Yn
myn bernetiid wienen der twa bellen dy't de minsken út 'e hûs krije koenen.
Ien fan dy twa wie fan de iisko-man, Auke Krist út Grinzer Pein. Hiel inkeld op
in smoarendhjitte dei krigen wy fan ús mem in pear sinten, of in botsen,
miskien wol in stoer om in iisko te keapjen. Ik sjoch dy iiskarre noch dúdlik
foar my en hoe't dy der út seach. Auke brûkte in soarte skiif en stiek of
treau dy troch in rûne steaf iis, en de dikte fan de iisko hong ôf fan wat der
yn it jonges hantsje lei. Hy naam dan twa tinne koekjes of waffels en die ien
oan de ûnder- en ien oan de boppekant fan it iis. Minsken, wat smakke dat
lekker! Wy probearren sa lang mooglik fan dy iisko te slikjen en te genietsjen.
Mar hy wie altyd te gau fuort fansels.
Dy
oare belle rinkele yn 'e regel flak foar it jûnsiten. Dy wie fan de fiskboer,
Djille Bouius, dy't troch ús strjitte fytste en syn belle rinkelje liet om oan
te kundigjen dat hy der oan kaam. Hy hie bakte fiskjes en rikke bokkings, en ek
sâlte en soere hjerrings te keap. Ik wit noch goed dat dy fisken lekker rûkten.
Smeitsje wit ik net sa goed mear want mem kocht se net sa faak. Fokke Weening
fertelde my lêstendeis noch dat hy en syn broer Sieb wol ris by Djille yn it
fiskwinkeltsje kamen en as hy dan oant fiskbakken wie, krigen sy as jonges wol
ris de krûmkes. Dy smakken hearlik fansels. Fokke wenne mar in pear hûzen fan
de famylje Bouius ôf, flakby Koartwâld, by de mûne.
Ik
krige okkerdeis in mailtsje fan de âldste dochter fan Djille Bouius. Dat is
Sjoukje. Sy stjoerde my ek in hiele moaie foto fan harren gesin út dy tiid. [sjoch
FOTO] Doe't ik de foto ûnder eagen krige, seach ik fuort-en-daliks Djille wer
op syn fisk-karre by ús lâns riden. Dat is gâns in skoft lyn: mear as 55 jier,
tink ik. Sjoukje skreau ek dat se ferhûze binne fan Koartwâld nei Rottefalle
en dat har heit dêr ek wer in fiskwinkel hie foar in skoft. Om't oare
famylje-leden nei Kanada gienen, woe Djille dêr ek hinne mei syn húshâlding.
Mar dat is op 't lêst net troch gien. Wylst se mei emigraasje plannen omrûnen,
hie hy de fiskwinkel al ferkocht, en doe moast hy oar wurk sykje. Sy ha noch in
foech jier yn 'e Joure wenne en bin doe nei Almelo ferhûze. Dêr bin Djille en
de frou ek ferstoarn. En dêr bin de bern ek hingjen bleaun fansels.
Djille
(1915-1984) wie ien fan in grutte húshâlding. Hy wie in soan fan Kornelis
Uilkes Bouius (1878-1967) en Bintsje Eerdes Weening (1888-1959). Dizze minsken
hiene 18 bern. [sjoch ROOTS-29].
Djille
syn frou wie Trijntje Kornelis Weening (1913-1971) en sy wie in dochter fan
Kornelis Eerdes Weening (1882-1913) en Sjoukje Jacobs Witvoet (1883-1941).
Djille
syn mem Bintsje wie in dochter fan Eerde Klazes Weening (1853-1912) en Ankje
Waatzes Nobach (1856-1940).
Kornelis
Uilkes Bruining wie in soan fan Uilke Gerrits Bouius (1844-1921) en Geeltsje
Kornelis Nieuwenhuis (1851-1918), dochter fan Kornelis Jans Nieuwenhuis
(1819-1899) en Sybrigje Tietes Bosgra (1811-1875). Uilke wie in soan fan Gerrit
Franzes Bouius (1793-1868) en Teatske Nannes Hoeksma (1797-1867).
Eerde
Klazes Weening wie in soan fan Klaas Eerdes Weening (1828-1894) en Tetsje Sjirks
Bijma (1824-1898), en Klaas wie in soan fan Eerde Willems Weening (1796-1882) en
Geertsje Jans Bots (1793-1868).
Jelle yn Kanada