik Popke Gjaltema (1917-). En
no fûn ik ek út dat Tjitske en in froegere kostfrou fan my by elkoar komme yn
it Gjaltema laach: Tjitske har pake Oenze Gjaltema wie in achterneef fan Gepke
Van der Naald-Gjaltema har pake Albert Gjaltema!
Wa
is Gepke eins? It is hast 50 jier lyn dat ik yn de kost wie by Weit van der
Naald (1914-2000) en syn frou Gepke yn Chatham, yn Ontario. Weit kaam út de
buert fan Kornhorn en hie ek in broer yn Chicago, nammentlik Harm van der Naald
(1901-) dy't troud wie mei Ybeltsje Bonnes van Schepen (1902-). In suster fan
harren, Lamke (1906-1974) wie troud mei Wiebe Smids (1905-1953) dy't út
Surhuzum kaam. Weit wie troud mei Gepke Gjaltema (1916-2002) út Grinzer Pein.
Tjitske
skreau my in moai ferhaaltsje oer har pake Oenze, dy't yn Stynsgea wenne:
Tjitske
hat net lang troud west. Har man, Harm Hoekstra, wie al jong hertpasjint en
mocht letter ek net mear wurkje op 'e Avek, op 't Fean. Harm wie fan 1935 en is
yn 1988 al wei rekke. Harm wie in soan fan Freerk Hoekstra (1910-1976) en Martje
Pander (1912-1964). Hy en Tjitske krigen trije bern: Marian en Yvonne, twalingen,
en Freerk. Dy Freerk Hoekstra wie in soan fan Harm Hoekstra (1887-1955) en
Trijntje Veenstra (1888-1961). Dizze Trijntje hie in suster Froukje Veenstra
(1874-1948) en dy wie troud mei Jelte van der Ploeg (1883-1918). En dat binne de
âld-pake en beppe fan Atze van der Ploeg, de redakteur fan de Feanster.
Tjitske
(1943-) is dus in dochter fan Pieter Alma (1910-2001) en Iefke Gjaltema (1913-),
dochter fan Oenze Pieters Gjaltema (1884-1949) en Jantsje Hanzes Nieuwenhuis
(1886-1981). Pieter wie in soan fan Pieter Fokkes Alma (1871-1955) en Tjitske
Johannes Pitstra (1872-1927).
Oenze
Gjaltema wie in soan fan Pieter Popkes Gjaltema (1857-1946) en Iefke Oenzes
Piekstra (1853-1884). Pieter wie in soan fan Popke Pieters Gjaltema (1828-1893)
en Jitske Wobbes Bouma (1833-1868), en Popke wie in soan fan Pieter Hepkes
Gjaltema (1799-1861) en Wilhelmina Popkes Wagenaar (1802-1881).
Dizze
minsken hiene noch in soan , nammentlik Albert Pieters Gjaltema (1840-1886) en
dy wie troud mei Gepke Onnes de Boer (1842-1892). Albert en Gepke hienen in soan
Hepke (1876-) en dy wie troud mei Eelkje Struiksma (1871-), en dy hienen in
dochter en dat wie Gepke (1916-2002), myn froegere kostfrou. Sy en Weit hienen 4
bern, en ien dêrfan wie in soan Hepke. Dy is ek al ferstoarn (1947-1999).
Jo
kin dúdlik sjen dat bepaalde nammen hieltyd werom kamen, lykas Hepke, Oenze,
Tjitske en Gepke. Sa gie dat doedestiids. Hjoed is dat wat oars.
Jelle yn Kanada