Eize is te plak! Minsken, wat hat dat wat fuotten yn de ierde hân om dy man te finen. Ik wist dat hy bestie, mar wêr wie hy bedarre? No wit ik dat hy al fan 1937 ôf rêst yn in tsjerkhôf yn Chicago, yn de staat Illinois, yn Amearika, sûnder stien. It wie gâns in toer om syn spoar te finen.
De gemeentehuzen fan Smellingerlân en Opsterlân bin der sels oan te pas kaam, mar alles wat we fine koenen, wie dat Eize (berne op 8 okt. 1866 yn Smell.) mei syn broer Jan yn 1886 út Smellingerlân nei Opsterlân gean soe. Syn heit en Eize syn twadde mem ek. En noch in nustje bern út dat twadde houlik. It hiele ploegje is dêr doe wol ynskreaun wurden, mar ....Eize net. Syn folle broer Jan wol. Mar wêr wie Eize bedarre? De Boargerlike Stân wit it ek net.
In pear moanne lyn wienen myn frou en ik yn Amearika by freonen yn it stêdsje Holland in de staat Michigan. Op in moarntiid kaam dêr by dy freonen in âld man om in bakje kofje. Hy wie learaar west en syn famylje wie yn it lêst fan 1800 al yn Amearika oan kommen. Wy sieten sa wat te praten en doe sei hy - nei't ik wat oant fiskjen wie nei nammen - 'Myn frou har heit en mem wienen dy en dy, en har pake wie Eize Pool, en har beppe Jacobje Folkerts. Datums wist de man hielendal net. Syn frou ek net.
Eize Pool? Dy namme kaam my wol aardich bekend foar, ek al om't ik in protte Pool-en yn 'e kompjûter ha. Ik tocht doe dat ik him wol gau helpe koe mei syn stambeam. Mar dat foel goed tsjin. Jasper Pool út Surhuzum wist it ek net, en dy hat ek hiel wat wurk dien yn de Pool-famyljes.
Net ien wist it. De gemeentehuzen ek net. Twa Eize's: ien spoarleas en ien ferstoarn yn Amearika! Wienen dizze beide Eize's miskien ien en deselde persoan?
In grut riedsel! En no krige ik okkerdeis fan in begraffenis-ynstânsje út Chicago berjocht dat dêr yn 1937 in sekere E. Pool ferstoarn wie. Dy man wie dêr begroeven, mar der stie net in stien op syn grêf. Dit berjocht holp my wol wat fansels, mar wie dat de Eize Pool wêr't ik om socht? En doe fûn ik ek út fia oare boarnen dat syn namme wolris oars skreaun wurde, lykas Elco, Elko, Eiso, Edward, Eljo, Elzo .....Pool(e)! Dat makke it net makliker.
Op 't lêst fûn ik út dat dy Eize út Chicago troud wie op 22 april 1896, yn Chicago, mei Jacobje Folkerts, en dat hy berne wie yn 1867 yn Hollân. Dat kloppe dus wol aardich. Yn 1900 hat der in folkstelling west yn Amearika en doe stienen Eize en syn frou deryn as Elko en Jacobtje Poole, en dat hy berne wie rûn 1867. It like wol dat it deselde Eize wie. Mar noch gjin presise datum.
Ek syn tsjerke yn Chicago hat wat holpen en dy gegevens kloppen ek wol aardich mei de oaren. Wit ik it no seker? Net hûndert persint, mar ik rekkenje dat dizze sok ôfbreide is. Ik wit no ek hoe't hy yn Amearika fersyld rekke is: Michel Dalstra út Denemarken fún dat Eize op 26.4.1889 yn New York oankaam mei de boat de "ROTTERDAM". Op syn papieren stiet Elise Pool, wat wol in skriuwfout wêze sil.
No krige ik koartlyn in kopij fan syn ferstjerren fan de staat Illinois en dêr stiet dit yn oer 'myn' Eize Pool: Edward Pool, troud mei Josephine Pool, berne Oktober 8, 1867, Holland, gernier (hy ferboude griente en jirpels), soan fan John Pool en Mary ..., ferstoarn op 7 novimber 1937, om 11 ûre moarns, 70 jier âld, stoarn oan ferstopping fan de yngewanden en bloedfergiftiging, folge troch longûntstekking.
Is dit him? Ik tink it wol, al kloppet alles net presys. In protte minsken yn 1800 koenen mar amper lêze en skriuwe. Sy wisten ek net presys wat harren berte-datum wie. Eize skynber ek net. Ien fan de bernsbern yn Chicago hie my al skreaun dat 'grandpa' griente-sutele mei in karre troch de strjitten fan dy grutte stêd yn de tritiger jierren.
Dit boppesteande ferhaal jout jo wol in dúdlik byld hoe muoilik it soms is in persoan te finen. Mar it fertelt ús ek dat it net maklik is om sa mar fan it toaniel te ferdwinen. Earne dûkt in minske wer boppe wetter, earne bin der oantekeningen makke, miskien mei trouwen, ferstjerren, folkstellingen, ensf.
Dizze Eize Pool kaam út Smellingerlân en hy is fiere famylje fan ferskate famyljes op 't Fean en yn Houtigehage. In oare kear hoopje ik dêr wat oer te skriuwen. Eefkes geduld dus.
Jelle yn Kanada