OP ZOEK NAAR ROOTS - 184


Doe't wy as jonkjes opgroeiden op 't Fean, krekt foar en yn de oarlochstiid en ek noch wol in jier of wat dêrnei, seagen we hast alle dagen fan alderhande bakfytsen, transportfytsen en karren op 'e wei fan minsken dy't harren keapwaar oan de man bringe woenen. Sa hienen jo bakkers, slachters, grientemannen, molkboeren, fiskboeren, en ek wol oaren dy't sa oant suteljen en kuorkerinnen wienen. As bern koenen wy de measten fan dizze sutelders by namme en bynamme. Sy gienen faak fan de iene strjitte nei de oare, soms fan hûs nei hûs.

Op elk doarp wienen ek peteroalje mannen. Op 't Fean wienen ek in pear mannen dy't peteroalje ferkochten. Ús petroaljeman wie Johannes Pama (1921-1993). Hy hie in plat karke en dêr stienen dan allegearre peteroalje kannen op. Hy brocht in follen ien en naam de lege wer mei. Jo koenen de peteroalje altyd wol rûke, al die hy wol ris in koark op de tute fan de kanne. Mar der gie ek ris in snjitter by lâns, tink ik.

Yn Stynsgea krigen in protte minsken harren peteroalje fan "Japik Peteroalje" sa as hy neamd wurde. Japik wenne mei syn húshâlding tichteby de Turfloane, net sa fier fan Droegeham ôf. Syn soan Alle skreau my okkerdeis yn in mailtsje dat syn heit alle dagen by de streek gie om sa de kost te fertsjinjen. Hiel froeger die hy dat mei de hûnekarre, letter hie hy in hynder en weintsje. Alle syn âlden hienen noch in oar baantsje, nammentlik dit: sy hâlden de Kristlike skoalle ek skjin. Alle wit noch goed dat syn heit foar 1956 elke moarn yn de winter, moarns al ier en betiid, nei skoalle moast om de kachels oan te setten. Yn 1956 kaam der in nije skoalle en dy waar doe mei gas ferwaarme.

Alle syn mem hie it drok mei har eigen húshâlding, mar sy bakere der ek wol by. Japik hie ek in grutte tún en ferboude in protte poeltsjes dy't dan wol nei de feiling brocht wurden. Dat brocht wol net folle op, mar alle bytsjes holpen. Elke sint wie belangryk yn dy húshâlding.

Alle fertelde noch in lyts ferhaaltsje oer dy poeltsjes dy't nei de feiling gienen. It liket wol dat froeger ek net altyd alles earlik en rjocht gie. Hy skreau: "Mijn vader kreeg altijd uitbetaald naar boontjes van de 2e kwaliteit. Hij vond dat wel eens vreemd. Een tuin-buurman leverde ook aan de veiling en die kreeg altijd uitbetaald naar boontjes van de 1e kwaliteit. Op een keer hebben deze buurman en mijn vader de naamlabels op de zakken met boontjes verwisseld. Maar er veranderde niets. Mijn vader werd weer 2e kwaliteit uitbetaald en de buurman met mijn vaders boontjes 1e kwaliteit. Toen mijn vader daar opheldering van ging vragen werd hem dat niet in dank afgenomen want op de veiling maakte men geen fouten. De daarop volgende keer werden zijn boontjes 3e kwaliteit."

Der wienen 7 bern by de Lijzenga's, mar ien famke is mar twa jier wurden. Lytse Tetje ferdronk yn de sleat achter it hûs. Dat barde yn 1934. Fertriet gie dat hûs ek net foarby. De oare 6 bern wienen: Renske, Oebele, Kees, Anna, Berber, en Alle fansels. Alle hat yn Stynsgea op de Kristlike legere skoalle sitten en hat letter noch in pear jier nei de ulo op 't Fean gien. Doe hat er in pear jier op it Stynsger molkfabryk wurke, en dêrnei gie hy ûnder tsjinst, by de maresjesee. Nei de tsjinst is hy by it spoar kaam en hat jierrenlang kondukteur west. Hy wennet no yn Hoogezand en mei no genietsje fan syn wol-fertsjinne pensjoen.

As jonge wie Alle freon mei Jochum van der Kooy dy't letter nei Kanada gien is. Oare freonen fan Alle wienen Anne de Vries, Bein Kamminga en Pier de Boer. Oer Pier ha ik al ris wat skreaun en no hearde ik lêstendeis dat hy werom kaam is yn Fryslân en in huske fûn hat yn Feanwâlden. Dizze swalker is dus wer thús!

Alle is troud mei Antsje Veenstra dy't út Gerkeskleaster komt. Har âlden wienen

Harm Andries Veenstra (1894-1942) en Albertje Kracht (1900-1991). Alle is in soan fan Jacob Lijzenga (1897-1976) en Welmoed Dijk (1898-1956) dochter fan Kornelis Dijk (1868-1941) en Rinske Sytsma (1868-). Dizze minsken wennen yn de Dokkumer Wâlden. Jacob Lijzenga wie in soan fan Oebele Lijzenga (1868-) en Antje Dijk (1870-) en dy wennen froeger ek yn Dantumadiel.

Dit noch eefkes: Rinske (1919-), ien fan de susters fan Alle wie troud mei Hielke Tillema (1914-1999). De namme Tillema seit my wol wat om't in nicht fan myn heit, Romkje Wierds Kooistra (1923-) troud wie mei Eit Tillema (1925-2004). Eit wie in broer fan Hielke. En sa binne Alle en ik earne dochs ferbûn.

Jelle yn Kanada