Doe't
ik lêstendeis Ymkje Van Ooyen-Hoekstra yn Amearika fertelde dat ik in mailtsje
krigen hie om't ik in stikje yn ROOTS [ROOTS-187] skreaun hie oer har en har
man, wie se fuortynienen nijsgjirrich fan wa dat kaam wie. Ik sei tsjin har:
"Ik lês it jo eefkes foar, sa oer de tillefoan. Dat mailtsje gie sa:
"
Toen ik 14 jaar was werkte ik als enigste en jongste bediende bij Van Ooyen in
Surhuisterveen ...." Ynienen rôp Ymkje: "Dat is fan Lytse Klaas. Ik
wit it fuort wol! Wy neamden him Lytse Klaas want myn man hiet ek Klaas, en dy
neamden we dan Grutte Klaas. En Lytse Klaas wie ek mar lyts want hy wie noch mar
14-15 jier âld doe't hy by ús kaam, sa út de skoalbanken wa. Mar dat wie in
beste wurker. Hy wist presys wêr't alles lei, of stie, of hong. Hy rûn as in
hazze, koe geweldich mei de klanten opsjitte, en myn man koe gerêst in dei of
sa fuort gean, want Lytse Klaas rêde him wol en alles rûn gewoan troch. Dat
wie geweldich. Hy koe alle minsken op 't Fean en yn Harkema, oeral. Myn man hie
noait sa'n goeie saak krigen as hy Lytse Klaas net hân hie!"
Dat
wienen Ymkje har earste wurden en gedachten. Doe't ik har fertelde dat Klaas yn
Koog aan de Zaan wennet en in ENORM-saak, is soarte izerwinkel hat, sei Ymkje: 'Dat
ferwûndert my neat want dat siet wol yn Lytse Klaas. Hy tocht oeral oan en om.
Wat bin ik bliid dat it him goed gien is, en no soe ik wol graach syn adres ha
wolle."
Dat
frege Klaas my ek yn syn mailtsje dat hy my stjoerde nei't syn broer Willem him
it ROOTS-187 ferhaal oer Van Ooyen tastjoerd hie. En sa ....ferbynt ROOTS âld-Feansters,
en ek wol guon fan oare plakken. Dat makket my hiel bliid!
Ymkje
hat my ek noch in lange brief skreaun en dêr hat se it ek wer oer Klaas. Sy
skriuwt: "Klaas wie part en diel fan ús winkel, krekt as de spikers en de
hammers. Hy lei syn hiele hart yn ús saak, as wie it syn eigen. Hy wie altyd op
tiid, altyd fleurich. En....hy koe ferkeapje! Gjin wûnder dat it him sa goed
gien is. Dat siet der al betiid yn!"
Wa
is Klaas Veenstra eins? Klaas fertelt yn ien fan syn mailtsjes dat hy yn't
begjin in ryksdaalder yn 'e wike krige, mar dat hy nei in pear jier 30 gûne yn
'e wike fertsjinne by Van Ooyen op 't Fean. Dat wie hiel wat yn dy tiid, krekt
nei de oarloch.
Klaas
(1929-) is in soan fan Oebele Veenstra en Janke Land. Dizze húshâlding wenne
neist de âlde RIMBA, wêr't se ramen en letter berneweinen makken. Ik ha al ris
earder wat harren skreaun. Dat stiet yn ROOTS-30 wat de lêzers fine kinne op it
net, op myn website. Yn dat ferhaal fertel ik wat oer Klaas syn broer Willem
dy't - per ûngelok - master Tsjoelker mei in griene earte tsjin syn reade wang
oan skeat. Dat wie yndied per ûngelok, want Willem wie fjirder in hiele beste
jonge, allinne in bytsje ûndogensk soms. Mat dat wienen we allegearre wolris.
Klaas
is troud mei Klaasje Sekema út Kornhorn.
Oebele
Veenstra (1894-1975) wie in soan fan Sjoerd Veenstra (1862-1906) en Anna
Kamminga (1869-1937) dy't in dochter wie fan Oebele Bienses Kamminga (1828-1922)
en Ybeltsje Folkerts Klazinga (1833-1920). Sjoerd Veenstra wie in soan fan Roel
Sjoerds Veenstra (1837-1907) en Lutske Sakes Hamstra (1837-1909). Roel Veenstra
wie in soan fan Sjoerd Jilts Veenstra (1810-1874) en Willemke Roels Pot
(1810-1890). No noch eefkes werom nei Klaas syn mem Janke Land (1892-1962). Dat
wie in dochter fan Albert Klazes Land (1866-1940) en Teikje Willems Bos (
1873-1946). Albert en Teikje krigen 17 bern en wennen yn Harkema! Albert Land
wie in soan fan Klaas Land (1825-1883) en Jantsje Hendriks Ritsma (1827-1911) en
de Land-famylje ha ik wolris neamd. Sjoch mar nei ROOTS-78 oer master Land.
Jelle yn Kanada
Staand v.l.n.r.: Sjoerd, IJbeltje, Willem, Lutske, Teikje
Zittend v.l.n.r. : Klaas, Anna, Oebele Veenstra & Janke Veenstra-Land,
Albert