OP ZOEK NAAR ROOTS - 194


Stikjes skriuwe foar ROOTS en fiskjen lykje wol wat op elkoar. As jo te fiskjen geane witte jo nea wat jo fange sille. Somstiden is't neat wurdich. Dan wol it deagewoan net. Mar in oare kear ha jo ynienen gelok. Net dat jo dat ferwachte hienen, mar it kaam samar  ûnferwachtst. Sa is't ek mei stikjes foar ROOTS. .Soms krij ik ynienen in nije namme tastjoerd en dan ha ik al gauëftich genôch gegevens foar in nij stikje.

Ik bin de namme Hoeksma wol gauris tsjin kaam sa troch de jierren hinne. Sels yn myn famylje paperassen ha ik de namme fan de Hamster Hoeksma's wol ris sjoen. Doe't myn beppe Hinke yn 1918 ferstoar oan de Spaanske Gryp wie myn pake ek siik, te siik om mei te gean op de begraffenis fan syn jonge frou fan 30 jier. De akte fan ferstjerren seit dat Hielke Hoeksma, arbeider en 53 jier âld, en Atze Hoeksma, feehâlder en 46 jier âld, tegearre nei Bûtenpost reizge binne om dêr it ferstjerren fan Hinke Hamstra-Nicolai oan te jaan. Doe't myn pake ferstoar yn desimber 1942 , wie der in ferkeaping yn jannewaris 1943. It listke fan de spullen dy't dy deis ferkocht wurden, joech ek oan dat 'een kalve koe' ferkocht wurde oan Sake Hoeksma út Droegeham foar 615 gûne.

Yn ROOTS-190 ha ik it oer de Hoeksma's fan Boelensloane hân en dêryn freget Henk Hoeksma oft syn Hoeksma's ek besibbe binne oan de Hoeksma's fan Droegeham. No krige ik in e-mailtsje fan Simon Hoeksma út Droegeham en dy kin Henk no moai fjirder helpe mei syn stambeamwurk. Sa helpt de iene de oare.

Ien fan de dochters fan master Germ Hoeksma út Droegeham hat my al ris in eksimplaar tastjoerd fan it moaie boekje 'Scharrelen op de Tilleweg' en dêr stiet ek in moai ferhaaltsje yn oer in pear frijgesellen út de Ham, in omke en in âld-omke fan dy dochters fan Germ Hoeksma. De iene is Atze Hoeksma (1876-1962) en dy oare is  Marten Wagenaar (1851-1926). Atze moast omke sizze tsjin Marten dy't in broer wie fan Atze syn mem. Dat wienen beide mannen fan 'e klok. Klokslach 6 ûre jouns ite, net in minút earder en net in minút letter. Sy gienen pas efter de pet as de klok seis sloech. Sy hienen in húshâldster, Aukje Oostra, en beide mannen hienen wol wat niget oan har. Atze-om is doe mei har troud en doe wie 'voor Marten de room er af', seit it boekje. Hy siet letter faak allinne yn de foarkeamer en it pearke siet dan yn de koken.

As bern hearde ik de namme Hoeksma wol gauris neamen want myn beide pakes ha wol foar guon fan dizze Hamster boeren wurke, yn 'e haaiïng en sokke dingen. As jonkje hearde ik de namme Romke-Line ek wol en no wit ik dat dy Hoeksma ek op de Ikkers wenne, flakby myn pake dy't dêr ek wenne, mei noch oare Hamstra's.

Simon Hoeksma is amtner op it gemeentehûs fan Kollum. Syn famylje hat jierrenlang buorke yn de Hamsterpein, en dêr buorkje syn broers Douwe en Dictus noch. Dy pleats wie froeger fan Dictus Postmus. Dy syn dochter Teatske troude mei Simon Hoeksma, en sa kaam dy pleats dus yn de Hoeksma-famylje. In protte fan de Hoeksma's fan Droegeham hienen buorkerijen, en guon fan harren buorkje noch, al giet dat hjoed-de-dei wol wat oars as froeger fansels.

Ik wol noch in lyts ferhaaltsje troch jaan sa as dat beskreaun wurdt yn dat boekje 'Scharrelen op de Tilleweg'. Dat siet sa: Sjoerdtje en har suske, famkes fan master Hoeksma woenen graach te reedriden mar se hienen gjin redens. Har mem sei: "Gean mar nei de twa omkes ta en freegje dy mar om redens, en sis der dan mar by: "Ús suster Hylk hat redens krigen fan Sake om". Dat wie ek in Hoeksma fansels. De twa suskes doarsten it mar amper te freegjen en stinden noch al wat foardat de grutte fraach der út kaam. De omkes hienen wol yn de gaten dat se wat ha woenen en holpen harren geweldich. Doe't de fraach derút wie, foel it genôch ta. "Het resultaat was verbluffend. Atze-om sprong op en in de kortste keren liepen wij met hem op straat. De schaatsen werden gekocht, wij kregen geld voor de leren banden die bij de schoenmaker werden gehaald. Atze-om prentte ons in dat als wij een stuiver te weinig hadden, we die bij hem moesten halen, en als we een stuiver te veel hadden, we die weer bij hem moesten inleveren. Er viel tenslotte niet met de erfomen te spotten."

Dit sil bard wêze rûn 1920-25 yn Droegeham.

Simon (1959 -) is in soan fan Taeke Simons Hoeksma (1934-) en Sijke Douwes Zwart. (1933-) Taeke is in soan fan Simon Taekes Hoeksma (1909-1994) en Teatske Dictus Postmus (1909-1986 ), dochter fan Dictus Klazes Postmus (1871-1915) en Hinke Wijtzes Reitsma (1873-1942).

Simon wie in soan fan Taeke Simons Hoeksma (1884-1959) en Joukje Johannes Couperus (1880-1984) dochter fan Johannes Geales Couperus (1842-1896) en Margaretha Jans Hulshoff (1846-1884).

Taeke wie in soan fan Simon Gerbens Hoeksma (1838-1889) en Grietje Sakes Wagenaar (1848-1915).

Master Gerben Hoeksma wie in broer fan dizze Taeke Simons Hoeksma. En in oare broer fan Germ wie Atze en dan wie der noch in broer Sake.

Bygeande foto lit guon fan de Hoeksma's sjen.


Jelle yn Kanada


     

  Op deze foto staan mijn grootouders, Simon De tweede foto is van dezelfde datum. Hierop zitten Simon en Teatske
  Hoeksma en Teatske Hoeksma-Postmus en en daarachter staan hun kinderen: Geert van der Zaag en Hinke

  mijn overgrootmoeder Joukje

van der Zaag-Hoeksma, Taeke Hoeksma en Sijke Hoeksma-Zwart,
  Hoeksma-Couperus. Deze foto is genomen Dictus Hoeksma en Klaske Hoeksma-Wijbenga.
  tijdens het 50-jarig huwelijksfeest van Simon
  en Teatske. Mijn overgrootmoeder heeft de
  hoge leeftijd van 103 jaar bereikt.