OP ZOEK NAAR ROOTS - 171



Der wie lêstendeis in groep Friezen fan de reis-ferieniging 'Yn de Fuotleasten' by ús op besite yn in seal fan ús tsjerke. Dy groep wie hjir mei harren leider Jan Jongsma út Burgum. Doe wy sa by elkoar wienen as reizgers en in nustje emigranten, mei elkoar sa'n 40, 50 minsken, moast ik ynienen tinke oan in ferhaaltsje dat my ris ferteld waar troch in man dy't no yn de Kompenije wennet. Hy wie noch mar in lyts baaske fan 7, 8 jier âld en wenne mei syn heit en mem en de oare bern op ien fan âldste pleatsen op Blauhús by Surhústerfean. Op in kear wienen der twa fan syn neefkes by harren út fan hûs en de trije mantsjes hiene in protte wille mei elkoar. Der wie romte genôch om te boartsjen en se hiene it wakker nei't sin. Der stie tichteby by de pleats in âld hinnehok dat net mear brûkt wurde en dêr boarten de 'banditen' ek wol yn. Der sieten hiel wat lytse rútsjes yn dat hok en dy deis hellen se wat út dat harren letter raar opbrutsen is. Se fûnen in stok en doe ha se om beurten wol 90 fan dy rútsjes stikken slein. It wie grut feest fansels. Dat wie oars net as laitsje. Minsken wat gie dat moai! Wat hienen se in wille! Hieltyd mear, en mear, no dy en dan dy. Der bleaunen net folle rútsjes hiel! Doe't se letter yn 'e hûs kamen en de heit op de ien of de oare manear útfûn wat de trije feintsjes dien hienen, doe wie de boat oan fansels. De selde stok is doe wer brûkt wurden! Dizze kear brûkte de heit him. Se ha alle trije in wân bruien foar de broek krigen. Se sil it fuort wol net wer dien ha. Dy heit wie Evert van Wieren dy't troud wie mei Ieke van der Veen. Ien fan de trije banditen wie harren soantsje Atze, en de neefkes wienen Albert te Nijenhuis en Heine Veerman. En it wie dizze Heine Veerman dy't okkerdeis by ús de Fryske gasten wat ferteld hat oer de belibbenissen fan guon emigranten en dan foaral oer syn eigen heit en mem en de oare bern. Hein is no in kalme, rêstige man fan 60 jier en hy is ûnderwizer oan de Kristlike skoalle hjir by ús yn Williamsburg wêr't ik jierren haad west ha. Hein hat de minsken yn it Frysk ta sprutsen en dat gie bêst, foaral as jo witte dat hy hjir yn Kanada kaam doe't hy noch mar 8 jier âld wie.

Ik sil no eefkes útlizze hoe't dizze trije neefkes famylje fan elkoar binne.

Hein syn mem, Anna, wie in suster fan Ieke, de mem fan Atze. Albert syn mem Jantsje, wie in suster fan Evert van Wieren, de man dy't de trije dogenieten oer de knibbel hân hat.

No noch wat mear oer dizze trije neven:

Heine Veerman (1945-) is in soan fan Lourens Veerman (1910-1986) en Anna van der Veen (1913-1958), dochter fan Heine Syes van der Veen (1892-1979) en Sjoukje Jansma (1896-1919). Lourens wie in soan fan Adrianus Lourens Veerman (1881-1951) en Melletje Pieters van der Meulen (1882-1965).

Atze van Wieren (1944-) is in soan fan Evert van Wieren (1919-1970) en Eelkje (Ieke) van der Veen (1918-2004), dochter fan Heine van der Veen en Sjoukje Jansma (sjoch boppe by Heine Veerman). Evert wie in soan fan Atze Alberts van Wieren (1869-1945) en Maaike Everts Heringa (1876-1966). [sjoch ek ROOTS-5]

Albert te Nijenhuis (1943-) is in soan fan Gerrit Geerts te Nijenhuis (1909-1995) en Jantje van Wieren (1911-1992), dochter fan Atze van Wieren en Maaike Heringa (sjoch boppe by Atze van Wieren). Gerrit te Nijenhuis wie in soan fan Geert Annes te Nijenhuis (1838-1903) en Trijntje Geerts Bijlstra (1843-1907).

Dit noch eefkes: Atze van Wieren syn frou Jinke Nicolai (1947-) is in dochter fan Hindrik Gooitzens Nicolai (1910-1981) en Jitske Alma (1913-1986). Jinke Nicolai is fiere famylje fan ús fia har pake en beppe, Gooitzen en Jinke, út 'e Ham. Wy komme by elkoar yn it nêst fan Pieter Gooitzens Nicolai (1775-1850) en Frijke Jelles Merkus (1778-1813).

Jelle yn Kanada

(Atze, dy foto is de buorkerij fan Evert van Wieren. Dy pleats is ôfbaarnd.)