Doe't Roel Hoekstra ferstoar yn 2004 wie hy 86
jier âld. Dat is in hiele leeftyd. En dan moatte wy net ferjitte dat dy man in
hûdfol wurk dien hat en syn hiele libben lange dagen meitsje moast om syn
grutte húshâlding troch de tiid te krijen.
Ik lêsde yn in lyts ferslach dat reemakke wie
yn it tsjerkebledsje fan de grifformearde tsjerke fan Lytsegast dit oer Roel:
"Op 9 november 1917 werd Roel Hoekstra
geboren in Augustinusga en zoals in die tijd gebruikelijk was, ging hij op
12-jarige leeftijd aan het werk bij de boer. Op 22 november 1940 trad hij met
Jantje Huizinga uit Peebos in het huwelijk. Ze hebben o.a. gewoond in Grootegast
en ook in Lutjegast. Het gezin van Roel en Jantje mocht graag zingen terwijl
Roel op de mondharmonica speelde. Eén van die liederen was 'Jezus is wachtend,
o zondaar, op u.' Dit vertelt iets over de sfeer in dit gezin. Het werk in de
landbouw en veeteelt is hem altijd trouw gebleven. Tijdens de oogsttijd maakte
Roel lange dagen op de dorsmachine, en andere seizoenen werkte hij aan de aanleg
van beschoeing van het Starkenborg kanaal ter verbetering van de oevers. Dat was
zwaar en vaak koud werk. Als hij van het werk thuis kwam, moest hij eerst nog
melken en zijn vee verzorgen. Het was hard werk!"
Roel en Jantsje krigen fiif jonges en fiif
famkes. Ien soan, Jan, is al ferstoarn doe't hy noch mar 45 jier âld wie. Alle
oare njoggen bern geane trou nei tsjerke mei harren húshâldings. Dat is wol in
grutte segen! Dat hearre wy ek wol oars tsjintwurdich.
Wa is Roel eins? Ik ha it al ris oer dizze
famylje hân. In broer fan Roel wie Andries Hoekstra, de heit fan Lytse Boele. [sjoch
ROOTS-177] Roel hie noch in broer nammentlik Wopke Hoekstra. Wopke wie ûnder
tsjinst doe't de Dútsers Nederlân binnenfoelen yn maaie 1940. Hy wie soldaat
en hat fochten by de Ôfslútdyk. Dat wist syn mem en dy is yn ien nacht grys
wurden! Roel sels moast yn 1944 tydens de oarloch ek nei Dútslân te wurkjen,
mar dat is op it lêste momint net troch gien om't hy en Jantsje krekt op dy
tiid in lytse jonge krigen dy't se Wopke neamden nei syn omke Wopke, de soldaat.
Dizze ferhaaltsjes hat Lucie my tastjoerd. Sy
is troud mei Willem Kloosterman. Ik ha Willem al ris neamd yn ROOTS-182.
Roel (1917-2004) wie in soan fan Jan Wopkes
Hoekstra (1874-1961) en Froukje Andries Nicolai (1885-1978). Syn frou Jantsje
Huizinga (1916-) is in dochter fan Dirk Huizinga (1869-) en Lubbertje Spoelstra
(1873-). Dizze minsken wennen froeger yn Doezum.
Jan Hoekstra wie in soan fan Wopke Hoekstra
(1840-1920) en Trijntje Theunis Rinzema (1842-1910). Dy Trijntje hie in suster
Duifke (1854-1944) dy't troud wie mei Sytze Roels van der Meer (1846-1908). In
soan fan Sytze en Duifke hiet Theunis van der Meer en sa komme jo fia in soan
Sytze van der Meer by Teun van der Meer dy't de measten op 't Fean en omkriten
wol kinne.
Jelle yn Kanada
Roel & Jantsje Hoekstra mei 10 bern