OP ZOEK NAAR ROOTS - 183


It wurdt hast tiid dat ik wat fertel oer de Buma's fan Buwetille. De lêste tiid komt dy namme geregeld op 'e lappen yn oare stikjes yn ROOTS. Sjoch, as foarbyld, mar nei ROOTS 179 & 180. Wiebe van der Heide út Harkema kaam te stjerren op 'e kowestâl fan boer Jan Buma nei't hy in sinnestek krige yn it haailân. Ik ha de lêste tiid al in pear kear praat mei Japik Buma, in omkesizzer fan dy Jan Buma dy't ik niiskrekt neamde.

Koartlyn hearde ik de namme Buma ek wer neamen doe't ik mei Hart Hamstra út Droegeham siet te praten fia de tillefoan. Wy krigen it oer de Buma's en doe sei Hart: "Wy hienen froeger in dûmny Kramer yn 'e Ham dy't troud wie mei in Buma famke, nammentlik Hielkje Buma. No blykt dat in dochter te wêzen fan Jan Buma en Aaltje Hiemstra. En ..... dizze mefrou Kramer libbet noch. Sy is sân en njoggentich jier âld!

En in skoftke lyn krige ik wat mailtsjes fan Annie Strikwerda-Sissing út de Wilp [sjoch ROOTS-178] en doe kaam de namme Buma ek wer foar it ljocht. It bliek dat in omke- en tantesizzer fan Annie en har man Atze mei in Buma troud wie. En hy is in pakesizzer fan de boer wêr't Wiebe van der Heide dy sinnestek krige.

Japik Buma hat my in nustje âlde papieren tastjoerd oer de fam. Buma. As jo dat sa lêze dan hat dy famylje ek fan alles meimakke froeger. Japik neamde dat de earmoed en sykte ek de doar fan dizze famylje net altyd foarby gien binne.

Earne yn dy papieren stiet dit ferhaal:

"Hepke Berents en Bieuwkjen Egberts hadden 6 kinderen. In 1753 overleden er 4 van hen, namelijk: Engeltje op 24 oktober, Harmen op 29 oktober, Beerend op 3 november en Maaike op 17 november. Maaike was 14, Harmen was 17 en Beerend was 26 jaar. Van Engeltje ontbreekt de geboortedatum. Ze zijn gestorven aan de pest dat blijkt uit een rouwgedicht aan de ouders, opgesteld door Hidzer Aitzes Hoekstra, geadresseerd aan de eerwaarde Hepke Berents wonende onder den dorpe Suiderhuisem tussen de Vierhuisen en de roode schuur...".

De buorkerij fan de Buma's stie tichteby Buwetille en by de slûs fan Reaskuorre.

Pieter Hepkes Buma notearret dit:

"1841 den 9de september voor de eerste maal met paard en wagen over de nieuwe Buwetille gereden, in 1813 werd de oude gebouwd of herbouwd ....".

Omtrint 50 jier letter skriuwt syn pakesizzer Pieter Alberts Buma:

"1887 den 20ste September 's morgens bijna 9 uur voor't laatst over de brug te Buwetille gereden met een losse dongwagen en daar achter een wipkar met aardappelen geladen, bespannen met twee zwarte merriepaarden, onder een aantal arbeiders even stil gestaan, de tijd op het horloge aangegeven, en zoo afgereden, de handen er aan geslagen, dat nog in dien zelfden namiddag niets meer van genoemden vasten brug was op te merken."

Die arbeiders stienen dus klear en guon sieten al yn de spanten fan de brêge om him ôf te brekken doe't Buma as lêste der noch krekt oer ride koe.

Yn âlde paperassen stiet ek dat guon fan dizze famylje de namme Buma al brûkten fier foar 1811. Bygelyks Hepke Egberts tekene in gedicht mei de namme Hepke Egberts Buma. Yn 1811 naam dizze Hepke offisjeel de namme Buma oan.

Jacob Buma (1936-) is troud mei Baukje Ozinga (1936-) dochter fan Mame Ozinga en Grietje Hansma. Dizze minsken buorken op 't Heechsân. Jacob is in soan fan Albert Buma (1908-1975) en Tjitske Vries (1908-1983) dochter fan Oebele Vries (1865-) en Grietje Elderingh (1870-).

Albert wie in soan fan Jacob Buma (1883-1970) en Neeltje Sipkes Hiemstra (1882-1965). Dizze Jacob hie in broer Jan Buma (1872-1953) dy't troud wie mei in suster fan Neeltje, nammentlik Aaltje Sipkes Hiemstra (1881-1971). By dizze minsken ferstoar Wiebe van der Heide. Harren soan Sipke Buma (1928-2004) wie troud mei Froukje Pool, en dy harren soan Jan is troud mei de tante-sizzer fan Annie Strikwerda-Sissing.

Jacob Buma syn heit en mem wienen Albert Buma (1836-1895) en Jantje Feringa (1846-1932), en Albert wie in soan fan Pieter Hepkes Buma (1806-1865) en Heiltje van Bruggen (1803-1884). Noch ien stap fjirder tebek hienen jo Hepke Egberts Buma (1762-1829) en Barbertje van der Berg (1764-1827). De Buma's wienen boeren en ha foar generaasjes op eigen pleatsen sitten.

Jelle yn Kanada