‘As men fier genoch werom giet, binne wy allegeare famylje’, wurdt der wol ris sein. Dat is miskien wol wier, mar soms hoecht men net ienris sa fier tobek te gean om it ferbân te finen. Op ‘t earste gesicht wurdt der gau sein: ‘Né, wy binne gjin famylje fan mekoar’. Mar dat falt soms dochs oars út dan as men earst tinkt.
It âldste famke fan ús soan Bill en syn frou Rita Oosterheerd, siet by master Heine Veerman, soan fan Louw Veerman en Anna van der Veen, yn ‘e klasse op de Kristlike Leagere Skoalle yn Williamsburg. De famylje Veerman wenne froeger op ‘t Fean.
Megan frege my ris: ‘Wa binne myn foarâlden? Hat ‘grandpa’ dy ek yn ‘e kompjûter?’
As in generaesje sa’n 25 jierren telt, sitte wy mei 8 generaesjes sa’n 200 jier tobek. Yn dy tiid hat in minske wol oer de 100 ferskillende skaainammen. Hoe? Hiel ienfâldich: 2 âlden, 2 pakes en 2 beppes, 4 oerpakes en 4 oerbeppes, dan 8, dan 16, dan 32, dan 64, ensf. En de measten ha forskillende skaainammen. Probearje it mar ris in jimme eigen famylje.
Ik die Megan’s namme yn ‘e kompjûter en it duorre mar efkes en dêr kaemen skaainammen lyk as: Broersma, Veenstra, Dijkstra, van der Ley, Hollander, Veerman, Eilander, Oostvries ... foar’t ljocht.
De namme Veerman spruts my fuortendaliks oan om’t Heine Veerman hjir by ús oan ‘e skoalle stiet. Soe Megan miskien famylje wêze fan har master? Heine syn broer Adrianus wennet hjir ek by ús yn dizze kontreien. Megan hie roun 1840 in Louise Adrianus Veerman yn har stambeam. En dy siet yn ‘e Veerman-famylje fan Heine. En sa binne Heine en Megan dus dochs ferbûn.
Sy hie ek in Eilander yn ‘e famylje fan har memme-syde, nammentlik Janke Sierks Eilander. No ha ik hûnderden Eilanders yn myn famylje om’t in âld-muoike troud wie mei Oeds Eilander. Dat wie Henderina Johannes Kramer. Megan’s mem is Rita Oosterheerd, dochter fan Jan Oosterheerd en Joke Veenstra. Jan wie in soan fan Cornelis Oosterheerd (1902-1991), froeger hoefsmit yn Lytsegâst, en fan Zwaantje Bolt (1903-1969). Joke of Johanna Veenstra is in dochter fan Jan Veenstra (1904-1968) en fan Taltje Broersma (1906-), dy’t yn Brampton, Ontario, wennet. Jan en Taltje wennen froeger yn de Strooboskermieden ûnder Gerkeskleaster. Hy wie in soan fan Johannes Andries Veenstra (1870-1950) en fan Johanna Jans Hoekstra (1872-1953). Dizze minsken wennen froeger yn de Surhúzumermieden. De âlden fan Johanna Hoekstra wienen Jan Sjoerds Hoekstra en Aaltje
Sjoerds Veenstra (1843-), en Jan wie in soan fan Sjoerd Harms Hoekstra (1810-1893) en fan Louise Adrianus Veerman (1818-1882), en dat wie in dochter fan Adrianus Paulus Veerman (1772-1820) en fan Gerhardina de Leeuw. Louise hie in broer Jacob Adrianus Veerman (1811-) dy’t troud wie mei Lutske Jans Stelma (1819-1900), en út dat pearke komt de Veerman-famylje fan Eastermar.
Taltje Jans Broersma (1906-) is in dochter fan Jan Douwes Broersma (1874-1960) en fan Johanna Mients Dijkstra (1879-1934). Jan Douwes Broersma wie in soan fan Douwe Jans Broersma (1849-1923) en fan Taltje Thomas Brouwer (1844-1918), en dizze Taltje wie in dochter fan Thomas Jans Brouwer (1818-1908) en fan Janke Sierks Eilander (1822-1882). In broer fan Janke wie Oeds Eilander (1818-1892) en dy wie troud mei Geertje Kornelis Raven (1820-1906), en in soan dêr fan wie Kornelis Oedzes Eilander (1840-1926) dy’t troud wie mei Henderina Johannes Kramer (1840-1914), myn âld-muoike. In dochter fan Kornelis en Henderina, nammentlik Theodora,is in 1902 mei har man Wessel Gall en harren trije famkes, nei Amerika gien. Sy wienen lid fan de Mormonen tsjerke. Dêr haw ik al ris oer skreaun.
En sa is der wer een sirkeltje roun makke. Megan wie dus fiere famylje fan ien fan de ûnderwizers yn har skoalle en ek fan it froegere ‘hoofd’ fan dy skoalle, har ‘grandpa’. Ingewikkelde wrâld! Mar it kloppet as een bus.
Jelle yn Kanada