OP ZOEK NAAR ROOTS - 174



Yn ROOTS-173 ha ik wat ferteld oer Eize Pool (1866-1937) dy't yn Chicago fersyld rekke, foar 1896, en dy't dêr ferstoarn is yn 1937. Wy binne no wol aardich seker dat hy dy Eize Pool is dy't út Smellingerlân gien is yn 1886 en ....nea wer te finen is yn de Boargerlike Stân. Hoe as dat doe gien is, is net mear út te finen fansels. Wy witte no wol dat hy mei it grutte skip de "ROTTERDAM" yn 1889 de oseaan oerstutsen is. In bulte Friezen - ek in sekere Gjalt Andries Dalstra (1859-1924) en noch oaren - binne rûn 1890 nei Amearika gien.

Der wenje in protte famyljes yn Houtigehage en omkriten, en ek op 't Fean, dy't besibbe binne oan dizze Eize. Famyljes lykas guon Pool-famyljes, mar ek Bijma's, Dalstra's, Witteveen's, en .... hy wie ek fiere, oantroude famylje fan myn mem.

Der wenne froeger - yn 't begjin fan 1800 - yn Drachten en omkriten in grutte húshâlding en dêr wienen fêst wol 9 bern. De âlden hiten Jan Eizes Pool (1802-1862) en Janna Jans Renkema (1801-1870). No folgje ik hjoed trije fan harren bern in bytsje want dêr wit ik wol wat mear oer.

Sy hienen in dochter Antsje (1825-1913) dy't troude mei Klaas Franzes Schuurman (1809-1863), en dy hienen in soan Frans (1850-1894) dy't troud wie mei Janke Kornelis de Boer (1848-1924). In soan fan dizze Frans wie Bocke Schuurman (1883-1952). Bocke wie troud mei myn muoike Rinske Nicolai (1890-1967). Rinske wie in suster fan myn beppe Hinke Nicolai (1888-1918), frou fan myn pake Jelle Hamstra (1884-1942) út Droegeham.

Trije broers fan Bocke wienen troud mei trije susters, allegearre dochters fan Willem Willems Weening (1851-1925) en Janna Eizes Pool (1851-1941). Tollien Schuurman, de wiidferneamde hurdrinster út de tritiger jierren, wie in dochter fan ien fan dy trije broers, nammentlik fan Riekele Schuurman. Sy wie doedestiids wrâld-kampioene op de 100 meter!

Ien fan de jonges fan Jan Eizes Pool en Janna Jans Renkema wie Jan Jans Pool (1834-) en dat moat de heit fan Eize Pool út Chicago wêze. Eize syn mem wie Antsje Foppes de Boer (1834-1868). Dizze jonge widner, Jan Jans Pool, troude foar de twadde kear mei Martje van der Veen (1840-). [sjoch ROOTS-173]

Jan en Janna hienen ek in soan Eize Jans Pool (1827-1909) dy't troude mei Sijke Gerrits de Vries (1819-1905). Dit pearke krige in dochter Trijntje Eizes Pool (1860-1946) dy't troud wie mei Sipke Gjalts Lindeboom (1856-1924).

Twa dochters fan dizze Sipke en Tryn trouden mei Dalstra-bruorren. Dat wienen Sijke en Janna. Sijke (1889-1965) troude mei Alle Jehannes Dalstra (1887-1974) en Janna (1896-1972) mei Brand Jehannes Dalstra (1896-1984). Alle en Sijke krigen in famke, nammentlik Wipke. Dy troude letter mei Reinder van Santen (1922-1989). Ik hoopje mear oer Wipke te skriuwen yn de folgjende ROOTS.

Wipke hat in broer Hindrik Wietze (1929-) dy't mei Ynske van der Wijk (1935-) troude. Sy is in dochter fan Migchiel Jehannes van der Wijk (1914-1991) en Baukje Baukes Pultrum (1913-1993). Hindrik en Ynske ferhûzen nei Enschede wêr't hy jierrenlang  tekstylkundich yngenieur en letter learaar tekstylkunde west hat.

Sy krigen in soan Michel (1961-). Michel en ik ha wol gauris wat gegevens hin-en- wer de grutte dobbe oerstjoerd. Hy wennet al in jier of wat yn Denemarken. Hy is wurktúch boukundich yngenieur, biomechanicus, doktor yn de medyske wittenskippen en haad-dosint oan de universiteit fan Aarhus yn Denemarken.

Michel hat ek in protte dien oan stambeam-ûndersyk en hat my wolris wat tastjoerd oer famyljes út Houtigehage en omkriten. Hy stjoerde my ek in ferhaal oer syn âldomke master Brand Dalstra (1896-1984), in froeger haad fan de Iepenbiere Skoalle fan Houtigehage. Oer him en oer Wipke hoopje ik oer twa wiken wat mear te fertellen.

Brand en Alle hienen ek noch in broer Bareld Johannes Dalstra (1892-1975) dy't troud wie mei Jeltsje Kooistra (1894-1963). Harren dochter Hinke (1926-) troude yn 1945 mei de Kanadeeske soldaat Henry Holden. [sjoch ROOTS-133]


Jelle yn Kanada