"Dat
ferpof ik. Sjit my dan mar dea!" Sa sawat moat Hindrik Bos (1900-1984) út
Boelensloane him utere ha yn de oarlochstiid doe't hy oppakt wurde troch de Dútsers
dy't de gewearen klear hienen om him te sjitten. Dy kommandearren Hindrik: 'En
no rinne. Looppas!"
Gelokkich
ha se him doe net deasketten, mar hy kaam wol yn it konsintraasje kamp yn Vught
te sitten. Dêr hat hy west oant ein fan de oarloch ta. Doe't hy yn 1945 wer thús
kaam mei de trein, koe syn frou Froukje him earst net werom. Hy en Froukje
Veenstra (1903-1986) wienen yn 1925 troud. Sy wie in dochter fan Auwert Freerks
Veenstra (1863-) en Ymkje Pieters Bekkema (1866-).
Dit
ferhaal oer Hindrik Bos lêsde ik yn in bult stambeam paperassen dy't ik
tastjoerd krige fan Henk Hoeksma út Boelensloane. Hy hat al hiel wat dingen útsocht
oer syn famylje, foaral oer de Hoeksma's. Hy wol hiel graach witte oft syn
Hoeksma's ek besibbe binne oan de Hoeksma's fan Droegeham. Dat kin hy net rjocht
klear krije. Hy is noch drok dwaande fan alderhande gegevens by elkoar te
skarreljen en wol ek graach 'smoute' ferhalen ha oer syn famylje en foarâlden.
It liket my sa ta dat Henk sels ek in moaie ferhaaltsjes-ferteller is.
Hy
hie ek earne lêzen dat ik wol in pear boekjes hie fan Han Hietkamp, nammentlik
'De Kerfstokjes van onze Voorouders'. Ien fan dy boekjes giet oer minsken út
Achtkarspelen. Guon dêrfan ha froeger ek wolris in misse set dien. Gelokkich
koe ik Henk helpe mei in ferhaal wêr't ien fan syn foarfaars yn neamd wurdt,
net as ien dy't ferkeard dien hat, mar mear as ien dy't der yn behelle wurde.
Henk
is berne yn 'e Mûnebuert fan Surhústerfean, achter Oeds Skuonmakker. Nei de
ambachtsskoalle hat hy ûnder oaren wurke by it Fytsenfabryk van der Sluis yn
Boelensloane, en ek yn de houtbewurking by Riemersma. Hy is troud mei Griet
Jagersma, dochter fan Sietse Jagersma en Ellie Meyer.
Henk
is in soan fan Dirk Hoeksma (1931-2002) en Riemkje Veenstra (1933-), dochter fan
Bauke Veenstra (1909-1977) en Aafke Bekkema (1913-2000). Dirk Hoeksma wie in
soan fan Jacob Hoeksma (1902-1982) en Trijntje Andries van der Wijk (1902-1983),
dochter fan Andries Johannes van der Wijk (1861-1928) en Sjoukje Jans Ploeg
(1859-1946). Jacob Hoeksma wie in soan fan Johannes Jacobs Hoeksma (1874-1952)
en Durkje Pool (1879-1964) dochter fan Klaas Roels Pool (1849-1919) en Tjetje
Durks van der Heide (1851-1945). Johannes Hoeksma wie in soan fan Jacob Jans
Hoeksma (1842-1906) en Harmke Johannes Smids (1844-1912) dochter fan Johannes
Sanders Smids (1808-1857) en Johanna Petrus de Boer (1812-1870).
Jacob
Hoeksma wie in soan fan Jan Jacobs Hoeksma (1811-1873) en Fetje Jans Scholte
(1817-1895). Jan Hoeksma wie in soan fan Jacob Wiemers Hoeksma (1777-1831) en
Jebbe Klazes de Jong (1775-1843). In broer fan Jan wie Wiemer Jacobs Hoeksma
(1801-1851) dy't troud wie mei Maria Elizabeth Jans Drost (1813-1898). Dizze
frou hat hiel wat neikommelingen krigen yn de omkriten fan Surhústerfean. In
protte famyljes geane werom nei dizze Betsje. Sy hie in dochter Doedina Hoeksma
(1840-1896) en dy wurde de frou fan Siebe Oedses Bos (1841-1919), en dizze Siebe
wie de pake fan Hindrik Bos dy't oppakt wurde troch de Dútsers. Doedina har
heit, Wiemer Jacobs Hoeksma wie in âldere broer fan Jan Jacob Hoeksma
(1811-1873), ien fan de oerpakes fan Henk Hoeksma. Jan wie troud mei Fetje Jans
Scholte (1817-1895).
Noch
eefkes in ferhaaltsje oer Henk syn oer-pake Johannes Hoeksma (1874-1952)
"Jehannes
Hoeksma wenne oan de Dûmny Visserwei yn Houtigehage, yn in lyts boerespultsje.
Simmers holp hy boeren wol yn 'e haaiïng en moast dan meane mei de seine. Hy
gie ek wol mei syn soan Japik en dy syn soan Jehannes nei Beets te turfstekken.
De gewoante wie dan, as se sneons nei hûs gienen, eefkes oan te stekken om in
slokje. Op in kear joech pake jonge Jehannes ek in slokje. Dy wie dat al
hielendal net went en doe't dy dat spul priuwde, spuide hy it fuort wer út.
"Och, jonge", sei pake Jehannes, "hoe koest dat no dwaan. Dat
skoandere guod. Hie my dat no mar yn 'e mûle spuid!" Dizze pake mocht ek
stommegraach rabarber mei rezinen der troch. Letter wennen hy en beppe Durkje yn
'e Kompenije. Doe't hy ris op in dei nei Houtigehage nei soan Japik stapte,
krige hy ûnderweis lêst fan syn hart. Letter hat Dirk pake op 'e fyts wer nei
hûs brocht. Pake siet op 'e pakjedrager!
Jelle yn Kanada
Staand v.l.n.r.: Sjoukje, Dirk , Andries, Tjetsje, Johannes,
Jan
Zittend v.l.n.r. : Jacob Hoeksma en Trijntje Andries van der Wijk