Glanerbrug! Al jierrenlang hinget by ús in
handoek yn 'e badkeamer mei in ôfbylding fan de Herfoarme Tsjerke fan
Glanerbrug. Dy ha wy al ris krigen fan in jongeman út dat doarp dy't mear as 20
jier lyn in heal jier by ús yn 'e kost west hat. Hy hat hjir staazje rûn by in
oannimmer, wat wy doe regele ha foar him.
En no krige ik lêstendeis in mailtsje fan in
Kooistra út dat selde plak. Nei wat hinne-en-wer skriuwen die al gau bliken dat
wy famylje fan elkoar binne. Hy is berne op ‘e Tille, hat ek yn Rottefalle
wenne, en yn 'e Pein, en letter yn Drachten. Dêr hat hy op de legere skoalle
gien en doe't hy yn de fiifde klasse siet, is hy oanriden wurden troch in auto.
Dat wie yn de winter en dat barde doe't sy as bern oant sniebaljen wienen. De
jonges sieten achter Gerrit oan en soenen him smite fansels. Hy rûn ûnferwachts
de wei oer en doe hat in auto him oanriden. Hy hat doe dagen lang yn in coma
lein en letter die wol bliken dat hy wol wat fan dy klap oer hâlden hie. It
learen op skoalle woe ek sa goed net mear en hy wie letter ek aardich
skrikkerich. As jongfeint is hy nei Enschede gien en hat dêre jierrenlang yn de
tekstyl wurke. Mar ....hy hat ek koster west, en wol fan dyselde Herfoarme
Tsjerke dy't wy op ús handoek stean ha. En ...hy naam dy funksje oer fan de
heit fan ús kostgonger! Wat is de wrâld mar lyts.
No blykt dat in omke fan dizze Kooistra op 't
Fean wenne hat. Dat wie Sjoerd Kooistra, in broer fan syn heit. Sjoerd hie noch
in broer, Rinze, mar it giet no om Wierd want dat is de heit fan de skriuwer fan
de mailtsjes. Syn namme is Gerrit Kooistra en hy is yn 1939 berne yn Koaten.
Syn heit Wierd Kooistra wie yn Dútslân berne
en dat joech letter noch wolris wat swierrichheden, foaral yn de oarloch. Hy
moast as Dútser nei de Heimat komme om dêre te wurkjen. Mar dat woe hy net en
doe is hy wer nei Nederlân flechte. In skoft letter wurde hy wer oppakt en hat
yn it kamp fan Amersfoort sitten. Mar dêr wist hy ek wer te ûntsnappen. Doe ûnderdûke
fansels, mar yn't ein fan 1944 krigen se him wer te pakken. Hy siet moai achter
hûs te ierappel skiljen en ynienen stienen de Dútsers op it hiem. Doe hat hy
in skoft yn in wurkkamp sitten yn Frankryk, mar hy ûntsnapte wer en is doe
stikem mei in trein nei Nederlân werom gien. Hy siet ferstoppe ûnder de trein
en sa is hy wer yn Nederlân terjochte kaam. Earst yn Breda, en letter wer yn't
heitelân. Dy man koe maklik in boek skriuwe oer al syn belibbenissen, foaral yn
dy oarlochstiid.
Gerrit Kooistra gie dus nei Enschede en hy is dêre
ek troud mei Jantsje de Groot. Sy krigen twa bern: in soan dy't no 38 is en in
dochter dy't no 31 is. Gerrit mei no genietsje fan syn pensjoen. Hy hat my ek
wat nammen tastjoerd út syn takke fan de famylje en no blykt dat der wol wat
bekende nammen tusken sitte. Ik seach de namme Folkert Nicolai (1912-1988) ek.
Dy wie troud mei Etje Jonker (1912-1974), in suster fan Gerrit syn mem.
Gerrit (1939-) is dus troud mei Jantsje de
Groot (1942-), en hy is in soan fan Wierd Kooistra (1910-1970) en Reintje Jonker
(1917-1983) dochter fan Sietse Jonker (1880-1941) en Wietske van der Velde
(1882-1939) minsken út Houtigehage. Wietske wie in dochter fan Rein van der
Velde (1844-1908) en Etje Brouwer (1853-1928), en Sietse Jonker wie in soan fan
Willem Jonker (1850-1922) en Foekje Geertsma (1844-1911).
Wierd Kooistra wie in soan fan Roel Kooistra
(1882-1947) en Tetje Botinga (1886-1926) dochter fan Gerrit Botinga (1851-1917)
en Janke Vlietstra (1853-1891). Roel Kooistra wie in soan fan Wierd Kooistra
(1855-1915) en Anna Veenstra (1865-1937) dochter fan Roel Sjoerds Veenstra
(1837-1907) en Lutske Sakes Hamstra (1837-1909). Wierd Kooistra wie in soan fan
Rinze Klazes Kooistra (1819-1863) en Loltsje van der Heide (1825-1886). In broer
fan Wierd wie Hendrik Kooistra (1847-1917) dy't troud wie mei Romkje Buursma
(1841-1929) en dat wienen myn foarâlden. Sa komme Gerrit út Glanerbrug en ik
yn Kanada dus by elkoar.
Jelle yn Kanada