OP ZOEK NAAR ROOTS - 18


‘k Ha jierrenlang sa no en dan in snein te preekjen west yn Pembroke, Ontario, yn in Christian Reformed Church dêrre. Dat wie altyd in heislik ein riden om’t Pembroke sa’n 200 km. by ús wei leit, en dan ek noch werom. Ik gie dan yn ‘e regel sneontejûns op stap en kaem Sneintejûns werom, om’t ik de oare moarns wer yn skoalle wêze moast wêr’t ik ‘hoofd’ wie.

Yn Pembroke wie ik altyd by Kees Pool en syn frou Geeske de Jong. Kees kaem út Drachtster Companije en Geeske kaem fan de Fjouwerroede, tusken Rottevalle en ‘t Fean. Harren dochter Jitske is troud mei Halbe de Jong, dy’t famylje is fan de Oldenburgers. Kees koe moai fertelle en Geeske soarge hiel goed foar my as ik dêr wie. It wie een pûr bêst plakje en ‘k wie der al hielendal thús. ‘k Hie der sels in ‘profeten kamertje’ boppe, en dat beskouden sy as myn keamerke. Doe’t Geeske kaem te stjerren in 1990 fregen Kees en de bern my om de begraffenis fan mem te dwaen. Dat ha ik doe graech dien foar harren.

Kees rookte as in skoarstien. Doe’t myn heit en mem ek in kear mei my meigienen, tydens ien fan har trippen nei Canada, koenen Kees en heit tige bêst opsjitte togearre, en Geeske en mem ek. Geeske hie froeger yn ‘e Ham tsjinne en hie mei mem op ‘t sjongen gien. Kees en heit paften omraek. Hy fertelde my letter dat sy’t roerend iens wienen togearre. Hy sei: ‘Jimme heit en ik tochten der wakker gelyk oer. Wy dienen presiis wat der yn ‘e Bibel stiet: ‘Verbrand uw afgoden’. ‘En’, sei hy fierder, ‘jimme heit sei: Rikke fleis giet langer mei’.. Myn heit is 88 jier wurden en Kees is omtrint 85 wurden. Dat sil him wol net oan’t roken lein ha, tink ik.

Kees wie in soan fan Jitze Pool en fan Janke Schuurmans. Geeske wie in dochter fan Wybe de Jong, dy’t jong ferstoarn is, en fan Jitske de Jong, dy’t letter wer troude mei Linze Houwink.

Beide famyljes haw ik net sa botte fier út socht, mar wol dy fan Halbe de Jong dy’t troud is mei Jitske, ien fan de dochters fan Kees en Geeske.
Halbe en ik binne famylje fan mekoar, mar wol fier efterút.

Halbe, berne yn 1930, wurke as jong feint foar Evert van Wieren, dy’t boer wie ticht by Blauhûs. Hy wie in soan fan Grietje Halbes Oldenburger dy’t troud wie mei Gjalt de Jong. Dy wennen oan de betonwei nei Rottefalle. Grietje wie in dochter fan Halbe Wopkes Oldenburger (1875-1962), soan fan Wopke Barelds Oldenburger (1839-1930). Wopke wie in soan fan Bareld Freerks Oldenburger (1808-1847), dy’t in soan wie fan Geeske Barelds de Jong (1776-1848), en dy’t troud wie mei Frederick Halbes Oldenburger. Geeske wie in dochter fan Bareld Barelds en Tietje Jans, dy’t in dochter wie fan Jan Jans Bok en Tetje Heinzes.

Jelle, ik dus, bin in soan fan Trijntje Hamstra (1912-1995) dy’t troud wie mei Hendrik Kooistra. Mem wie in dochter fan Hinke Jelles Nicolai (1888-1918) dy’t troud wie mei Jelle Hamstra (1884-1942). Hinke wie in dochter fan Jelle Pieters Nicolai (1862-1902), dy’t in soan wie fan Pieter Jelles Nicolai (1835-1903). Pieter wie in soan fan Fokje Pieters Riemersma (1813-1865) dy’t troud wie mei Jelle Pieters Nicolai. Fokje wie in dochter fan Trijntje Foppes Bijma (1785-1824) dy’t troud wie mei Pieter Jans Riemersma. Trijntje wie in dochter fan Antje Barelds de Jong (1763-1830) en sy wie troud mei Foppe Sierks Bijma. Dizze Antje wie in dochter fan Bareld Barelds en Tietje Jans. En dêrre komme Halbe en ik by mekoar.

Hjir by ús yn Williamsburg leit begraven Janke Westerhof (1906-1959), de widdo fan Wopke Halbes Oldenburger (1904-1942), dy’t yn ‘e twadde wrâldkriich ferûngelokke is by Noard-burgum. Hy stie bekend as in “gleon hastich” man dy’t oanriden waerd troch in Dùtse frachtwein doe’t Wopke’s hynders skrokken en de chauffeur it stjûr kwyt rekke. Wopke wie in soan fan Halbe Wopkes Oldenburger en Baukje Willems Iestra, beide ôfkomstich fan ‘e Ham. Halbe yn Pembroke is neamd nei dizze Halbe Wopkes Oldenburger. Halbe syn mem Grietje wie in suster fan Wopke dy’t omkaem yn Noardburgum yn 1942. Ik herinnerje my dat ûngelok fan Wopke noch hiel dúdlik om’t myn heit him goed kend hie fan ‘e Ham, en ús alles oer dat foarfal fertelde.

Jelle Kooistra yn Kanada