Okkerdeis
doe't ik poeltsjes sykje soe, kaam my yn't sin dat ik froeger, krekt nei de
oarloch, wolris in hiele moarn oant poeltsjes plukken wie foar Van der Werf. Dy
wenne flak by ús oan de Warreboskleane, mar dy poeltsjes wienen op in stik lân
achter de buorkerij fan Jehannes Atsma, tichteby Blauhús. Ik wie noch mar in
jonge fan on-ende-by 12 jier, tink ik. We gienen dêr mei elkoar hinne, in hiele
keppel, op in platte wein mei in hynder der foar. Dy poeltsjes sil wol nei de
feiling gien wêze, ferwachtsje ik.
As
bern boarten we ek wol gauris by Van der Werf en wy kamen ek wol yn it pakhús wêr't
it wurkfolk drok dwaande wie mei sied dat klear makke wurde foar klanten. Myn
heit hat in pear jier foar Van der Werf wurke nei syn ûngelok yn it Feanster
molkfabryk yn 1942. Hy moast doe rekkentsjes rinne foar Van der Werf. Eltse dei
in oare roete, by de boeren lâns om sinten op te heljen. Heit kaam dan ek wol
gauris thús mei wat flessen fol molke. Dat wie yn 'e oarloch. Sa skarrele hy
dan wolris wat op foar syn húshâlding. Van der Werf sels hat wol in pear jier
ûnderdûker west want de N.S.B.-ers sieten altyd achter him oan. Dat hat in
muoilike en eangstige tiid west foar him, en foar syn frou en bern.
In
pear moanne lyn ha ik noch in hiel skoft mei frou Van der Werf sitten te praten
fia de tillefoan. Sy is noch goed helder en sy koe my noch fan alles fertelle
oer dy tiid en ek oer har famylje. Sy sels kaam út Enkhuizen, mar har âldelju
kamen eins út it suden fan Fryslân, út Warkum en omkriten. Har man kaam út
Grinslân.
Ik
belle har op om't ik graach in foto ha woe fan harren hûs op 't Fean. Dêr
wenje no Jelle en Mattie Bruining yn. Op 't Fean wienen in pear hûzen dêr't in
spreuk of in pear wurden op 'e foargevel stienen. Der wie in hûs mei dizze
wurden "Carpe Diem". As bern learden we al dat dat 'Pluk de Dag'
betsjutte. Sa wie der ek in hûs, ik leau fan in Hiemstra, dêr stie "Sine
Labora Nihil" op, en dat betsjutte
'Zonder Werken Niets'. Dat wie Latynsk. En der wie in hûs mei dizze wurden
"Ora et Labora". Dat stie foar 'Bidt en Werkt'. Sa learden we in
bytsje Latynsk.
Van
der Werf hie op syn hûs stean: "Mille Fleurs". Dat is Frânsk, tink
ik, of miskien ek wol Latynsk. It betsjutte 'Duizenden Bloemen". Dat paste
dus wol aardich by al dy moaie blommen en planten dy't syn saak ferkocht. Se
ferkochten ek sied fansels.
Frou
Van der Werf fertelde my ek noch dat Hindrik van Kammen harren hûs boud hie yn
1937. Dat wie yn dy minne krisistiid. It sil ek wol net in hege priis west ha
want yn dy tiid wie alles hiel leech yn wearde. Ik krige noch in moaie foto fan
de famylje. Dy foto is nommen doe't it hûs hast klear wie. Doe stie der al in
grut boerd tsjin it hûs oan mei de namme: Kwekerij "Mille Fleurs" Van
Kammen stiet ek op dy foto en miskien wol in pear fan syn jonges.
De
Van der Werf's kamen net fan 't Fean en dêrom jou ik ek net in protte nammen
troch oer dizze famylje. It gie my mear om "Mille Fleurs". Ik ha
ferskate âld-Feansters frege om in kykje fan 't hûs mei de namme, mar ik ha
eins net ien krigen, al tink ik wol, dat de namme op de blommebak krekt ûnder
de sliepkeamer rútsjes stie. Mei in fergrutglês is't krekt te sjen op ien
kykje dat ik ha. Guon minsken tochten dat it op de blommebak stie, oaren seinen
it stie op in buordsje yn de foartún. De famylje hat letter in pear jier yn
Gaasterlân wenne en is yn 1952 nei Kanada gien.
Ik
ha drok oant e-mailen west mei de âldste soan, John (1938-), dy't noch drok
oant wurk is yn de boufak as útfierder.
Jan
Gerrit van der Werf (1912-1997) wie in soan fan Jan van der Werf (185-), dy't
haad fan de legere lânbouskoalle wie yn Oldekerk. Jan syn mem wie Mensina
Appelhof (1886-). Frou Van der Werf is Ymkje
de Jong (1916-). Sy is in dochter dan Foppe de Jong (1885-) Hinke de
Groot (1884-).
Jelle yn Kanada