Wat sil
dat in konsternaasje west ha dy deis yn Harkema yn de gleonhjitte simmer fan
1923. Doe't ik it ferhaal oer dit barren hearde, moast ik fuortynienen tinke oan
dat jonkje fan dy minsken yn Sunem dy't de profeet Elisa wolris út fan hûs
hienen. Dy jonge krige in sinnestek yn it fjild wêr't syn heit en it wurkfolk
oan 't sichtsjen wienen. (sjoch 2 Keningen 4) Hy rôp: "Myn holle, myn
holle!" en stoar eefkes letter.
Sneon,
14 july 1923 yn Harkema! By de Feanster feart! Boer Jan Buma wie mei syn folk yn
't hea. It wie ferskriklike waarm. De hiele simmer al. Durk Adema út Kollum,
dy't foar de Kollumer krante wurket, fûn yn wat âlde kranten dat der in tige
hite rite wie dy simmer en dat ferskate lytse bern en âlde minsken stoaren fan
de hjittens, foaral yn Damwâld en omkriten. Mar yn Harkema ek ien!
By
Buma wie it ek gleonhjit yn't lân dy sneontemiddei. Ien fan syn arbeiders wie
Wiebe van der Heide. Wiebe wenne oan de iene kant fan de Feanster feart, en Buma
oan de oare kant. Wiebe brûkte meastal in roeiboatsje om nei de boer te gean,
dat wie handiger dan om de brêge te brûken want dat naam folle langer. Wiebe
fielde him al net sa goed dy deis. Om alve oere kaam hy thús om waarm iten. Dat
wie doe sa: alve oere middeis-iten. Mar hy sei tsjin syn frou: 'Ik bin net sa
lekker, ik gean mar eefkes yn de foarkeamer lizzen.' It wie dêre in bytsje
koeler op dy freeslik hjitte dei. In skoftke letter sei hy tsjin syn 17-jierrige
soan Romke, 'Kom, jonge, wy geane mar wer nei de boer.' Wiebe hie in reade bûsdoek
om syn hals bûn foar it switten. Wer yn 't hea! Om 4 oere kaam ien mei kofje op
it lân en doe namen se eefkes skoft. Doe't Wiebe wer stean gie, wie it krekt of
wie hy dronken. Hy stoartele der oer en koe mar amper it lykwicht hâlde. Hy hie
in ôfgryslike pine yn 'e holle. Hy foel del ..... en Romke rûn sa hurd as hy
koe nei de pleats om de boer op te heljen. It folk hat him doe nei de skuorre
droegen en him op in koele, skjinne kowestâl del lein. In skoft letter kaam
dokter Keizer fan 't Fean en dy sei noch dat se der goed oan dien hienen him yn
'e kuolte te lizzen. Wiebe wie bewusteleas ... en hie dus gjin pine mear. Syn
frou en bern ha him allegearre noch sjoen, mar ha gjin wurden mear krigen fan
heit. Wiebe is let yn 'e nacht, eins wie it al moarntiid, om seis oere ferstoarn.
It wie Snein, 15 july 1923!
Mem
bleau achter mei 8 bern! Dat sil ek muoite en fertriet west ha.
No
lit ik it hjir earst by want oars wurdt it ferhaal te lang foar de krante. Oer
twa wiken hoopje ik dit barren ôf te meitsjen. Dizze kear doch ik de foto der
by fan Wiebe en syn frou en de bern.
Wiebe
van der Heide (1867-1923) wie berne yn Surhuzum, mar eins flakby Harkema. Dat
wurde wol Buwetille neamd, leau ik. Hy troude yn 1899 yn Bûtenpost mei Johanna
Metzlar (1877-1964). Johanna wie ek berne yn Harkema en har mem hiet Anna,
dochter fan Markus Rommerts Metzlar (1820-1891) en Tetsje Jans van Dijk
(1820-1892). Anna wie letter troud mei Taeke Taedes van der Veen (1847-1920) en
sy krigen fêst wol 5 bern. Wiebe wie in soan fan Aize Franzes Bouius van der
Heide (1833-1915) en Romkje Wiebes Kootstra (1837-1916). Romkje wie in dochter
fan Wiebe Klazes Kootstra (1792-1865) en Tryntsje Barelds de Jong (1804-1893).
Aize wie in soan fan Jeltsje Hendriks van der Heide (1812-1897) en dat wie wer
in dochter fan Hendrik Aizes van der Heide (1788-1828) en Antsje Berends Tilstra
(1788-1864) dy't ek yn ús famylje sitte. Myn foar-beppe wie Loltsje Hendriks
van der Heide (1825-1886) dy't troud wie mei Rinze Klazes Kooistra (1819-1863).
Harren soan Hendrik Kooistra (1847-1917) wie de pake fan myn heit, Hendrik
Kooistra (1906-1994).
Jelle yn Kanada
De foto fan it gezin Wiebe v.d. Heide, ± 1918 :
St. fan l. nei r. Aize (1901), Anna (1903)
en Romke (1906)
Foarste rige l. nei r: Taeke (1912-1918) Jan
(1914) Heit Wiebe
(1867-1923) Koop (1917) mem Johanna (1877-1964)
Tetje (1916)
[Saapke (1921) stiet der noch net by.]