Doe't
ik sa'n 8 of 9 jier âld wie, bin ik ris in pear kear mei myn pake Jelle Hamstra
mei syn hynder en wein fan ôf de Ikkers nei in kampke lân west flakby it
Knillisdjip, tichteby Koatstertille. As jo út de Ham riden op wei nei de brêge,
dan lei dat lân oan de rjochter side. Ik wit net mear wat pake dêr dwaan moast.
Albert
Kamminga út Woodstock, yn Ontario, Kanada, fertelde my lêstendeis wat oer in
ûngelok dat bard is yn 'e Ham yn augustus '51. Albert wist it noch skoan. Syn
frou hiet Jantsje Vries en dy komt ek út Droegeham. Dat ûngelok barde flak
foar de oprit nei de buorkerij fan Oebele Vries, en dy pleats stiet net sa fier
fan dy selde brêge ôf. Oebele Vries is fiere famylje fan Jantsje Vries.
Ik
hie al ris faker wat heard oer dat freeslike barren. Dat kaam te praat doe't ik
wat e-mails krige fan Tjitske Hoekstra-Alma út Harkema. [sjoch ROOTS-169] Sy
fertelde my dat se froeger neist Andries Hoekstra wenne hie yn 'e Ham, op de
Ikkers. De Alma's wennen yn de iene helte fan in dûbel hûs en Andries en syn
frou Loltsje en de bern yn de oare helte. Sy neamde doe ek dat Andries en
Loltsje in jonkje ferlern hienen en dat sy op de begraffenis fan dat jonkje west
hie mei alle bern fan de skoalle. De bern ha noch blommen op syn kistke lein en
se ha mei elkoar songen op it tsjerkhôf yn 'Bomkleaster', sa as wy dat
meastentiids seinen. Andries Hoekstra wurke doedestiids as arbeider by Oebele
Vries en dat jonkje fan harren hiet Boele. Hy wie noch mar 7 jier âld. Lytse
Boele mocht dy deis mei ride op it molkweintsje fan Oldenburger om nei syn heit
te gean. Doe't se flakby de oprit fan de buorkerij fan Vries wienen, sprong it
jonkje sa fan de molkwein ôf. Hy koe mar amper wachtsje om nei heit ta te
rinnen. Mar...hy kaam net gewoan op 'e wei telâne, mar sprong flak tsjin de
sydkant fan in ôffalwein oan dy't krekt op it selde momint Oldenburger syn
molkweintsje foarby ride soe. Boele sil him wol net sjoen ha om't hy sa graach
nei heit ta woe op dy frije Woansdei-middei. Syn jonge libben wurde ôf snien op
in rare en rouwe manier.
Wat
in freeslike slach en wat in fertriet foar dy âlden en foar de hiele famylje.
Sa jong noch. Boele wie faak siik west yn syn koarte libben, en krekt dat jier
fielde hy him aardich better. Bern ferlieze is altyd hurd. Eins moatte de âlden
earst gean. Mar sa giet it net altyd. Oarsom is hiel muoilik. Dat ha Andries en
Loltsje ek ûnderfûn. Âlden dy't dat meimakke ha, witte wat der troch jo hinne
giet. Dizze âlden ha, hoopje ik, treast fûn by God en koenen hooplik ynstimme
mei in kûplet út it gedicht 'de Likeblommen' fan Eeltsje Halbertsma,
't Is Gods wille!" rôp ús heit doe,
En dêr is neat oan te dwaan ...,
Dy't myn libben en myn lust wie,
Moat ik oan de Heare jaan."
Andries
(1912-1983) wie in soan fan Jan Hoekstra (1874-1961) en Froukje Nicolai
(1885-1978). Syn frou wie Loltsje Ytsma (1916-1994), in dochter fan Boele Alles
Ytsma 1888-1955) en Trijntje van der Veen (1887-1969).
Jan
Hoekstra wie in soan fan Wopke Hoekstra (1840-1920) en Trijntje Theunis Rinzema
(1842-1910), en Wopke wie in soan fan Jan Wopkes Hoekstra (1815-1864) en Antje
Lammerts Landman (1809-1859).
Froukje
Andries Nicolai wie in dochter fan Andries Mekkes Nicolai (1851-1916) en Johanna
Theunis Rinzema (1857-1922). Dizze Johanna wie in folle suster fan Trijntje
Theunis Rinzema. En dat makke dus dat Jan (1874-1961) en Froukje (1885-1978) dus
neef en nicht wienen.
Boele
Ytsma wie in soan fan Alle Ytsma (1860-) en Aaltsje van Dellen (1866-1928).
Trijntje
van der Veen wie in dochter fan Jacob Jans van der Veen (1855-1925) en Loltsje
Kornelis Praamstra (1849-1889).
Noch eefkes in pear lytse dinkjes. Andries Hoekstra hie in suster Trijntje Hoekstra (1911-) dy't troud wie mei Atze van der Ploeg (1907-). Dat wienen de pake en beppe fan Atze van der Ploeg, de redakteur fan 'De Feanster'. En ... Andries syn broer Wopke (1907-) wie troud mei Trijntje Delfsma (1911-). Twa soannen fan Wopke en Trien ha ik wol ris oan troffen yn Kanada, nammentlik Fred yn Ottawa en Alle yn Chatham.
Jelle yn Kanada