In moanne-of-wat lyn ha wy by it
grêf stien fan dû. van Raalte, yn Holland, Michigan, en ek by it grêf fan dû.
Scholte, yn Pella, Iowa. Dat hie ik nea tinke kinnen dat de ferhalen fan froeger
op skoalle en op de knapenferieniging op 't Fean nochris werkelikheid wurde
soenen. As bern hearden wy al oer de dûmny's dy't al ridlik gau nei de ôfskieding
fan 1834 nei Amearika gienen en dêr doarpen stichtsje woenen. Wat wienen der ek
spannende boeken oer dy minsken! Boeken lykas 'De Huilende Wildernis' en 'Landverhuizers'.
Jo seagen it al yn de gedachten hoe't dat dêr gie. Net maklik!
Doe't wy yn Iowa oankamen mei de
grutte bus en in pear nachten yn it moaie plak Orange City wienen, ha ik in
neisaat fan Arnoldus Ruisch opbelle. Ik hie syn namme krigen fan in dame út
Denver, Colorado, dy't my in hiele bult paperassen tastjoerde oer dizze grutte
famylje. Wêrom in ROOTS-stikje oer RUISCH? Dat sit sa: Tineke Ruisch út
Koatstertille is troud mei Bareld Storm [sjoch ROOTS-191] En...myn frou Ali van
der Meulen komt ek út it RUISCH-nêst. Sy en Tineke binne dus fiere famylje fan
elkoar. En...dy man út Orange City ek! Hy fûn it prachtich om Ali te moetsjen
en mei ús te praten oer syn famylje yn Fryslân. Wy ha gesellich by him en syn
frou op tee-besite west. Orville Beltman en syn frou Marjorie ha ús letter wat
rûnriden yn Orange City en ek yn in oar plakje, en doe ha wy nei in pear
tsjerkhôven west. Wy ha stien by de grêven fan de allerearste Ruischen dy't yn
de 1800's út de Dokkumer Wâlden nei Amearika gien binne. Dat bin dus de foarâlden
fan dizze Orville Beltman. Syn mem wie in Ruisch-dochter. Guon fan dy âlde
sarken wienen hast net mear te lêzen, mar wy koenen it dochs ûntsiferje. De famylje RUISCH hat in
stambeam dy't hiel fier werom giet. Der sit ek blau bloed yn dy famylje en as
alles is sa as it beskreaun stiet, wurdt dat bloed hieltyd blauwer hoe fierder
as jo werom geane! It foel my op dat de Hollânske Amerikanen in grutte
ynteresse toane yn harren ôfkomst. In protte ha dan ek wurk makke fan harren
stambeam. Orville wit ek in protte oer syn famylje en is dêr knap wiis op. No wol ik hjir dizze trije
loaten fan de RUISCH-beam eefkes sjen litte. Der binne folle mear fansels mar ik
lit no eefkes dizze trije sjen. Ik begjin mei Tineke want dy hat de namme noch
en is dus it tichtste by de stamme. Tineke (Trijntje) Ruisch (1951-)
is dus troud mei Bareld Storm, en sy is in dochter fan Arnoldus Ruisch en
Sieuwke van der Zwaag. Dizze Arnoldus is in soan fan Elle Ruisch en Aafke Bosma.
Elle wie in soan fan Arnoldus Ruisch en Anna Kuitert, en Arnoldus wie in soan
fan ELLE Ruisch en Saakje de Jong. Ali van der Meulen (1935-) is in
dochter fan Wytze van der Meulen en Wytske Hoekstra. Wytze wie in soan fan Anne
van der Meulen en Dieuwke Haalstra, dy't in dochter wie fan Wytze Haalstra en
Jeltje Lammerts Ruisch, en Jeltje wie in dochter fan LAMMERT Ruisch en Ybeltje
Feddema. Tineke's ELLE Ruisch en Ali's
LAMMERT Ruisch wienen broers en dêr komme dy beide dames dus by elkoar. Orville Beltman (1929-) is in
soan fan Gerrit Beltman en Mildred Ruisch, en sy wie in dochter fan Gerrit
Ruisch en Marie Frederiks. Gerrit wie in soan fan Dooye Ruisch en Aaltje Dirks
Reiding, dy't yn 1855 yn Metslawier trouden. Dooye wie in soan fan Willem Ruisch
en Dirkje Buwalda. Willem wie in soan fan Dooye Ruisch en Yttje Popes, en hy wie
in soan fan Willem Casperus Arnoldus Ruisch en Aukjen Elles. Tineke, Ali, en Orville komme by
elkoar by dat lêste spantsje: Willem en Aukjen! Jelle yn Kanada
|
|
Tineke Storm-Ruisch | |
Jelle en Ali Kooistra-van der Meulen | |
Orville en Marjorie Beltman |