It
stikje oer Eize Pool, dy't ferstoar yn 1937 yn Chicago [ROOTS-173], hat hiel wat
minsken oant tinken brocht hoe as sy miskien famylje binne fan dizze Eize.
Michel Dalstra hat my lêstendeis wat ferhaaltsjes tastjoerd oer guon yn syn
famylje dy't besibbe binne oan dizze Eize Pool.
Dêrom
wol ik dizze kear wat fertelle oer in Dalstra-famylje, en dan foaral oer Brand
Dalstra (1896-1984). Brand Dalstra? Wa is dat eins?
Ik
wit net as der noch in protte minsken op 't Fean wenje, of yn Boelensloane, of
yn Houtigehage, dy't by master Dalstra yn 'e klasse sitten ha of by him op
skoalle gien ha. Hy wie yn de tweintiger - en mooglik begjin tritiger jierren -
haad fan de iepenbiere skoalle yn Houtigehage. Neffens Michel wie Brand it
jongste haad fan in skoalle yn hiel Nederlân. Nea wie der ien west dy't jonger
haad wurde as hy. Hy wie in strange master en hie de wyn der ûnder. Ûnderwizers
út dy tiid joegen bern wolris in draai om 'e earen, of knypten de bern wolris
yn't wang of yn de earm, of de bern krigen wolris in tik mei de liniaal yn 'e hân.
It ear wurde ek wolris omdraaid. Soks mei hjoed-de-dei net mear. Doedestiids wol.
It wie soms ek wol nedich, tink ik.
Alle
bern fan master Dalstra syn skoalle soenen ris op 'e foto. Dat wie yn 1926. De
knappe klean moast oan want dat wie in hiel evenemint. Yn 'e regel kamen alle
bern fan in húshâlding op deselde foto. Dat wie goedkeaper foar de âlden
fansels. Sels in lyts suske fan guon fan de bern mocht ek op de foto, al gie se
noch net op skoalle. De mem sil master wol frege ha, ek al om't master in omke
fan dat lytse famke wie. Dat famke wie Wipke Dalstra (1921-) [sjoch ROOTS-174]
Mar
doe't de fotograaf klear stie om dy groep op de foto te setten, stjoerde lytse
Wipke de saak danich yn dusoarder. Sy siet wakker te gûlen. Dikke snokken!
Master frege syn lytse omke-sizzer in pear kear wat der eins oan skeelde. Al
snokkend sei sy: "Ik wit it net". Hoe't master ek probearre in better
antwurd fan har te krijen, it woe net. Op't lêst wie syn geduld op en joech er
har in draai om 'e earen en sei: 'Sa, no wist teminsten wêrom ast gûle moast!'
Wêrom
gûlde lytse Wipke eins? Har âldere broer Jehannes hie har wiis makke dat as jo
op in foto kamen, op sa'n printsje, dan kamen jo der nea wer ôf. Nea der wer ôf?
Dat like Wipke net goed ta. Sy begriep it deagewoan net en se stie deadseangsten
út oer dat foto nimmen. It like har op fleanen. Nea wer nei mem werom miskien?
Gûle! Snokke!
It
gefolch wie dat Wipke dy deis net op 'e foto kommen is.
Master
Dalstra gie yn de tritiger jierren nei Oerisel en yn it begjin fan de fyftiger
jierren is hy mei frou en dochter nei Kalifornije yn Amearika gien, wêr harren
soan Jehannes doe al wenne.
Brand
Dalstra wie berne op 't Fean. Dû. Kees de Boer hat my skreaun dat dizze master
Brand ek in gedicht makke hat oer it Fean, nammentlik "Oer it Fean myn
doarpke". Dat hat yn 1980 yn de Feanster stien. Hy hat wol mear ferhalen
skreaun.
Brand
en Wipke wienen dus famylje fan elkoar, en sy en master wienen ek beide besibbe
oan Eize Pool út Chicago. Hoe sit dat eins yn elkoar?
Master
en Wipke har heit wienen beide troud mei Lindeboom famkes: Brand mei Janna en
Alle mei Sijke. [sjoch ROOTS-174]
Op
de bygeande foto steane guon fan de minsken dy't ik neamd ha. De lêzers sil ek
wol in stikmannich fan de bern of fan it personiel kinne, tink ik. Is der immen
dy't se allegearre kin?
Michel
hat my skreaun wa't sommigen binne. Hjir folget wat hy my skreau:
-master
Brand Dalstra is de tredde fan lofts en syn frou Janna Lindeboom stiet hielendal
rjochts. Lofts fan master stiet Bareld Pultrum (1917-1992). De tredde rjochts
fan master is Siebe Pultrum (1919-1985), en de fyfde rjochts fan master is Geert
Pultrum (1915-1982). Dat wienen trije broers fan Baukje Pultrum (1913-1993), de
beppe fan Michel, en allegearre bern fan Bauke Jilles Pultrum (1877-1947) en
Ynskje Gerkes Bos (1876-1962). Bauke wie de eigener fan it kafee op 'e hoeke yn
Houtigehage. Krekt lofts fan dy oare ûnderwizer is 'Grutte' Joop Dalstra
(1917-1998), de Jehannes út boppeneamd ferhaal. De loftse, steande matroas
krekt foar de rige famkes, is syn broer Sipke Dalstra (1919-1999) en dy oare
matroas, twa plakken nei rjochts, is Lytse Joop Dalstra (1919-), soantsje fan
master Brand.
Jelle yn Kanada