OP ZOEK NAAR ROOTS - 170


Froeger learden wy op skoalle mei 'Vaderlandse Geschiedenis' dat der in keizer fan de Franken wie dy't 'Karel de Grote' hiet, en dat dy syn heit 'Pepijn de Korte' wie. Fryslân hie froeger in machtich sterke reus en dat wie Grutte Pier, de man fan 'bûter, brea, en griene tsiis'. Ek yn it hielal is der ferskil yn de stjerrebylden: sa prate wy oer de Lytse Bear en de Grutte Bear.

Doe't ik in lytse beuker wie, froeger op 't Fean, hearde ik wol ferhalen fan heit oer Lytse Eerde en Grutte Eerde. Sy wurken beide mei myn heit op it molkfabryk. In pear jier lyn trof ik hjir by ús yn tsjerke in man fan 't Fean en dat wie Jelke Schippers, in soan fan Grutte Eerde. In poerbêste man, tocht ik doe fuortynienen. Hy hat doe in hiele jûn noflik by ús sitten wat te fertellen oer syn frou, oer de bern, oer syn wurk dat hy dien hie, en ek oer syn taak dy't hy no noch dwaan mei yn de tsjerke en ek dêr bûten. It blykt dat Jelke in protte minsken ta stipe is, foaral lju yn ferpleech- en fersoargingshûzen.

En in lyts skoftke lyn krige ik in moaie brief fan Minke van der Ploeg-Schippers, in dochter fan Lytse Eerde, dy't in folle neef wie fan Grutte Eerde. 

No koe ik oer dy beide neven wol folle mear fertelle, mar ik hâld my dizze kear mar by wat dingen dy't Minke my skreaun hat. Minke hie in broer Jan dy't froeger kappersfeint wie by Teunis Schurer, tsjinoer de toer. Teunis wurde letter myn omke doe't hy mei myn tante Dora troude. As jonkje hat Schurer myn hier wol gauris goed koart der ôf meand. Dat wie de moade doedestiids, mar it wie ek hiel maklik foar de memmen om sokke smoarge, switterige kopkes te waskjen.

Minke fertelde my dat har heit jierrenlang op it Feanster molkfabryk wurke hat oant it sluten wurde. Mei elkoar 48 jier! Doe hat hy noch in pear jier yn Grins op in fabryk wurke, en is doe mei pensjoen gien. Lytse Earde krige in lintsje en in spjeldsje doe't hy 45 jier op it Feanster molkfabryk wurke hie. Dat wie tagelyk mei Jehannes Senneker en Siebe Boomsma. Dêr is doe net folle drokte fan makke. It wurde gewoan oerhandige en dêrmei wie it dien. Doe't hy yn Grins ophâlde en 50 jier yn 'e suvel wurke hie, wurde de hiele famylje Schippers yn auto's ophelje en gienen sa nei Grins. Dêr wurde Earde tasprutsen, krige in pear kado's en sy wurden in hearlik diner oanbean. Dat hat de famylje geweldich wurdeare.

Lytse Earde hat mar in hiel koart skoftsje fan syn pensjoen genietsje mochten. Hy ferstoar doe't hy 66 wie. It minskdom sjocht hiel lang en bot út nei de tiid fan 'rintenierjen', mar yn in protte gefallen is dy tiid faak mar koart. Sokke dingen bin mar muoilik te begripen. Dat kin jo better mar by de Heare litte, en oan Him oerjaan.

Minke (1930-) wie troud mei Andries van der Ploeg (1926-1977) dy't mar 51 jier âld wurden is. Hy wie in soan fan Hepke Idsges van der Ploeg (1898-) en Beitske Andries Veenstra (1898-). Syn ferstjerren makke it wol muoilik foar Minke en de bern. Minke is dus in dochter fan Eerde Schippers (1903-1970) en Anna Bijma (1906-1984), dochter fan Sjouke Hendriks Bijma en Minke Lodewijks Postma. Eerde en Anna wennen oan de Vierhuisterweg wêr't Jan Booi, de klompmakker ek wenne. Dy syn frou Hijlkje wie in nicht fan Anna Bijma.

Eerde wie in soan fan Jan Geerts Schippers (1881-1976) en Harmke Eerdes Weening (1882-1967). Dizze Jan Schippers wie in soan fan Geert Jelkes Schippers (1857-1928) en Wibbigje Jans Elzinga (1847-1931).

Dizze minsken hienen ek in soan Jelke (1877-1947) dy't troud wie mei Tryntsje Eerdes Weening (1878-1961), in suster fan Harmke Weening.

Jelke en Tryntsje krigen in soan Eerde (1909-1996) dy't letter Grutte Eerde neamd wurde. En dat wie dus in neef fan Lytse Eerde. Grutte Eerde troude mei Tryntsje Willems Weening (1909-2001) en in soan dêrfan wie Jelke dy't by ús op besite west hat, yn Kanada. Jelke wie troud mei Baukje de Jong (1928-2002). En dat wie in suster fan Halbe de Jong (1930-) dy't yn Kanada wennet en wêr't ik wol gauris west ha.[sjoch ROOTS-18] Jelke syn beppe Tryntsje hie it hiel krap en dochs joech se oan hiele earme minsken wol ris in waarm miel iten. Sy mocht graach oaren helpe.

Jelle yn Kanada