OP ZOEK NAAR ROOTS - 191


Hûsbrân mei wol ien fan de slimste dingen wêze dy't in húshâlding oerkomme kin. Der baarnde froeger wol gauris in hûs of in skuorre ôf. Myn âlden ha dat ek meimakke doe't ik noch mar in lytse beuker wie. Dat moat yn it midden fan de tritiger jierren west ha. Dat hûs stie op 'e Drifte by Droegeham. Ik leau dat it kaam fan in peteroalje stel dat ûndersteboppen rekke. Hjoed-de-dei komt hûsbrân net sa folle mear foar. Dat komt ek om't hûzen better boud wurde, der wurdt net sa folle strie mear brûkt, de kachels binne feiliger, de skuorren wurde boud fan oar materiaal, ensf.

Yn 1943 is it hûs fan de famylje Japik en Anne Storm yn 'e Petten yn Harkema ôf baarnd. Dat wie dus yn 'e oarloch dat al in minne tiid wie. Japik en Anne krigen 11 bern. En dan gjin hûs mear! Sy hienen krekt in baarch slachte en dy hong yn de skoarstien te droegjen. Dy is doe ek ferbaarnd. En Anne hie allegearre sokken breide foar har grutte keppel bern. Dy leinen netsjes opteard yn in lyts kastke en dat wie gelokkich krekt op tiid út it baarnende hûs helle. Mar...wylst dat earne bûten stie, is dat kastke stellen wurden en oare bern sil dy sokken wol droegen ha. Eigen bern hienen gjin lekkere waarme eigenbreide sokken dy winter. Der is doe al gauëftich in soart needwenning delplakt wurden en dêr ha se in skoft yn wenne. Yn 1955 is it gesin fan Japik en Anne op in boerespul kaam flak achter de âlde buorkerij fan Evert van Wieren oan de Blauhústerwei. Japik Storm hie dy buorkerij kocht fan Toop Hoogsteen, en dy stie oan de sânreed achter van Wieren. Hy hie der ek in molkrit by, mei hynder en wein. Hy brocht de molke al hielendal nei it molkfabryk yn Gerkeskleaster. Japik hat op dat spultsje buorke oant syn sechtichste jier ta en doe is hy mei frou en 3 bern nei de Tille ferhûze. It buorkjen wie dien. Dy man en frou ha ek in hûdfol wurk dien.

In soan fan Japik en Anne, Bareld Storm, wennet noch op 'e Tille en hy wurket foar Haitsma. Bareld sit op in grutte kraan en moat skippen losse dy't dêr oankomme mei grint út Switserlân en mei sân út Dútslân.

Ik kaam op it spoar fan Japik Storm doe't ien my it dikke stambeamboek oer RUISCH tastjoerde. Doe't ik dêr wat yn om bleddere, seach ik ynienen 'Surhústerfean' stean en de namme fan Bareld Storm. Dat kaam om't syn frou in Ruisch is, nammentlik Tineke Ruisch. Ik hoopje op de Ruisch-famylje werom te kommen yn juny sadree as wy werom komme út Amearika. Dêr wenje ek in bult Ruischen.

Japik Storm en syn frou wienen Art. 31, mar geane no nei de Kristlike Grifformearde Tsjerke yn 'e Ham. Dy tsjerke kin ik wol aardich goed om't ús Hamster famylje dêr froeger ek hinne gie, lykas Sjirk en Tiete Kooistra en Janke Kooistra. No noch wat mear oer de Storm famylje. Bareld (1949-) is dus troud mei Tineke Ruisch (1951-), en sy ha twa bern: Sonja en Jacob.

Bareld is in soan fan Jacob Storm (1906-1975) en Antje Broersma (1910-2004), dy't beide út Harkema kamen.

Antje is in dochter fan Jan Waatzes Broersma (1874-1926) en Antje Aizes van der Heide (1874-).

Sy hie ek in broer Waatze Broersma (1903-1971) dy't troud wie mei Gelske van Wieren (1909-), in suster fan Evert van Wieren.

Jacob Storm wie in soan fan Rinze Jelles Storm (1870-1951) en Elizabeth Sierks Bijma (1868-1926?), in dochter fan Sierk Barelds Bijma (1835-1917) en Geertje Hendriks Nieuwenhuis (1840-1881). Rinze Storm wie in soan fan Jelle Sjoukes Storm (1819-1890) en Liefke Jans Oedzes (1833-1904), dochter fan Jan Jans Oedzes (1794-1865) en Jantje Hendriks Kielstra (1799-1838).

Jelle Storm wie in soan fan Sjouke Rinzes Storm (1779-1856) en Sjoukje Jetzes Bosma (1774-1844). Ik tink dat der bergen minsken yn Harkema en omkriten wenje dy't op de iene of de oare manear famylje binne fan dizze Storm-famylje.

Jelle yn Kanada


de Storm buorkerij mei:  Geertsje & Romkje en harren nichtsje Coby.