Yn Nov. 1998 hie ik een stukje skreaun oer Sam Mozes dy't greach syn 'roots' witte woe, en foaral oer syn Beppe Bregtje Mozes. Dêr is réaksie op kaem fan in lêzer út 'e Ham.
En Sam út Californië wit no syn 'roots'. En dêr is hy goed bliid mei. Wa hie ea tocht dat hy dat útfyne soe fia in âld Feanster Canadees dy't yn kontakt kaem mei Sam troch it Internet. Een lytse wrâld hjoed de dei. 'k Bin bliid dat Sam no wit wa't syn heit en mem, mar foaral wa't syn beppe wie, en syn hiele fierdere MOZES foarâlden, tobek oan roun 1800 ta.
Roun 1914 of krekt dernei is een jongfeint, Gerrit Mozes, dy't berne wie yn Surhúzum, út Nederlân gien, en is begûn te farren op'e grutte feart. Det tinkt Sam teminsten. Hy wit dat net fêst en seker. Syn heit Gerrit praatte altyd oer de sé, oer it wetter, en soms naem hy lytse Sam mei nei de oséaan en fertelde hoe moai as it wie om te farren.
Sam fertelt:
Myn heit seach altyd nei de boaten, en soms naem er my mei nei de haven fen Oalkland yn Californië en dan seagen wy nei dy grutte skippen yn 'e haven. Miskyn tocht myn heit wol: 'k woe wol dat ik wêr farre koe op 'e grutte oséaan.
Bregtje Mozes troude, nei't sy Gerrit krigen hie, net mei de heit fen lytse Gerrit, Alle de Haan. Alle ferstoar yn 1895 as 'ongehuwde' soan fen syn âlden. Hy wie noch mar 26 jier.
Bregtje sil wol húshâldster wurden wêze, miskyn wol trije kear. De Burgerlijke Stand fertelt ús dat sy troude: earst mei Minze de Meer, letter yn 1912 mei Willem Ystra, en yn 1916 mei Riemer Bakker. Bregtje har earste man wie skipper. Is Gerrit miskyn mei syn mem mei gien fen skip nei hûs, of fen hûs nei hûs? Wa sil it sizze? Hy is yn elk gefal begûn te farren.
Neffens Sam is Gerrit op 10 augustus 1920 yn Baltimore, Maryland, yn Amerika telâne kaem, en is dêr oan wâl bleaun. Dat is de datum dy't Sam fûn hat op het offisieele formulier dat syn heit ynfolde om Amerikaans boarger te wurden.
Hie hy genoch fen it farren? Is hy yllegaal Amerika binnen kaem? Sam syn mem, Lottie Rubin, fertelde Sam dat syn heit op de grutte feart siet, en dat hy út de mêst fallen wie en op 'e holle telânne kaem wie.
Letter skriuwt Gerrit op een formulier dat syn lêste wenplak foar Baltimore wie: Kingston, Jamaica, en dat hy de namme fen de boat net mear wist. Hy skreau: Boat: S.S. UNKNOWN (onbekend).
Gerrit Mozes komt telâne yn Californië. Dêr trout hy mei Sophie op 14 april 1925, mar dit houlik draait op neat út. Sy skiede op 13 april 1928. Der wiene gjin bern.
Gerrit trout yn begjin 1929 mei een Russysk famke fen 17 jier, Lottie Rubin. Sy wie mei har âlden flechte út Ruslân flak foar de earste Wrâldoarloch en belânnen ek yn Amerika, yn Oakland. Dat wurd Sam syn jonge mem fen 17 jier yn 1929.
Syn heit hie in lyts bidriuwke wêr't hy accus makke en dy by de klanten bisoarge. Sam tinkt dat syn heit dêr kanker fen krigen hat, fen al dat prutsen mei sink en lead. Sam is wol gauris mei syn heit op stap west by de klanten lâns.
It twadde houlik gie ek net sa bjusterbaarlik. Sy ferskilden miskyn te folle yn leeftyd.
Gerrit begûn wer te swalkjen en belânne allinne yn Los Angeles.
Oer 2 wiken fertel ik mear oer Sam.
Jelle Kooistra