Sa
troch de jierren hinne ha der al hiel wat sjong-koaren út Nederlân yn Kanada
oant sjongen west as klysters. Sokke koaren lûke yn 'e regel dikke kloften âld-Nederlanders.
Sa hienen wy yn maaie fan 2005 hjir by ús yn Williamsburg in grut mannekoar út
Hardenberg. Ús tsjerke kin 400 minsken in noflik plakje jaan, mar wy hienen dy
jûns 750 'hjerringen' yn in tonne. De tsjerke wie stampfol. Se sieten oeral wêr't
we mar in stoel del plakke koenen.
"Mixed
Voices", in koar opmakke út trije tsjerkekoaren út it suden fan Fryslân,
hat al twa kear yn Kanada op toernee west.
Ik
krige in pear jier lyn in mailtsje fan ien fan de leden fan dat koar. Dat wie
Anneke Merkus. Immen hie har in stikje fan ROOTS tastjoerd want ik hie de namme
Tillema neamd. Anneke Merkus en ik komme by elkoar by myn achternicht Romkje
Tillema-Kooistra (1923-), dy't op de hoeke fan de Joereleane en de Boskwei
wennet. Sy wie troud mei Eit Tillema (1925-2004). Mar Anneke en ik komme ek
beide út it Merkus nêst.
Anneke
is troud mei Koop Bosscha dy't op it gemeentehûs yn 'e Lemmer wurket. Koop syn
roots lizze yn Oldemarkt. Koop en Anneke ha trije bern: in soan en twa dochters.
In skoansoan is piloat by de KLM. Anneke hat jierrenlang kapster west.
Sy
is berne by it Binnenvliet oan de Joereleane tusken Eastermar en Droegeham.
Anneke
(1948-) is in dochter fan Gerke Merkus (1918-1996) en Sjoukje Tillema
(1920-1952). Gerke Merkus wie in soan fan Grutte Poppe Merkus (1891-1953) en
Limke Dijkstra (1895-1968). Poppe en Limke wennen froeger oan de Betonwei yn
Harkema en ik hoopje noch ris in stikje oer harren te skriuwen.
Dizze
kear wat mear oer de Tillema's. Om't Gerke ferkearing hie mei Sjoukje yn 'e
oarlochstiid, wie syn broer Klaas ûnderdûkt by de Tillema's. In broer fan
Sjoukje, Hielke, hie Klaas holpen in skûlplak te meitsjen dat oan de bûtenkant
op in kuilbult like. Sy hienen in yngong makke fia in soart groppe yn 'e grûn
en dêr leinen se dan in pear dikke planken oer. As der gefaar wie skeat Klaas
gau yn it skûlplak en dan lei Hielke de planken op it gat en struide dêr dan
wat strie en hea oer hinne en dan kaam it hynder dêr op te stean. Hjir ha de Dútsers
Klaas nea fûn fansels.
Gerke
hat net in maklik libben hân. Hy en Sjoukje trouden yn 1945. Sy krigen twa bern:
Poppe yn 1946 en Anneke yn 1948. Gerke en Sjoukje wienen hiele kloeke, warbere
minsken. Hy wie arbeider en sy koe geweldich naaie. Yn 1951 kaam Sjoukje har mem
te ferstjerren nei in langduerige sykte, en in jier letter ferstoar Sjoukje sels
oan kanker. Sy wie noch mar goed 31 jier. Oardel jier letter kaam Poppe Merkus,
de heit fan Gerke, te ferstjerren. Slach op slach wurden Gerke en de bern harren
diel. De man miste syn jonge frou, de beide bern harren leave mem!
En
wat hat dizze man ek in protte swier wurk dien, foaral yn de nije N.O.P. Hy hat
de skeppe in protte brûkt! By de boeren, yn de polder, en letter op syn eigen
spultsje yn de polder.
Dizze
kear folgje ik de famylje Tillema in bytsje.
Sjoukje
(1920-1952) wie in dochter fan Kornelis Tillema (1886-1940) en Antje de Graaf
(1886-1952), dy't in dochter wie fan Durk de Graaf (1844-1926) en Bontje Bijma
(1842-1919). Durk wie in soan fan Eit de Graaf (1817-1870) en Antje van der Meer
(1814-1892). Kornelis Tillema wie in soan fan Hielke Ates Tillema (1850-1918) en
Berbertje Kornelis Kats (1851-1924). Sy wie in dochter fan Kornelis Gabes Kats
(1820-1891) en Sjoukje Abrahams de Vries (1816-1893). Hielke wie in soan fan Ate
Durks Tillema (1812-1870) en Antje Hoppes Postma (1812-1901).
Jelle yn Kanada
Gerke Merkus (1918-1996) en syn frou Sjoukje Tillema (1920-1952)