Yn
1956 wennen der trije jonge, bliere ferpleechsters yn in gedielte fan in suster
hûs, yn ien grutte sliepkeamer, yn Drachten. Dêr sliepten se allinne mar, en
se ieten yn it Protestantske sikehûs oan de Drachtster feart. Alle trije
susterkes wienen yn de oplieding en wurken en studearren tagelyk. No is it al
2006 en lêstendeis krige ik in mailtsje fan in tantesizzer fan ien fan dy trije
susters. Sy hie yn ien fan de ROOTS-ferhalen wat lêzen oer Houtigehage en seach
ek de namme fan Dû. Hofstra. Dat wie har pake. [ROOTS-28]
Nei
wat hin-en-wer e-mailjen, die blieken dat 'suster' Hillie Hofstra har tante wie.
En.....no hat myn frou Ali - ek ien fan dy trije susters - Hillie in brief
skreaun.....50 jier letter. Hillie wennet yn Dútslân, tichteby de grins fan
Switserlân. Sy is as bern opgroeid yn Houtigehage en siet by my op de mulo yn
Drachten yn de selde klasse. Hillie hat ferpleechster west yn Hollân, en ek in
jier yn Switserlân. Letter is se nei Dútslân gien wêr't se troud is en dêr
krige se ek har bern, in soan en in dochter. Har man wie keunstskilder en is in
pear jier lyn ferstoarn. Dy oare suster, Ali van der Meulen, is yn maaie 1956
mei my nei Kanada gien en wy ha dus no al 50 jier yn dit moaie grutte lân wenne.
Dat wienen dus twa fan de trije susterkes: Hillie en Ali.
No
nûmer trije noch. De tredde jonge suster kaam út Grinzer Pein, flakby Kornhorn,
en wennet al jierren yn Amearika, yn de staat Washington, oan de westkust fan
dat grutte lân. Sy en har man Rients Dijkstra ha earst in pear jier yn Súd-Afrika
wenne, mar binne yn 1958 nei Amearika gien. Alle trije susterkes binne dus de
wide wrâld yn tein. Dat hienen se nea tinke kinnen doe't se mei elkoar yn de
oplieding foar ferpleechster sieten yn Drachten. Sy binne alle trije troud en
binne ek by de tsjerke bleaun, en ha ek probearre dat troch te jaan oan de bern
dy't alle trije krigen ha.
Nûmer
trije is Tietie Kielstra (1934-), eins is har namme Tietje Sijke. Tietie hat in
protte famylje op it Fean en yn Surhuzum. Sy is in dochter fan Hendrik Kielstra
(1900-1983) en Derkje Veenstra (1904-1996). [sjoch foto]
Tietie
troude yn 1956 yn Súd-Afrika mei Rients Dijkstra út Hitzum by Frjentsjer wei
en sy krigen 5 bern. Mar se moasten, krekt as wy ek, ien grutte soan fan 37 jier
wer ôfstean oan de Heare. Rients wie eins masine-bankwurker mar hat ek
hinneboer en letter noch feeboer west yn Amearika. Sy wenje in hiel ein by ús
wei en it is te fier om der eefkes hinne om in bakje kofje. De ôfstân is
om-ende-by de 4700 kilometer. Ali en Tietie ha no wer kontakt fia de tillefoan.
Tietie
har heit wie in soan fan Jeen Kielstra (1872-1956) en Trijntje Weening
(1875-1946) dy't oan de Achterwei wennen. Der rûn ek in paadsje by harren hûs
lâns nei de Grifformearde Tsjerke. Hindrik hie ek in broer Freerk Kielstra dy't
troud wie mei Martsje Storteboom, dochter fan Hendrik Storteboom en Lutske Oost.
Theun van der Meer fan 't Fean is ek famylje fan dizze Kielstra's, fia syn mem.
Jeen Kielstra wie in soan fan Hendrik Kielstra (1832-1893) en Aaltsje Jakobs
Hoeksma (1834-1899). [ROOTS-143]
Trijntje
Weening wie in dochter fan Freerk Wiebes Weening (1843-1925) en Tietje Wiebes
Kootstra (1844-1929). Hjir sitte we yn de selde famylje wêr't Freerk Weening
(1913-1987) ek út komt. Freerk wie troud mei Antje van der Veen (1914-1994)
dy't froeger ek nei Kanada gien binne.
Tietie
har mem Derkje Veenstra (1904-1996) wie in dochter fan Andries Minderts Veenstra
(1862-1929) en Lutske Holtrop (1867-1929), dochter fan Derk Holtrop en Reina
Renkema. Andries Veenstra wie in soan fan Minderts Andries Veenstra (1835-1927)
en Grietje Sjoerds Boonstra (1822-1898).
Jelle yn Kanada
Staand v.l.n.r.: Klaas, Grietje, Andries, Jen, Sijke, Tietie,
Reina
Zittend v.l.n.r. : Lutske, heit Hindrik Kielstra en mem Derkje Veenstra,
Trientje