OP ZOEK NAAR ROOTS - 196


"...dat Hij mij in dit jammerdal toeschikt." Sa stiet it yn Zondag 9 fan de Heidelbergse Catechismus. Dat learden wy froeger as bern al, mar wy begrypten der net folle fan. Mar as jo âlder wurde, kriget soks dochs wol mear wearde. Ik tocht oan dy útdrukking doe't ik yn Amearika yn it froegere plakje Frisia stie wêr't in groep Friezen yn 1853 in nije takomst begûn. It hiet no New Amsterdam en it is mar in lyts doarpke. By dy groep út 1853 wie ek in widdo: Antsje Kooistra-Piekema. Sy en har man moasten ien fan harren bern efterlitte op it tsjerkhôf fan Arum. Doe moasten se twa bern yn de Atlantische Oseaan begrave, en al gau dêrnei ferstoar har man Japik Kooistra op it eilân de Bahamas oan longûntstekking. En doe noch in jonge yn de nedersetting Frisia yn de Steat Wisconsin. In skoftke letter ferstoar se sels, en in pear jier letter sneuvele har soan Silas yn de slach fan Gettysburg. Doe wie der noch mar ien soan oer fan dat hiele gesin, en no trof ik krektlyn in neisaat fan dy iene soan, nammentlik Erin Coster. [sjoch ROOTS-33]


Dy wurden út de Catechismus kamen my ek yn't sin doe't Heine van der Veen út Bûtenpost my in mailtsje stjoerde mei wat fragen oer syn famylje-woartels. Dêrby fertelde hy ek wat dingen oer syn foarâlden. Hy skreau: "Ik ha in âld bibeltsje fan myn heit krigen - in erfstik út de famylje - mei wat oantekeningen en âlde advertinsjes. Ek ien fan myn oer-pake en beppe. As jo dat lêze, sjogge jo dúdlik dat de minsken froeger ek wol wat mei meitsje moasten". Heine skreau my ek wat syn oer-pake en beppe, Sije Hendriks van der Veen en Eelkje Martens de Vries, yn in advertinsje setten:

            "Trof ons voor een half jaar een zware slag door het overlijden van onze jongste dochter IJbeltje, daarna kleinkind Sije, voor 6 week onze schoondochter Sjoukje, heden werd ons door de dood ontnomen, onze geliefde dochter Akke van der Veen, geliefde echtgenote van R.B.Brinkman. Sterke de Heere ons in deze voor ons zoo zware beproeving. Ps. 90:6 (berijmd). Uit aller naam S.H. van der Veen. Kooten, 25 mei 1919."  De Spaanske Gryp hie ek hjir syn wrede wurk ferrjochte.

Heine van der Veen út Bûtenpost hat sels ek by it grêf stien fan syn earste frou. Sy wurde yn 1991 op de Grinzer Strjitwei oanriden troch in auto. Har namme wie Annie van der Veen. Sy wie noch mar 46 jier âld.

Gelokkich komme der nei sokke drôve dagen ek wer bettere tiden. De sinne begjint dochs wer te skinen, al duorret it soms wol wat lang. Dat seit Ps. 94:8 (berijmd) ek: "De Heer zal in dit moeilijk leven, Zijn volk en erfdeel nooit begeven."

Heine van der Veen is al mei pensjoen gien en wennet yn Bûtenpost mei syn twadde frou, IJnskje Spinder, dochter fan Taeke Pieters Spinder (1891-1961) en Hendrikje Fokkes Weening (1892-1979) út Harkema. De Spinder en Weening famyljes ha ik wol ris neamd yn oare ROOTS-ferhalen. Tegearre meie Heine en IJnskje genietsje fan in rêstiger libben. Heine hat in protte famylje yn Kanada, ek flakby ús. Ik ha Heine Veerman en syn broer en susters al ris neamd yn ROOTS-19 en 171.

Heine (1945-) is in soan fan Sije van der Veen (1914-) en Pietje Buruma (1916-1993), dochter fan Sjouke Melles Buruma (1887-1951) en Loltsje Hendriks Jagersma (1887-1969).

Sije is in soan fan Heine Sijes van der Veen (1891-1979) en Sjoukje Jans Jansma (1896-1919). Heine troude letter wer mei Ykje Pieters Woudwijk (1900-1942). Trije fan de bern ha ik hjir yn Kanada wol goed kinnen. Dat wienen Antje (Anna) út it earste houlik, troud mei Louw Veerman [ROOTS - 19 & 171] en dochter Akke en in soan Theunis út it twadde houlik. Hja gienen mei ús nei de selde tsjerke. Ik ha wol bern en berns-bern fan dizze minsken op skoalle hân.

Pake Heine wie in soan fan Sije Hendriks van der Veen (1854-1932) en Eelkje Martens de Vries (1854-1932). Dit wie it stel fan de hjir foar neamde advertinsje.

Noch eefkes werom nei Heine syn earste frou Annie van der Veen (1945-1991). Sy wie in dochter fan Jan Andries van der Veen (1909-1970) en Gepke Jans Drost (1914-2003) dy't in dochter wie fan Jan Ymes Drost (1890-1945) en Johanna Klazinga (1886-1970). De famyljes Drost en Klazinga ha ik wol ris neamd yn stikjes oer Master Tjoelker en oer de Hoogsteen's. [sjoch ROOTS-66 en 120].

Jelle yn Kanada