In
pear simmers lyn stienen wy mei ús lytse kamper yn ien fan de moaie, rûme
kampear-terreinen yn Ontario. Flakby by ús stie in hiele grutte glimmende
kamper en doe't wy in praatsje makken mei dizze minsken, bliek dat ik froeger,
wol 45 jier lyn, in pear broers fan dy man yn 'e klasse hân hie yn Jarvis, yn
Ontario. Dizze man kaam út Seelân, mar syn frou kaam út Fryslân. Har famkes
namme wie Meike de Vries. Ik koe har famylje net want sy kamen oarspronklik út
'e Dokkumer Wâlden. Ik hie dat ek net fierder útpluze.
Mar....in
skoftke lyn krige ik in mailtsje út Kollum mei wat fragen oer de famylje van
der Valle. En doe die bliken dat dizze minsken út Kollum famylje binne fan
Meike yn Kanada. Sy giet hjir by de namme Marilyn Kloet. Foekje van der Valle-Bisschop
út Kollum, de skriuwster fan dy e-mail, is troud mei Jelle van der Valle en dy
komt út Lytsepost, mar noch in stap fierder tebek, komt dizze famylje út
Harkema. En doe stjoerde Foekje my in hiele moaie âlde foto fan de grutte húshâlding
fan Jelke van der Valle en syn frou Grietsje Lyklema. Dizze minsken wennen
froeger yn 'e Mieden, tusken Bûtenpost en Koatstertille. Der steane tolve bern
by heit Jelke en mem Grietsje. Eins wienen der 13 bern, mar in soan Sytze
(1914-1936) is net âld wurden. Hy wie eins altyd wat syklik west en rûn ek mei
in stok. Jelle Sytze is dykwurker by de gemeente Kollumerlân, syn frou Foekje
wurket 'parttime' by printerij Banda wêr't harren soan Jelle ek wurket en foar
printer leart.
Ja,
wat in grutte keppel. Dêr moasten ek hiel wat jirpels skyld wurde en der moast
hiel wat iten op 'e tafel komme om al dy magen fol te krijen. En wat in klean!
Wat ek in machtich grutte wask foar dizze mem. En dan gjin waskmasine! Dochter
Neeltsje dy't benei 80 jier âld is, fertelde lêstendeis noch dat har mem nea
klage, altyd drok yn 't spier wie om alles wat hiel te hâlden en foar alles te
soargjen. Doe't de taak eins wat te swier wurde foar har yn dy grutte húshâlding,
sei de húsdokter tsjin har: 'Grietsje, jo moatte middeis in skoftke lizzen gean."
Mar Grietsje sei doe: " nee, dat doch ik net. Dat is sûnde fan it
deiljocht." Wol gie se middeis eefkes mei de holle op 'e tafel lizzen, mar
ek in lyts skoftke, en dan wie se der wer by. Sy wie 71 doe't de Heare har thús
helle. Jelke is 90 wurden. Dit gesin wie Grifformeard en gie yn Bûtenpost nei
tsjerke.
Ik
tink dat der fêst wol famylje fan dizze grutte húshâlding op 't Fean wennet,
en ek wol yn Harkema. De namme 'van der Valle' komt ek wol foar yn Rottefalle en
op oare plakken. Wa wit hat de namme wol wat út te stean mei Rottefalle. Dat is
muoilik nei te gean. Yn 1811 is der net by sein wêrom de minsken in bepaalde
namme oan namen. Dat is in stúdzje op sich sels.
Foekje
Bisschop komt net út de Wâlden. Har famylje komt út de Bildt hoeke. Har man
Jelke, is in soan fan Jelle van der Valle (1924-) en Klaaske de Vries (19..).
Dizze Klaaske is famylje fan Meike yn Kanada. Jelle van der Valle is in soan fan
Jelke van der Valle (1883-1974) en Grietje Lyklema (1887-1959) dochter fan
Liekele Jelles Lyklema (1848-1892) en Antsje Wagenaar (1850- 1924). Dizze
minsken kamen út Aldegea, Smellingerlân. Jelle van der Valle wie in soan fan
Sytze van der Valle (1854-1895) en Aaltsje Hoekstra (1855-1926), dochter fan
Harmen Berends Hoekstra (1831-1910) en Aukje Freeks Postma (1828-1881). Fia in
broer fan Aaltsje, nammentlik Freerk Hoekstra, komme jo op syn lêst by Harm
Hoekstra (1935-1988) dy't troud wie mei Tsjitske Alma, dy't my wol gauris holpen
hat mei speurderswurk yn Harkema. [sjoch ROOTS 169]
Sytze
van der Valle wie in soan fan Jelke Gerrits van der Valle (1811-1866) út
Rottefalle, en Neeltje Willems Kramer (1813-1854). In protte minsken geane werom
nei it nêst wêr't dizze Neeltsje Willems Kramer út komt, bygelyks Tadema's,
Dijkstra's, Bos-sen, en Kramer's fansels.
Jelle yn Kanada
Jelke & Grietje van der Valle |
Achterste rige: Hendrik, Wietse, Eelke, Liekele, Jelle, Harm | |
Middelste rige: Neeltje, Aaltje, Anne | ||
Foarste rige...: Sjoukje, heit Jelke, Froukje, mem Grietje, Aukje |