OP ZOEK NAAR ROOTS - 20


Yn ‘e oarlochstiid en letter ek wol kaem ien kear yn ‘e moanne Hendrik Schievink fan ‘e Ham by ús om de preemje foar in libbensfersekering of foar it sikefûns op te heljen. Hjoed kin jo dat by de bank betelje of fia de giro oerskriuwe litte, mar doe moast dat noch ophelle wurde. Mem seach altyd út wannear as Hendrik komme soe want dan koenen se eefkes moai gesellich prate oer de Ham, mar foaral oer de tsjerke en geastlike dingen. Mem en Hendrik sieten beide mei it dwaen fan iepenbiere belidenis fan it leauwen. Der moast eins earst wat bysûnders barre yn in minske syn libben foar dat jo wisten dat it goed en echt wie tusken God en de sûndaar.

Ik wit noch skoan dat Mem op in kear fertelde: ‘Hendrik Schievink hat hjir fan ‘e moarn west en hy hie grut nijs. Hy hie frijmoedichheid krigen, wie nei de tsjerkeried gien, en hie belidenis dien en soe dat in pear wiken letter op in snein yn ‘t iepenbier dwaen yn ‘e Kristlike Grifformeerde Tsjerke yn ‘e Ham.' Dêr wurde lang en breed oer praat by ús oan tafel, en dat makke wol in djippe yndruk op my. ‘Der moast earst wol hiel wat barre!'

Sels wie ik al 24 jier âld do't ik it dien ha yn de Kristlike Grifformeerde Tsjerke yn Chatham, Ontario. Mem wie al oer de 50 foar dat sy fielde dat sy der klear foar wie en hat it doe dien yn Drachten, yn de Kristlike Grifformeerde Tsjerke. Een âld man sei letter ris tsjin my: ‘Jonge, as wy der fan ús kant klear foar binne, dan binne we al yn ‘e himel. God makket ús klear! Hy stiet altyd klear om sûnders te ûntfangen.' Dat wie, tocht my, in goed antwurd.

Hendrik Schievink wie fiere famylje fan ús. Dat wist ik doe net fansels, en ik tink dat Mem dat ek net wist. Der wienen ek safolle Schievink's yn ‘e Ham, yn Harkema, op ‘t Fean, en op oare plakken. It tilde fan dat folk. Sommige minsken skreaunen it mei een ‘g' en oaren mei een ‘k' oan ‘t ein.En it ferbân tusken al dat folk wist net ien. En dochs wienen wy wol famylje fan mekoar. Dat siet sa: Hendrik Schievink (1919-1982) dy't troud wie mei Tietje Laanstra (1917-), wie in soan fan Jan Baukes Schievink (1879-) en fan Yttje Martens van Houten (r.1882-). Dizze Jan wie in soan fan Bauke Hendriks Schievink (1827-1902) en fan Elizabeth Jans Spoelstra (1844-1902), en Bauke wie in soan fan Hendrik Durks Schievink (1794-1848) en fan Maaike Jans van der Hoog (1792-1841). (Wy hienen froeger in muoike Maaike dy't neamd wie nei dizze Maaike van der Hoog.) Bauke hie in suster Wytske Hendriks Schievink (1819-1888) dy't troud wie my Jelle Pieters Hamstra (1822-1896), en dit pearke hie in soan Pieter Jelles Hamstra (1849-1888), de postrinner fan ‘e Ham, dy't troud wie mei Aaltje Johannes Kramer (1845-1928). Harren soan Jelle Pieters Hamstra (1884-1942) troude mei Hinke Jelles Nicolai (1888-1918), dy't yn ‘e Spaanske Gryp stoarn is in Novimber 1918. Myn Mem wie harren âldste dochter en wie troud mei Hendrik Kooistra. En sa is dat Schievink-sirkeltje ek wer roun makke.

Jierren letter siet ik yn it bestjûr fan een Kristlike Universiteit yn Ontario, en wa trof ik dêr ek as bestjûrslid? John Schievink. Eefkes prate fansels en doe fertelde hy my: ‘Ja, ik bin in soan fan Hendrik en Tiete.' Hy wie learaar en groete my letter wol gauris mei: ‘Hallo, fiere neef!' Hendrik is rom hjir wei gien, en syn widdo Tiete Laanstra is ôfkomstich út Surhúzum en ek fiere oantroude famylje fan ús. Sy is letter wer troud mei in oprjuchte Kristen, Marten van Dijk. Tietje is in dochter fan Klaas Geerts Laanstra (1888-1975) en fan Geertje Harms de Haan (1887-1971). In broer fan dizze Klaas wie Tjidsger Geerts Laanstra (1890-) troud mei Henderina Eilander (1896-). Dit pearke ha ik lêstendeis neamd yn ferbân mei in stikje oer Jistrum. De âlders fan Klaas en Tjidsger wienen Geert Annes Laanstra (1848-1927) en Tjitske Johannes van Minnen (1855-1890). Tietje en har twadde man wenje yn ‘t selde Hûs foar Alden fan Dagen as myn tante Aaltje van der Ende-Hamstra, suster fan myn mem, yn Whitby, Ontario.

Jelle yn Kanada