Sa
no en dan krij ik wolris in mailtsje fan Lieko Helmus út Hilversum, mar no út
Almere. Lêstendeis wie dat ek wer sa en doe fertelde hy dat hy syn omke Jan
Nicolai út Drachten skille hie om't omke dy deis 82 jier wurden wie. Ik kin Jan
Nicolai ek wol aardich goed. Jan is in soan fan Leffert Nicolai en Geertsje
Tabak, froeger út Harkema. Tidens dat tillefoan gesprek fertelde Jan oan Lieko
dat doe't hy berne wie op 12 augustus 1923, it gleonhjit west wie. Dy hiele
simmer al. Der wie in hyttegolf yn Fryslân! Jan fertelde fjirder dat syn mem it
net maklik hân hie dy simmer: sy wie hiel swier fan Jan en dan sa ferskriklike
waarm, eltse dei mar wer. Om in bytsje ôf te kuoljen, siet mem Nicolai sa no en
dan in skoftke yn 'e koele kelder. En
doe fertelde Jan ek oan Lieko: 'In skoftke foar't ik op 'e wrâld kaam is der
flak by ús yn Harkema in man ferstoarn oan in sinnestek! Dy man wie Wiebe van
der Heide! [sjoch ROOTS-179]
Dat
barren gie as in drôve tiding troch Harkema en omkriten fansels. De frou fan
Wiebe, Johanna Metzlar, bleau achter mei 8 bern! No ha ik in pear wiken lyn mei
ien fan de bern fan Wiebe en Johanna praat. Der binne noch twa dochters oer fan
de 8 bern. Dizze widdo wennet yn Burgum en is benei 90 jier âld, mar noch bysûnder
helder. As glês, soe ik hast sizze. Ik stie fersteld doe't ik mei har praat ha
fia de tillefoan. Tetsje wit alles noch klear en dúdlik. Sy wie noch mar 7 jier
op dat stuit, mar sy wit noch best hoe't it allegearre gien is doe op dy 14e
july 1923. It boatsje, de kowestâl, heit yn 'e kiste yn 'e keamer, de
begraffenis, allegearre yn it swart.... De begraffenis-tsjinst wurde thús hâlden,
flakby de Feanster feart, en doe binne se mei elkoar nei it tsjerkhôf stapt,
achter de kiste oan. Se stapten hiel stadich troch Harkema en kamen ek by de
nije Kristlike skoalle lâns wêr't alle bern op in rige stienen op it
skoalleplein, mei de masters en juffers. Dat hie master Klaas Kamminga, it haad,
sa oardere om't Wiebe yn it skoal-bestjoer siet. Ik fûn it prachtich dat ik mei
Tetsje prate koe. Sy fertelde my ek dat har man, Hendrik Kaldeway, ferstoarn wie
yn 1994. Hy wurke froeger yn de waskerij fan Toutenburg. Doe't ik dy namme
Kaldeway hearde fan Tetsje, sei ik, "Der wenje hjir by ús yn Kanada ek
Kaldeway's."
Har
rimpene antwurd wie: " Ja, dat wit ik. Dat wie in broer fan myn man."
Doe ha wy it tegearre eefkes oer dy famylje hân dy't ik wol gauris oantroffen
ha yn de tsjerke yn Brockville, net sa fier by ús wei. En sa kamen we sa mar by
de namme Siderius út, en doe by Jongsma út Burgum, dy't ek famylje is fan
Siderius. Jan en Pytsje Jongsma organiseare reizen nei Amearika en Kanada, en sa
as it no liket hoopje myn frou en ik takommende maitiid mei in groep Friezen en
Jongsma mei te gean nei Amearika by ferskate plakjes lâns dy't froeger stichte
binne troch Friezen. Wy binne dan krekt 50 jier yn Kanada. Wy meie wol plannen
meitsje, mar der moat wol altyd eefkes by sein wurde 'D.V.'. Wy ha de
goedkarring noadich fan Heger Hân.
Ik
ha ûnderwylst ek mei Tetsje har soan Wiebe praat dy't nei dizze pake Wiebe van
der Heide neamd is. Wiebe wennet yn Bûtenpost. Der sil fêst wol in protte
neisaten fan Wiebe en Johanna yn Harkema en omkriten wenje, ferwachtsje ik.
Yn
ROOTS-179 ha ik al wat ferteld oer de stambeam fan Wiebe en Johanna. Dus doch ik
dêr no neat mear by. Mar ik wol al in pear nammen neame út de famylje fan Jan
Nicolai en fan Lieko Helmus.
Jan
Nicolai (1923-) is in soan fan Leffert Andries Nicolai (1900-1948) en Geertsje
Jans Tabak (1900-1982). Jan syn pake en beppe oan de Nicolai-side wienen Andries
Mekkes Nicolai (1851-1916) en Johanna Theunis Rinzema (1857-1922)
en
oan de memme-side wienen dat Jan Sieds Tabak (1865-1930) en Hiltsje Wopkes
Oldenburger (1867-1959).
Lieko
(1940-) syn âlden wennen froeger neist Wiebe en Johanna, oan deselde feart.
Lieko syn heit wie Lieuwe Liekeles Helmus (1913-1998) en syn mem wie Loltsje
Ates
Storm
(1916-1983). Syn pake en beppe oan syn heit syn side wie Liekele Lieuwes Helmus
(1888-1975) en Sytske Johannes Smeding (1895-1973). Loltsje har âlden wienen
Ate Jetzes Storm (1887-1969) en Vogeltsje Hendriks Land (1887-1970).
Jelle yn Kanada