Doe't
Klaas van Ooyen yn juny 1944 op 't Fean kaam mei syn breid Ymkje Hoekstra
fertsjinne hy 50 gûne as 'manager' of bedriuwslieder fan de izerwinkel fan
Albert Riemersma. Dy winkel stie rjocht tsjinoer de Feanster toer. Ymkje
fertelde my okkerdeis dat se gjin klok yn 'e hûs hoegde want sy koe de toer en
de klok dúdlik sjen troch it keamersrút. Fyftich gûne wie doedestiids wol in
aardich fertsjinst, mar net genôch om in grouwe boete te beteljen yn dat lêste
jier fan de oarloch. Klaas hie in advertinsje yn de krante set om in ekstra
tafel mei stuollen te ruiljen foar in flierkleed en in stofsûger. Sy hienen in
dûbel stel tafels en stuollen krigen mei harren trouwen en se tochten it iene
stel te ferruiljen oan wat oars. In dei of wat dêrfoar hie in man fan de
Landwacht, in NSB-er, him driigd om't Klaas him roastige spikers ferkocht yn
pleats fan moaie nije spikers dy't doe hiel djoer wienen. Hy hie sein: 'Dêr
silst mear fan hearre!". Doe't it advertinsje yn de krante stie, kaam
dyselde man wer yn 'e winkel en sei tsjin Klaas dat hy yllegale, swarte handel
oant bedriuwen wie en dat hy dêr wol mear fan hearre soe. Dat kaam ek sa. Hy
krige in oanmoanning. De rjochter joech Klaas in dikke boete fan 900 grouwe gûnen
en de tafel en stuollen wurden ek mei naam! Gelokkich wurde hy net oppakt. 'Sa
begûnen de earste wiken fan ús trouwen!', skriuwt Ymkje yn in moai Ingelsk
boek 'Transplants' dat se skreaun hat foar har bern en bernsbern.
Ik
wit noch wol dat Van Ooyen dy izerwinkel hie. Ik bin wolris yn dy winkel west
want Van Ooyen slipe ek wol redens. Hy ferkocht ek wol nije 'Nooitgedacht'
redens. Hy hie dy saak oerkocht fan Albert Riemersma en letter hat hy him wer
ferkocht oan Boonstra, dy't mear yn radio spul die, tinkt my. Ymkje skreau my
okkerdeis noch dat it toanielstik 'Feanster Flucht yn Earnst en Klucht' grutte
yndruk op har makke hie yn augustus 1945. Har man Klaas van Ooyen spile de piano
foar in orkest, en Hein Kuipers spile de harmoanika. De Van Ooyen's hienen doe
ek in âld pomp oargeltsje en dat hienen se op in boerewein stean yn de grutte
optocht mei de befrijing yn 1945 en Klaas spile om't libben! It gesin Van Ooyen
is yn 1949 nei Ljouwert gien en yn 1951 nei Amearika. Sjouke Riemersma, in soan
fan Linze, hat my op it spoar holpen fan Klaas en Ymkje van Ooyen. Klaas is no
goed 91 jier en Ymkje is al 85, mar noch sa helder as glês.
Ymkje
har roots lizze dúdlik op 't Fean al is sy berne yn Lytsegast as Ymkje
Hoekstra, dochter fan Jacob Hoekstra en syn frou Trijntje van der Wal. Trijntje
wie in suster fan de hûs-farver Egbert van der Wal. Ik kin him better as de man
dy't ús grutte knapen-ferieniging liede froeger op 't Fean.
Ymkje
en Klaas krigen 3 famkes op 't Fean, doe in jonkje yn Ljouwert, en noch trije
bern yn Amearika. En sy ha ek noch fjouwer berntsjes oannommen. Ien dêrfan is
al ferstoarn.
Klaas
en Ymkje binne achterneef en nicht. Dat sit sa:
Klaas
van Ooyen (1914-) is in soan fan Pieter van Ooyen (1890-1918) en Anna Brandsma
(1889-±1980). Pieter en syn broer Wiebe kamen beide om yn in treinramp yn 1918
yn Wezep. De heit fan Pieter van Ooyen wie Klaas van Ooyen (1859-1928) en syn
mem wie Elena Lamsma (1862-1929). De Van Ooyen's kamen út Gordyk.
Ymkje
Hoekstra (1921-) is in dochter fan Jacob Hoekstra (1891-1981) bakker út
Lytsegast en syn frou Trijntje van der Wal (1895-1975). Trijntje wie in dochter
fan Roelof van der Wal (1857-1925) en Ymkje van Ooyen (1859-1936). Dizze Ymkje
van Ooyen wie in twaling suster fan Klaas van Ooyen (1859-), de pake fan Klaas
van Ooyen dy't op 't Fean wenne hat. De selde nammen sitte yn beide famyljes.
Trijntje
van der Wal hie ek in suster Antje (1892-1979) dy't troud wie mei Jan Sjoerds
Veenstra (1886-1973). In soan fan dizze minsken wie Sjoerd Veenstra (1926-2003)
en dy wie troud mei Jantsje Voorhorst (1930-) fan Koartwâld, dochter fan Fokke
Voorhorst (1902-1984) en Geertsje van Wieren (1900-1995). Jantsje hie in broer
Atze Voorhorst (1932-) dy't by my yn 'e klasse siet op de Kristlike skoalle yn
Surhústerfean.
Ymkje fertelde my ek noch dat Sjoerd en Jantsje wol by harren op besite west ha yn Amearika. Ymkje hat ek wol gauris werom west yn Fryslân by de famylje.
Jelle yn Kanada