"Het
oude jaar is pas voorbij, men hoort van vreemde dingen ....". Dat wienen in
pear rigels fan in liet dat myn heit froeger wolris song by it spinnewiel, yn de
oarlochstiid. Dat liet gie oer in moard dy't earne begien wie rûn Nij Jiersdei.
Dat
liet, dy rigels, kamen my yn't sin doe't ik begûn mei in stikje te skriuwen
foar ROOTS oer in foarfal dat barde op 3 jannewaris, 1942, yn Koatstertille. Ik
hie it ferhaal froeger wolris heard fan myn mem om't it te dwaan hie mei fiere
famylje út 'e Ham. Fjirder hie ik dêr net faak wer oan tocht, al wit ik no wer
dat ik jierren lyn ris mei de widdo fan de man út dit ferhaal praat ha yn
Harkema.
In
skoftke lyn krige ik in mailtsje fan Lucie, in frou út Lytsegast, en doe't ik
dy famylje wat oant útplúzjen wie, kaam ik by de namme Hamstra út. Dat wie
dus in oanknopingspunt foar my om't myn mem ek in Hamstra wie. En ...famylje wie
fan dizze Hamstra. Al sneupende wei kaam ik terjochte by Hart Hamstra út 'e
Ham. Hart hat my wol gauris wat holpen as ik wat witte moat oer Hamstra's en
Hamsters.
En
doe fertelde Hart my dat ferhaal wer dat ik al ris heard hie fan myn mem.
Hy
sei: "Ja, it barde op in sneontemoarn. Ik hie de hiele wike op in
baggermasine of baggermûne sitten by Ljouwert, en dy sneontemiddei fytste ik op
hûs oan, yn 'e Ham. Ik moast eefkes stopje by klompmakker Tjepkema, flakby de
grutte brêge, en doe sei dy man tsjin my: 'Dat wie fan 'e moarn ek wat mei dyn
sweager. Slim.' 'Ik skrok', sei Hart, en frege him wat der bard wie. En doe
fertelde hy my dat myn sweager Rinze Brouwer dy moarns om 6 oere deaslein wie
troch de stroom. Hy wurke as masinist op in droegerij op 'e Tille wêr't se
griente, en ek wol toarn-bledden, en brannettel-bledden droegen dy't wol foar
tee brûkt wurden. Rinze wie dy moarns om 6 oere begûn te wurkjen. Hy wie noch
mar goed en wol oant wurk yn syn ôfdieling en stie op in kletstrochwiete flier
en frege ien om de looplampe yn te stekken. Doe't dy man dat die, bliek dat der
koartsluting yn siet, en Rinze krige de folle stroom troch him hinne. Hy wie op
slach dea."
Sa
hearde Hart wat der dy moarns bard wie. Doe't hy thús kaam, hearde hy it hiele
ferhaal fan de famylje en dat syn suster Martsje samar yn ien klap widdo wurden
wie en dat de beide lytse bern gjin heit mear hienen.
Rinze
wie noch mar 26 jier âld en hy wie troud mei Martsje Hamstra (1920-), dochter
fan Alle Hamstra en Hindrikje Boersma (1892-1934). De bern hite Willem (1938-)
en Hindrikje (1941-).
Letter
is Martsje wer troud mei Jan van der Heide (1914-), in soan fan Wiebe van der
Heide dy't ferstoar oan in sinnestek. [sjoch ROOTS-179 & 180]. Jan en
Martsje krigen ek wer in famke, nammentlik Johanna.
Martsje
wennet no yn Harkema en sy is benei 86 jier âld. Sy is in achternicht fan myn
mem, Trijntje Hamstra (1912-1995). Martsje har heit Alle Hamstra (1894-1955) wie
in folle neef fan myn mem har heit, Jelle Hamstra (1884-1942).
Rinze
Brouwer (1915-1942) wie in soan fan Willem Brouwer (1881-1936) en Mientsje van
der Schuit (1885-) dochter fan Rinze Klazes van der Schuit (1853-) en Antsje
Gaukes Hoeksma (1844-1914). Willem Brouwer wie in soan fan Jan Brouwer
(1849-1931) en Aaltsje Pieters (1848-1931). Jan wie in soan fan Lammert Lammerts
Brouwer (1795-1877) en Akke Willems Bijleveld (1810-1886).
Jelle yn Kanada
Rinze Brouwer (1915-1942) |
Willem (1938-) en Hendrikje (1941-) |
Martje Hamstra (1920-) |