OP ZOEK NAAR ROOTS - 178



Ik krij soms ûnferwachte kontakten en ynformaasje foar nije stikjes foar ROOTS op de frjemdste manieren. Yn septimber moast ik in snein nei Athens te preekjen en flak foar dat de tsjinst begjinne soe, frege in âlderling my om foar de famylje Senneker te bidden. De âlde mem wie in pear dagen lyn ferstoarn en soe Tiisdei, 3 septimber, begroeven wurde. Guon fan de bern wienen dy moarns yn tsjerke. Nei de tsjinst wie der kofje en doe trof ik in pear dochters en ek in soan fan dizze âlde frou. Eefkes in praatsje wêr't de famylje oarspronklik wei kaam, ensf. en doe die bliken dat de heit en mem yn Oerterp wenne hienen, mar dat de heit syn famylje út Surhuzum kaam.  En dat dêr noch wol famylje wennet. Hoe en wat wit ik net. Miskien fia de Overzet-famylje om't syn mem Antsje Overzet hiet. De Senneker's kamen mear út Grinzer Pein. Ik krige in e-mail adres fan de iene dochter en sa begûn 'in nij stikje' foar ROOTS.

De namme Senneker die my fuortynienen tinken oan de Kramer-famylje wêr't ek de namme Senneker yn neamd wurdt, en ek in Hendrikje en in Bontsje. Dus ...ik oant sneupen.

Yn't begjin fan de njoggentiger jierren ha ik net sa fier fan Drachten ôf - op in kamping - Tjeert Knol en syn frou Henny Gerritsma oantroffen. Dy wenje no yn Spakenburg. Henny wie eins in Hendrikje en har heit en mem wienen Johannes Gerritsma (1903-1993) en Bontsje Kramer (1905-1997). As jo noch in stap fierder tebek geane, komme jo by Johannes Alles Kramer (1881-1955) en Hendrikje Senneker (1884-1974) út. Ik ha al ris in stikje skreaun foar ROOTS oer de Kramer's mar dat stiet noch net op myn webpage. Dy stikjes hie ik earder skreaun. No blykt dat de Senneker's dy't ik dy snein oan trof yn Athens, Ontario, takken fan de selde beam binne, nammentlik fan Ubele Derks Senneker (1812-1885) en Hendrikje Jans van der Dijk. (1813-1873)

De frou dy't ferstoarn wie, hiet Maria Senneker-Haisma (1921-2005). Sy wie berne yn Beets, wie troud mei Jan Senneker (1921-1996), en sy krigen 11 bern. Sy wienen yn 1949 al emigreare nei Kanada en wennen dêrfoar yn Oerterp wêr't de earste 4 bern op 'e wrâld kamen. Jan hie yn Hollân yn 'e turf wurke en die hjir yn Kanada meastal boerewurk.

In dochter Karen fertelde my dat se famylje hie yn De Wilp, nammentlik Atze en Annie Strikwerda. Annie hat my al moai holpen mei wat gegevens oer de Haisma's en de Sissing's. Maria Senneker-Haisma wie in dochter fan Jelke Haisma (1880-1928) út Beets en fan Willemke Sissing (1887-1973). Willemke kam út De Wilp en sy wie in dochter fan Willem Sissing (1839-) en Tettje Oost (1842-).

No werom nei Senneker. Jan Senneker wie in soan fan Kornelis Jans Senneker (1889-1972) en Antsje Jans Overzet (1891-1963), dochter fan Jan Feyes Overzet (1861-1928) en Riemkje Hendriks Koop (1862-1945). Dizze Riemkje wie oantroude famylje fan de 'Van Schepen' famylje fia twa susters fan har, nammentlik Tjitske en Stientsje. En Jan Overzet wie in soan fan Feije Fokkes Overzet (1820-1876) en Antje Haijema (1840-1882).

Kornelis Senneker wie in broer fan Hendrikje Jans Senneker (1884-1974), dy't troud wie mei Johannes Alles Kramer. (1881-1955)

Johannes en Hendrikje hienen 2 bern: Bontsje Kramer (1905-1997) dy't troud wie mei Johannes Gerritsma (1903-1993), en dat wienen de âlden fan Henny Knol dy't ik al neamd ha. Bontsje hie ien broer, nammentlik Alle Kramer (1914-1983) en dat wie de heit fan Johannes Kramer (1941-) dy't mei Klaske Kuipers (1942-) troud is.

De âlden fan Kornelis Senneker wienen Jan Ubeles Senneker (1849-1892) en Bontsje Alles Bosma (1851-1928). Jan wie in soan fan Ubele Derks Senneker en Hendrikje van der Dijk. Bontsje Bosma wie in dochter fan Alle Rinzes Bosma (1820-1901) en Nieske Kornelis de Vries (1822-1888).

It nimt net folle soms om wer in  nij ferhaaltsje foar Roots gear te stallen.


Jelle yn Kanada