As
bern belibben wy net sa folle skokkende dingen. Der wie gjin televyzje en ek
gjin radio fansels. De oarloch brocht wol hiel wat bange mominten, mar fjirder
wie der net sa'n bulte bysûndere foarfallen. Wat wol altyd in djippe yndruk op
my makke wie brân. Ik sjoch noch dúdlik de heage flammen op lôgjen út de brânende
skuorre fan Pieter de Jong tichteby de haven op 't Fean. En ...doe't ik sa'n
jonge wie fan 12, 13 jier, is der yn 'e Ham ek ris in hûs ôfbaarnd. Ik wie út
fan hûs by myn omke Jelle Hamstra, de bakker, en doe hearden wy dat der brân
wie earne by de Betonwei, tichteby by it ein fan de Lytsewei. Ik bin doe op in
âld fyts mei oaren yn de rjochting fan de brân flein. As jo fan de Ham kamen,
en de Lytsewei lâns gienen, dan wie dat krekt foar de Betonwei, oan de linker
side. Ik wit de namme fan dy minsken net mear.
Dy
brân kaam my yn't sin doe't ik hearde dat Grutte Poppe Merkus dêr ek earne
wenne froeger. In pakesizzer fan dizze Poppe hat my wol gauris in mailtsje
stjoerd. Dat is Anneke Merkus út 'e Lemmer dy't troud is mei Koop Bosscha. Ik
ha har al ris neamd yn ROOTS-185, doe't ik wat ferteld ha oer de Tillema's.
Anneke har mem wie Sjoukje Tillema, en har heit wie Gerke Merkus, in soan fan
Poppe en Lim. Yn 't begjin fan harren trouwen ha Poppe en Limke earst oan de
Singel wenne en al gauëftich ha se in hûs boud oan de Betonwei. Dat hûs stie
tichteby dy hoeke fan de Betonwei en de Lytsewei. It stie eefkes fjirder, tink
ik, as Wierd Kooistra syn hûs oan de Betonwei. Poppe wie lytsboer en hy hie fan
alles wat: hy molk in pear kij, hie aardich wat hinnen, en hie ek wat túnbou.
Hy wie hiel betûft wat hinnen oanbelange en hy stie bekend as in beste
hinnefokker. Yn 'e oarlochstiid makke hy sels wol turf en baalders. Hy skarrele
dan 'baalder' of 'baggel' op, brocht dat nei hûs en die dat yn platte bakken of
foarmen om it droegje te litten. Letter stuts hy dat in stikken en makke sa syn
eigen baggelturven en baalders. Dy brûkten se dan yn 'e kachel. Lim stie foar
eltsenien klear om te helpen. Sy wie skjin en netsjes. Sneontemiddeis wurde it
hiele hiem oprêd, de túnklauwe kaam der oer en moai wyt sân wurde op it
paadsje struit.
Grutte
Poppe wurde sa neamd om't hy flink oan de mjitte wie en ek gâns grutter wie as
syn frou Limke Dijkstra. Sy gienen nei de Herfoarme Tsjerke en Lim wie al
aardich âld doe't se doopt wurde en iepenbiere belidenis die yn de Herfoarme
Tsjerke fan Boelensloane.
Poppe
(1891-1953) wie in soan fan Hielke Poppes Merkus (1853-1907) en Nieske Bouwes
Boersma (1854-1929). Nieske wie in dochter fan Bouwe Wybrens Boersma
(1814-1892)
en Antsje Elzes Postma (1818-1888). Hielke Merkus wie in soan fan Poppe Hielkes
Merkus (1818-1892 en Jitske Sytzes van der Werf (1826-1863).
Poppe
syn âlden wienen Hylke Jelles Merkus (1780-1859) en Aaltsje Poppes Zijlstra
(1783-1853). Dizze Hylke Jelles Merkus hie in suster Frijke Jelles Merkus
(1778-1813) dy't troud wie mei Pieter Gooitzens Nicolai (1775-1850).
Myn heit en mem stamme beide ôf fan dizze twa minsken.
Noch
eefkes wat oer Limke Dijkstra (1895-1968). Sy wie in dochter fan Gerke Dijkstra
(1861-1908) en Antsje Gjaltema (1869-1922), dochter fan Sipke Gjalts Gjaltema
(1845-1925) en Froukje Alberts Mijnheer (1844-1938). Froukje har broer Japik
bringt ús by Tinus Jongsma fan 't Fean. Fia in broer fan Sipke Gjaltema ,
nammentlik Hindrik Gjaltema, komme wy by Henk Gjaltema en Tjipkje van der Meulen.
[sjoch ROOTS-167]
Jelle yn Kanada
Poppe Merkus (1891-1953) en syn frou Limke Dijkstra (1895-1968)