OP ZOEK NAAR ROOTS - 181


Twa jonges fan 10 en 15 jier stappe yn it tsjuster lâns sânpaden en stille weikes fan Lytsegast nei Houtigehage, It is oarlochstiid. Sy loere alle kanten út oft der ek plysjes of Dútsers oankomme want se ha spullen by harren dy't net yn ferkearde hannen falle meie. Harren heit hie it harren goed yn druid dat se foarsichtich wêze moasten. By Grinzer Pein stiet in man harren op te wachtsjen en dy bringt de jonges fierder oer de Heide. Heit hie harren ek ferteld dat se by Houtigehage goed lústerje moasten want dêre wie in hûs wêr't ien op it rút tikje soe en dat wie dan it sein dat se dêre wêze moasten. Mar dan earst noch wol eefkes wachtsje op in wachtwurd dat de persoan dan sizze soe. Pas as dat sein wie, wie it feilich om nei de doar te gean.

Wat in spanning en eangst foar sokke jonge jonges.. Se sliepten dan dy nachts by dy minsken en de oare deis stapten se wer op hûs oan, nei Lytsegast. As jo dat hjoed eefkes troch jo hinne gean litte, dan wie dat noch al in weachstik en hiel wat foar dy knapen: it wie oarlochstiid, it wie gefaarlik, it wie neare nacht, se koenen oppakt wurde, en ...it wie in glûpend ein rinnen!

Dy twa jonges wienen Albert en Jan Bos, soannen fan Geert Bos en Hinke de Zwart.

Dit ferhaal wurde my tastjoerd troch Martin Bos út Sebaldebuorren. Guon minsken op 't Fean kinne Martin wol wat want hy hat op 't Fean op de LTS gien. Hy wennet no mei Geeske Poelman en harren lytse jonge Tjeerd Jan yn Sebaldebuorren. Martin hat jierren lang lasker west, mar is no ek al wer gâns wat jierren ynternasjonaal frachtwein sjauffeur.

Syn pake Geert Bos kaam út Houtigehage/Feansterheide en syn beppe Hinke de Zwart kaam fan de Muntsegroppe by Rottefalle. Al gauëftich nei harren trouwen binne Geert en Hinke nei Lytsegast gien te wenjen. Geert wie timmerman fan berop mar hie ek in wurkpleats by syn hûs wêr't hy graach 'sleutelje' mocht mei fytsen en motors. Hy mocht ek stommegraach motorride. Martin trouwens ek.

Geert groeide op yn dikke earmoed op de Feansterheide. Hy wie op ien nei de âldste fan in keppel fan sân bern. Syn mem is net âld wurden, mar 44 jier. Fetsje van der Meer ferstoar yn 1919 op 'e Heide. Doe wurde it noch slimmer. De heit, Albert Alberts Bos, koe doe it stjoer al hielendal net mear rjocht hâlde en de húshâlding rekke noch djipper yn de earmoed. It wie op 't lêst sa slim dat trije fan de bern yn oare húshâldings in plak fûnen. It wienen minne tiden, sa rûn 1920, foaral op de Heide. Dêr is genôch oer skreaun. Ik lêsde okkerdeis noch in ferhaal oer dy earmoed op de Feansterheide en dat toande hiel dúdlik hoe't guon húshâldings troch de tiid kamen. Dat ferhaal neamde dit oer in gesin:

".... de kinderen worden verwaarloosd, zoodat zij in lompen gekleed gaan, ze zien er smerig uit en worden slecht gevoed. Er zijn haast geen meubels in huis. De kinderen worden thans zoowat door de buren verzorgd, welke buren al even slecht leven...."

Earmoed! Ús foarâlden hienen it net sa maklik lykas wy it hjoed-de-dei ha.

It skynt dat Geert in handige baas wie. As de minsken yn Lytsegast it ien of it oare stikken hienen, wie it al gau: "Bring it mar nei Geert Bos. Dy kin it wol meitsje.' Yn de oarloch skarrele hy âlde frachtwein-bannen op, snie dy yn repen en makke dêr fytsbannen fan. Foaral motors wie muzyk foar Geert. Martin skreau my ek noch it folgende ferhaaltsje oer syn Pake Geert:

"Pake hat yn de oarlochstiid ris in motor kocht yn Koatstertille en dy ha se dêre hielendal út elkoar helle en doe ha se de ûnderdielen yn in âlde kast stoppe. Dy kast kaam op in bakfyts en doe binne myn heit Jan en syn broer Albert dêrmei nei Lytsegast fytst. Pake fytste op in ôfstân fan in kilometer achter de jonges oan en doe kamen se ûnderweis ek noch in Dútse oerfalwein tsjin. Se ha doe goed yn de 'pinarie' sitten, mar it gie goed. 'Dy smoarge Dútsers', seit myn heit no noch."

Ik fûn ek út dat Geert en syn frou Hinke de Zwart famylje fan elkoar wienen. Dat barde froeger wol mear op dy doarpen. Der sil noch wol hiel wat famylje fan Bos en De Zwart yn de buert fan Houtigehage en Boelensloane wenje.

Martin (1965-) is in soan fan Jan Bos (1929-) en Antje Hoogstra (1929-). Jan is in soan fan Geert Bos (1899-1970) en Hinke de Zwart (1904-1994). Sy wie in dochter fan Jan Hendriks de Zwart (1876-1942) en Sjoukje Foppes Nieuwenhuis (1876-1933). Geert wie ien fan de sân bern fan Albert Alberts Bos (1873-1938) en Fetje Geerts van der Meer (1874-1919), dochter fan Geert Ritskes van der Meer (1833-1895) en Rinskje Wiebes Koorda (1838-1881). Albert Bos wie in soan fan Albert Geerts Bos (1847-1917) en Geeske Alberts Mijnheer (1847-1926). Geeske wie in dochter fan Albert Roels Mijnheer (1820-1903) en Antje Jans Pama (1818-1860). Albert Geerts Bos wie in soan fan Geert Sybes Bos (1819-1897) en Ynskje Alberts Herder (1819-1893).

Noch eefkes dit: Geeske Poelman (1971-) is in dochter fan Tjeerd Poelman (1942-) en Margien Goossen (1945-). Tjeerd is in soan fan Hendrik Tjeerds Poelman (1912-1976) en Geeske Harms Krol (1914-1976).


Jelle yn Kanada